Hesíodos fan Askra
KLAAS BRUINSMA –
Winter yn Bojotia (Midden Grykelân) r. 504-553
Mij de moanne Lenáioon mei minne dagen, mar gaadlik
oksen te strûpen – mij ek de riten fan froast, dy’t mei wredens
delkomme oer de ierde, wannear de Noardewyn pûstet,
dy’t út it hyndersfokkende Thrakia waait oer it seewiid,
dat er jaget. Dan giere en gûle de lannen en wâlden.
Gâns heechkrunige ikebeammen en grouwoeksen dinnen
komt er tenei yn’e dellings fan’t berchtme en smakt er op ierde
dy’t sa mannichien fiedt. Dan droan’alle ûnbidige bosken.
Wylde bisten rydboskje en stekke de sturt ûnder’t efterst,
sels dy waans hûd mei bûnt is bedutsen. No blaast sels troch hár syn
kâlde amme, al is harren boarst tsjok mei hierren bewoeksen.
Bóreas giet ek troch d’oksehûd hinne; dy kin him net keare.
Ek troch in fynhierrige geit waait er hinne; mar skiep mei har fluezen
waait de krêft fan de Noardwyn alhiel net trochhinne, fanwegen
tsjokkens fan harren wolhier. – Hy makket d ’âld man ta in draver.
Ek waait er net troch it jonge fanke mei sêfte hûd hinne,
dy’t yn ’e hûs aloan bliuwt by har eigen mem binnedoarren,
omt ja net wit fan’t wurk fan d’ yn goud sa rike Afrodite.
Hat hja har teare hûd goed wosken en glânzich mei oalje
ynwreaun, dan giet hja lizzen, djip yn in herne fan’t wenhûs,
winterdeis, as it bist sûnder bonken oan d’eigene poat gnaut.
yn syn hûs sûnder fjoer, dy’t is syn sombere wente.
Nammers, de sinne toant him dan net in fêst plak foar in oanfal,
mar hja draait as in spinwiele rûn oer it folk en de steat fan
donkere minsken; pas letter skynt hja foar alle Hellenen.
Dan begjinne de dieren fan ‘t wâld, dy’t hoarnen of net ha,
aaklik te kriezeltoskjen en troch de strewellen yn dellings
flechtsje hja, want de herten fan allegear binne yn noeden,
hoe’t hja, op siik nei beskutting, in hecht beskûl krije kinne
en in rotshoal. En dan, in trijeskonkige man lyk,
ien waans rêch brutsen is en waans holle sjocht nei de grûn ta,
lyksa rinne hja om, troch de wite snie hinne doarmjend.
Klaai dy yn dat seizoen, ta skut fan ‘e hûd, sa ’k dy oanried,-
yn in sêfte fynwollen mantel oer ‘t himd oant de fuotten.
weevje in protte wolle fan d’ ynslach yn lytssteande skearing
Dêrmei moatst dy omklaaie, dat net dyn hier stiet te triljen,
net rjocht oerein ferrist en op hiel de lea stiet te húvrjen.
Byn om de fuotten goedpassende learzens fan ‘t fel fan in okse,
daat mei geweld. En fuorje fan binnen se tsjok mei in filtlaach.
Komt it seizoen fan de froast, naai dan gear mei in sine dan d’okse
fellen fan pasberne bokjes, om dy op dyn rêch dan te dragen
as in beskutting tsjin ’t reinen. En set op ‘e holle in fraaie
strakke mûtse fan filt, om dyn earen te hoedzjen foar wietens.
Kâld is ommers de moarntyd, wannear de Noardewyn delkomt.
Fier fan de stjerrike himel leit ier yn ‘e moarntyd oer d’ierde
dize, dy’t goede weet bringt op d’ekers fan lokkige minsken.
Dy damp wurdt ôfdreage fan de rivieren, dy’t altyd streame,
en wurdt troch fleagen fan stoarmwyn optild heech boppe d’ierde.
Soms wurdt dy dize ta rein tsjin ‘e jûn, en soms ta waaien,
as de Thrakyske Noardewyn tsjokke wolken ferhutselt.
Taljochting
Yn de 7eieu foar Kristus libbe de Grykske dichter Hesíodos, dy’t de grûnlizzer wie fan it didaktysk (learend) epos. Syn wichtichste wurk is Wurken en dagen. It is in oantrún ta arbeid en rjocht, in foech boerekalinder mei in taheakke oer seefeart en húshâlding, stjerrekunde en foarsizzings. Hy behannelet de lange en swiere wrakseling fan de boer mei de swarte ierde en de eleminten. Syn Wurken en dagenas boerekalinder is te fergelykjen mei de ‘Friesche Boerepractica of Prognosticatie’ fan Petrus Baerdt. Dy man wie teolooch, wiskundige en dokter (1590-1670?).