Goede foarnimmens

Publisearre op 18 januari 2010

SJOERD BOTTEMA – 

De skoalle dêr’t ik wurkje, hat fan de ynspeksje it predikaat ‘zeer zwak’ krigen. Tefolle sittenbliuwers, tefolle sakkers, tefolle ôfheakkers. Gelokkich ha wy in direksje dy’t it der net by sitte lit en fan trochpakken wit: yn myn postfakje fûn ik in espeltsje A4’s mei dúdlike ynstruksjes hoe’t ik tenei lesjaan moat. 206 ‘gedragsindicatoren’ en 42 ‘aandachtspunten’. Yn it taheakke ‘verbeterplan’ stiet dat ik in ‘maatje’ tawiisd krij, in kollega dy’t ek net wit hoe’t it heart. De bedoeling is dat wy elkoar helpe, myn maat en ik.

Ynspirearjende lektuer, ik ha daliks in listje mei goede foarnimmens makke:

1      Tenei sil ik om it sizzen jaan fan dejingen dy’t boppe my steld binne. Ik sil har geboaden en rjochtlinen mei oerjefte folgje, ‘verbaal en non-verbaal’, sawol de ‘aandachtspunten’ as de ‘gedragsindicatoren’.

2      Tenei sil ik problemen posityf benaderje en net langer om de oarsaak hinne draaie. De grutskaligens fan de skoalle? Talittings- en oergongsnoarmen? Fermindering fan it tal lesoeren per fak? Maatskiplike feroarings dêr’t de skoalle amper ynfloed op hat? Nee hear, neat fan dat alles. De oarsaak is glêshelder: de learaar. Meitsje dysels neat wiis. Ik jou gewoan striemin les.

3      Ik sil net eamelje oer myn maatsje, dat dy stúthaspel ek net wit hoe’t je fan sûpe bûter meitsje en wêrom’t wy dan eins elkoars lessen beoardielje moatte – ik sil dêr net oer seure, de bline kin ommers de lamme helpe en oarsom, en dêr kin hiel wat moais út groeie, want twa witte mear as ien.

4      Ik sil myn tekoartkommings earlik oanjaan en it ‘verbeterplan’ beskôgje as in helpende hân, dy’t ik tankber oannimme sil. Dêrby sis ik swart op wyt ta dat ik my ferbetterje sil. Dat ik alles op alles sette sil om in ‘excellent leraar’ te wurden. Om foar te kommen dat it by goede foarnimmens bliuwt, jou ik oan watfoar ‘acties’ oft ik ûndernimme sil. Bygelyks it út ’e holle learen fan alle 206 ‘gedragsindicatoren’ dy’t my goedgeunstich oanrikt waarden troch dejingen dy’t boppe my steld binne: De 5 rollen die een docent iedere les laat zien. It Rollenboek. Ut hokker my oant no ta ûnbekend evangeelje is dizze wiisheid kopiearre? Faaks fertsjinnet it oanbefelling om dy hiele bibel fan foaren oant efteren mei oandacht te bestudearjen. Of in kursus te folgjen by de skriuwer(s). Miskien heart dêr wol in búktraining by. Want dat is ek ien fan de dingen dêr’t it neffens it Rollenboek op oankomt: ‘buikademhaling’.

5      Tenei sil ik ‘echt’ wêze, net gewoan echt, dat is gjin keunst, mar ‘echt’ yn de betsjutting dy’t it Rollenboek dêr oan jout: ‘laten zien dat je er zin in hebt’. Tsjin lestige learlingen sil ik ‘alleen dingen zeggen die je echt meent’, net de sljochtweihinne dingen, hoe echt ek, mar de hegere wierheid fan it evangeelje: “Goed je te zien. Vandaag gaan we er iets moois van maken.”

6      Tenei sil ik net ferbittere en soer, mar fleurich en loksillich by de yngong fan myn tsjerkje stean, in bemoedigjend knikje hjir, in skouderklopke dêr: “Hij is enthousiast, begroet de leerlingen, heet hen welkom en is oprecht geïnteresseerd. (…) Hier en daar maakt hij een opmerking, speciaal gericht tot een bepaalde leerling. Hij (…) gaat mee in hun belevingswereld en kent die belevingswereld (…). Hij (…) straalt uit dat ze welkom zijn.”

7      Yn tsjerke moat de pet ôf, mar dat hoecht net mei geweld. Tenei bin ik gjin bulderbast mar in ‘gastheer’: “Corrigeren (op bijvoorbeeld petjes) kan non-verbaal en met een glimlach”.

8      Tenei sil ik net op elke slak sâlt lizze en net eamelje oer guon rjochtlinen yn it Rollenboek (‘geen korte, bevelende instructies geven’) dy’t yn tsjinspraak lykje mei de ljochtsjende foarbylden dy’t ik achte wurd nei te folgjen (“Kijk me aan, monden dicht, pennen neer.”). Sokke tsjinstridichheden sil ik deemoedich beskôgje as hegere wiisheid dêr’t ik mei myn ienfâldich lesboereferstân net by kin.

9      Mei alles wat ik sis, sil ik ‘non-verbaal congruent’ wêze: “De docent kijkt de leerling recht aan en trekt even zijn wenkbrauwen op.” Ik lit my net op ’e kop skite, non-verbaal bliuw ik congruent: “Stevig op de benen, rechtop, wijzend naar de leerling. Zijn mimiek is daarmee in overeenstemming. Krachtig, gefronst. Hij spreekt met luide stem.”

10   Tenei sil ik der net as in sek sjudden by stean mar ‘rechtop’, ik sil de kop net hingje litte mar ‘het hoofd boven het lijf’ hâlde, ik sil myn azem net willekeurich ûntsnappe litte mar sykhelje fia de búk. Ik sil in lieder wêze: “Non-verbaal staat hij sterk en straalt hij leiderschapsgedrag uit. Zijn hoofd recht, zijn benen iets uitelkaar, brede gebaren makend, kortom: zelfverzekerd.”

11   Ik sil it Rollenboek trochjaan oan al myn freonen en kunde yn it ûnderwiis. 206 gedragsindicatoren, 42 aandachtspunten. Stik foar stik spikers mei koppen. En hielendal congruent mei it verbeterplan, sawol verbaal as non-verbaal. Hjir komt de skoalle en hjir kom ik grif in hiel ein fierder mei. Wa wit hoe fier’t ik it noch skoppe kin. Excellent leraar, dat ik soks op myn âlde dei noch meimeitsje mei.

12   Ik sjoch mei langstme út nei de ferbjustering fan de learlingen, dy’t grutte eagen opsette sille as ik alle stappen fan it verbeterplan trochrûn ha, ik en myn maatsje, as ik my de 206 gedragsindicatoren eigen makke ha, as ik foldoch oan alle 42 aandachtspunten op it observaasjeformulier en eksellearje as ‘gastheer’, ‘presentator’, ‘didacticus’, ‘pedagoog’ en ‘afsluiter’: “Hij geeft de leerlingen positieve feedback, zowel verbaal als non-verbaal. Hij kijkt tevreden in het rond.”

13   Ik sil my net fan de wize bringe litte troch de reaksje fan de learlingen at se dwers troch my hinne sjogge, at se tinke dat ik hielendal gek wurden bin, at se har de bûsen útskuorre.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 9 (2010),  1 (jannewaris).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels