• 6 februari 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn de boppeseal fan it Tryatergebou stiet in tafel, stuollen, ien foar regisseur Ira Judskovskaja, ien foar komponist Peter Sijbenga. Oer de flier lizze kabels, der is in elektryske piano, yn in plestik kistke dat op in stoel sit in lyts knoppepaniel. ‘Ie-oe, ie-oe-ie-oe’, docht Peter. Op syn holle spegelet it helle ljocht fan de neonlampe oan ’e soudering, as er sjongt [...]