De Fryske Akademy (1938-2004)

JOHAN FRIESWIJK –

Yn de Nederlânske wittenskiplike wrâld liket de Fryske Akademy in nuveraardich ynstitút. Fansels, der binne mear regionale ynstellings op dat mêd, as bygelyks de lytse IJsselakademy yn Kampen of it wer wat gruttere Sociaal Historisch Centrum voor Limburg yn Maastricht, mar dy hawwe net de omfang en de breedte fan de Akademy. De Akademy – ‘wittenskiplik sintrum fan Fryslân’ – is boppedat sûnt 1990 ferbûn mei de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW). Dat bestjut dat de Akademy foar in diel finansierd wurdt troch it Ryk en om de safolle jier beoardield wurdt op syn wurk troch in ynternasjonale fizitaasjekommisje.

Under de KNAW-ynstituten – it Meertens-ynstitút (foar folks- en nammekunde), it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis (IISG) en it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) binne bekende foarbylden – is de Akademy it ienige regionale ynstitút. De provinsje Fryslân jout ek in fûnemintele finansjele bydrage oan it Akademywurk. De Akademy is net (as de oare ynstituten) in ûnderdiel fan de KNAW, maar dêrmei lieard. Dy formeel selsstannige posysje hâldt ferbân mei de spesifike posysje fan de Fryske taal, sa`t dy fêstlein is yn de Bestjoersoerienkomst tusken de provinsje Fryslân en it Ryk. Fierders jout de Akademy romte oan ‘sneupers’, foar harren is nêst de profesjonele saakkundigen in plak ynromme yn ien fan de trettjin wurkferbannen, yn in rûnte of in wurkgroep.

In Fryske Akademy fan Wittenskippen

Al soe it noch sawat 25 jier duorje foardat it sa fier wie, de idee fan in ‘Fryske Akademy fan Wittenskippen’ kaam yn 1914 foar’t earst te praat. Ds. Sipke Huismans fan it Kristlik Frysk Selskip neamde doe in eigen akademy wichtich foar de Fryske striid: ‘Wy moatte mannen fen wittenskip hawwe, dy’t oan de Fryske tael- en histoarjestúdzje hjar libben wije – wy moatte in Academy fen Fryske Wittenskip to Ljouwert hawwe’. Dy ‘Akadeemje’ moast dan soargje foar de drege boeken, dêr’t de skoalmasters it materiaal út helje koene om har bern de skiednis fan Fryslân by te bringen.

Sûnt it opdoeken fan de Frjentsjerter hegeskoalle yn 1811 hie de provinsje Fryslân ommers gjin universiteit mear. De kultuer yn Fryslân wie dêrtroch lange tiid en fierhinne in ‘skoalmasterskultuer’. Der bestie yn Fryslân net in ynfrastruktuer, dy’t wittenskipsbeoefening stimulearre. It Friesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde fungearre sûnt de oprjochting yn 1827 as foarum foar alle (populêr-)wittenskiplike aktiviteiten op it mêd fan de argeology, de folkskunde, de skiednis en de taalkunde fan Fryslân. It earbiedweardige selskip joech sa út en troch ek wichtige publikaasjes út. De boeken fan Klaas Uilkema oer Het Friesche boerenhuis (1916), fan P.C.J.A. Boeles oer Friesland tot de elfde eeuw (1927) en fan P. Sipma oer de Oudfriesche Oorkonden (diel I, 1927) wiene dêr sprekkende foarbylden fan. Dêrnêst waarden yn Fryske blêden as It Heitelân en Sljucht en Rjucht sa út en troch populêr-wittenskiplike bydragen publisearre op argeologysk, skiedkundich of folkskundich mêd.

Mar mei de groei fan de Fryske beweging yn de jierren tusken de beide wrâldoarlogen, it nije libben dat de Jongfryske Mienskip ûnder de jongerein brocht en de ferdûbeling fan it tal Fryske útjeften (fan noch gjin tweintich yn it twadde desennium fan dy ieu nei fjirtich yn de jierren tritich) kaam der ferlet fan nije ynstânsjes, benammen op it mêd fan it ûnderwiis. Yn febrewaris 1917, soe Wumkes bepleitsje dat ienris it Fries Genootschap útgroeie soe ta in ‘Fryske Acadeemje fen Wittenskip en Kinst’, nei analogy fan de grutte Koninklijke Academie van Wetenschappen. Sa’n ynstitút seach er net as in eksklusyf en elitêr ynstitút, mar earder as in sintrum fan wittenskip yn relaasje mei en ornearre foar it Fryske folk. De provinsje soe in subsydzje fan / 5000 jaan moatte. Op útstel fan AR-deputearre Pollema skreau Wumkes yn 1918 in taljochting op in adres oan it Provensjaal Bestjoer fan Fryslân, dêr’t er in ‘Bureau voor Cultuur-historische publicaties [… ] onder leiding van een wetenschappelijk man’ bepleitte. Hy konstatearre dat der op tal fan mêden sokke leemten bestiene, ‘dat een speciale instelling daarvoor geen weelde, maar eisch van onzen tijd mag worden genoemd’. Der wiene tenminsten 25 jier nedich om dy efterstân yn te rinnen. Yn 1919 kaam Wumkes der nochris op werom. Dêrnei waard it in tiid stil.

Yn de twadde helte fan de tweintiger jierren feroare de oant dan ta ôfsidige bliuwende provinsjale oerheit syn koers oangeande de Fryske taal en kultuer. Op it Grutfrysk Kongres fan 1927 bepleitte kommisaris fan’e Keninginne P.A.V. van Harinxma thoe Slooten it oprjochtsjen fan in provinsjale ûnderwiisrie. Wumkes wie yn dy tiid foar de kommissaris syn riedsman op it mêd fan it Frysk, somtiden as in beliedsamtner Frysk avant la lettre. ‘In wichtige stap ta de Godsfrede wie bard. It Gewestlik Bistjûr en de Fryske Biweging kamen tichter byinoar’, oardiele Wumkes by it ta stân kommen fan de Provinsiale Underwysrie (PUR) yn 1928. Mar net elkenien wie like bliid mei dy ynstitúsjonalisearring. De Fryske beweging wie tusken de beide wrâldoarlogen ommers weinich mear as in troch persoanlike skelen ferskuorde grienmank fan persoanen, groepen en groepkes. In ferpyldere beweging boppedat, dêr’t minsken, nettsjinsteande harren mienskiplike stânpunten oangeande de Fryske taal, yn libbensskôglik en ideologysk opsicht fier útelkoar rûnen. Dat wie mei de reden dat tal fan ynisjativen, dus ek de útstellen om ta in Fryske Akademy fan Wittenskip te kommen, lizzen bleaune.

Pas op in gearkomste fan’e Provinsiale Underwysrie yn april 1932 brocht prof. Titus Brandsma, bestjoerslid fan it Rooms Frysk Bûn en heechlearaar yn Nijmegen, it plan foar in ‘Fryske Akadeemje fen Wittenskippen’ op ‘en nij te praat. Brandsma tocht dêrby, oars as Wumkes, oan in beskate rûnte fan Frysk-pratende en Frysk-skriuwende wittenskippers. Mar de PUR oardiele dat de tiid dêr noch net ryp foar wie. Dochs kamen der yn de tritiger jierren mear lûden oer it ferlet fan in Frysk wittenskiplik ynstitút, bygelyks yn 1936 en 1937 fanút de Federaesje fan Fryske Studinte-Forienings. Boppedat waard op it Grutfrysk Kongres fan 1937 besletten om ‘een Friesche studiekring te vormen, die bouwstoffen kon verzamelen voor de samenstelling van een nieuw Friesch woordenboek’. Dat frege in koördinearjend buro. Datselde jier stelde de PUR út foar it ûnderwiis in histoarysk-geografysk buro foar ‘Heimatkunde’ op te rjochtsjen.

Dat doe’t Titus Brandsma ein febrewaris 1938 de Akademy dochs wer op’e wurklist fan de PUR sette, krige Wumkes de opdracht om der neier oer te rapportearjen. Hy oerlei mei kommissaris fan’e Keninginne Harinxma thoe Slooten. Wumkes wie mei in swier moed nei de griffy rûn, mar ferliet ferromme it gebou: ‘Mei in klear bigryp, in ré tankwurd en mei de folle ynset fan syn persoan sei de Kommissaris daelks syn stipe ta. En dêr is it binammen oan to tankjen dat de saken sa gau har bislach krige ha’.

Alhielendal iens wie men it noch net: moast de Akademy in lytse suver wittenskiplike rûnte bliuwe of ien dy’t iepenstie foar elkenien dy’t mei wittenskip oangeande Fryslân dwaande wie, leafhawwers likegoed as wittenskippers. By eintsjebeslút waard ta it lêste besletten. Om dochs it wittenskiplik karakter klam te jaan, waard – ek wer op útstel fan Brandsma – besletten foar it ‘logo’ it segel fan de Frjentsjerter Bibleteek te kiezen.

It ynstitút soe ynearsten syn wurk dwaan ûnder de wjukken fan de Provinsjale Underwysrie. It krige fan de PUR in startsubsydzje mei fan / 1500 (wêrfan / 800 foar útjeften) en fan de provinsje in oanrinsubsydzje fan / 3000, dêr’t tenei alle jierren wer / 500 fan ôfgean soe. Op de plechtige iepeningsgearkomste fan’e Akademy – it wie 10 septimber 1938 – liet Pieter Sipma as de nije foarsitter, mei in stim fol emoasje, oan it Fryske folk witte, dat er it nije ynstitút as ‘de kroane fen de Fryske Biweging’ seach. By dy gelegenheit ferwurde Sipma al de pretinsje dat de Akademy in grut part fan wat no de frisistyk neamd wurdt bestrykje soe.

It wurdboek

Lang bleau dy pretinsje beheind ta it wurk oan it (grutte) Wurdboek fan de Fryske Taal. Der moast earst in wurdboekapparaat makke wurde, dat wol sizze: kaartebakken fol mei Fryske wurden, mei siswizen en tongslaggen. Dêrút koe dan letter it wurdboek gearstald wurde. Frijwilligers waarden frege om te helpen by it ekserpearjen fan besteande boarnen en it garjen en fêstlizzen fan sprutsen taal yn Fryslân. Dêrby gong it benammen om saken dy’t net yn it âlde wurdboek fan Waling Dykstra stiene.

It útfieren fan dit ambisjeuze plan waard opdroegen oan Ype Poortinga, dy’t – sa fertelde Sipma – ‘ré foun waerd om for in minimale forgoeding, – om it sa mar to neamen, – wittenskiplik assistint to wirden. It wie ús hast to slim, mar de winsk om fen’e ein to setten mei it wirk, hat dien, det wy syn help oannamen’. Yn de hjerst fan 1939 krige Poortinga, dy’t allinnich moarns op de Akademy wurke, nei’t de provinsje subsydzje tasein hie, help fan twa meiwurkers. De earste jiergongen fan It Beaken steane fol mei listen fan minsken dy’t boeken ekserpearden, taaleigen opskreaunen of notearden wat se oan faktaal tsjinkamen. E.B. Folkertsma kaam in skoft ien moarns yn de wike om nij materiaal te bringen en ien of twa man wiene der dan drok mei beset om dat fuort yn kaert te bringen. Net allinich Folkertsma mar ek oare Fryske pommeranten wurken mei: Jan Melles van der Goot, Gooitzen Burgy, J.J. Hof, J.J. Kalma, S.J. van der Molen, Sjoerd van der Schaaf en Koos Wiersma. Mar Douwe Kalma bygelyks wer net. Nei twa jier sieten der 30.000 kaartsjes yn de kartoteek, nei trije jier 60.000 en nei de oarloch 100.000. Yn 1950 waard in nije ronde makke. Dêrta waard in seleksje makke út it skreaune Frysk út de perioade 1800-1950. Frijwilligers en tydlike krêften typten it materiaal út. En yn 1954 wiene der al 300.000 Wurdboekkaartsjes. Der waard útein set mei it hânwurdboek (dat yn 1956 ferskynde) en trochwurke oan it grutte wurdboek (dêr’t diel I fan yn 1984 útkaam).

Mei it wurk oan it wurdboek wie it personeel fan de Akademy folslein besteld. As it om dialektology of nammekunde gong, wiene it bestjoersleden en stipers dy’t foar de publikaasjes soargen. J.H. Brouwer en Sipma wiene bygelyks dwaande mei it Aldfrysk, Jan Jelles Hof joech omtinken oan de dialekten en G. Knop publisearre in stúdzje fan de Skylger dialekten. Der waard yn dy jierren benammen taalmateriaal sammele en yn it Taalkundich Wurkferbân waarden de risseltaten fan al dat wurk besprutsen. Yn 1956 sette de Akademy útein mei har filologenkongressen, dêr’t ek de skiednis en de literatuer omtinken krigen. Yn  de jierren sechstich ferskynden wichtige publikaasjes op taalkundich mêd: grammatika’s, taalatlassen, taaleigenstúdzjes en in rige útjeften fan Aldfryske teksten.

Wurkferbannen, sneupers en publikaasjes

It wurk fan de Akademy, en dat jilde net allinnich foar it wurdboek, soe pas goed útein sette yn de jierren nei de oarloch.. Op tal fan terreinen waarden wurkferbannen ynsteld, dêr’t fakgelearden en ‘sneupers’ elkoar moetsje koene. Troch de wurkferbannen waard oandacht jûn oan de nammekunde, de genealogy, de geakunde, de folkskunde en oan literatuerstúdzje. Wat de Akademy op dat mêd ta stân brocht wie dus benammen it wurk fan minsken, dy’t net profesjoneel oan de Akademy ferbûn wiene. Sa wie dr. G.A. Wumkes bygelyks al yn 1938 yn de foarkeamer fan it Coulonhûs úteinset mei it sammeljen fan materiaal foar syn biografyske wurdboek. Dat soe der noait komme, mar de grutte rispinge oan kaartsjes, oantekens en knipsels yn enveloppen is noch hieltiid op de Akademy te finen. Sa wiene der mear ferneamde meiwurkers. Dr. Obe Postma, dy’t sawat oan syn dea op de Kanselarij dêr’t doe Ryksargyf en PB sieten te finen wie, wurke foar de Akademy. De lettere PvdA-minister Anne Vondeling publisearre (yn 1942) in demografyske ûndersyk by de Akademy. En de genéalooch R.S. Roarda joech der de risseltaten fan syn iverich neisneupjen fan saken yn de argiven út. Der waarden troch de wurkferbannen jierboeken útjûn, boeken gearstald en publikaasjes foar it wittenskiplik tydskrift It Beaken gearstald.

Gâns stúdzjeprojekten waarden fanút de Akademyferbannen op gong brocht. Sa brocht it Geakundich Wurkferbân (mei Ment Wiegersma en S.J. van der Molen as driuwende krêften) op fersyk fan de gemeente as earste wurkstik de geakunde Baerderadiel út (1957). Sawat tweintich auteurs namen ien of mear aspekten foar har rekken. By de geakunde Wûnsereadiel die bliken dat dy formule eins te breed wie. Akademy-streekûndersiker J.J. Spahr van de Hoek krige de opdracht it manuskript yn te koartsjen ta de helte: ien (ek dochs wer tsjok) boek. It ferhaal oer Makkum wie al earder ta in aparte publikaasje makke. Sûnt folge by de Akademy noch in lange rige fan grietenij- en doarpskiednissen, meastentiids mei mear auteurs.

Foar grutte projekten wie de Akademy mei de al útwreide mar dochs noch ridlik lytse stêf dus net benaud. Der kaam fanút de Akademy yn 1958 in Encyclopedie van Friesland, dêr’t de haadredaksje (Jelle Brouwer) fan op it Coulonhûs siet, en mei ds. J.J. Kalma as buroredakteur. Ryksargivaris Van Buijtenen wie yn 1962 fan betinken der moast mar in hânboek foar de skiednis fan Fryslân komme. De direksje fan de Akademy fûn it in moai idee en der waard in earste gearkomste belein. De belangstelling wie fuortendaliks net hiel grut: nêst direkteur Jelle Brouwer en frou (fanwege it ferfier) wiene der in man út Snits en skiednislearaar Harm Oldenhof fan It Hearrenfean. Fierders wie der noch in kaartsje fan master Twerda om him ôf te melden, omt de lêste bus nei Bakhuzen fertrok op it momint dat de gearkomste begjinne soe. It waard dus in praatsje om de tafel. Dochs lei der fiif jier letter in Geschiedenis van Friesland, dêr’t gâns auteurs oan meiwurke hiene, benammen ek fan bûten it reguliere sirkwy fan de Akademy. It wie yn 1968 de earste provinsjale skiednis yn Nederlân. Yn de rin fan de jierren soe it tal histoaryske publikaasjes fan de Akademy mear en mear tanimme. De skiednis waard al gau it mêd dêr’t de measte Akademypublikaasje op ferskynden.

It streekûndersyk

In wichtich faset fan Akademywurk waard yn de jierren fyftich en sechstich it streekûndersyk yn de Wâlden, in grut histoarysk en sosjaal-wittenskiplik ûndersyk, betelle troch ZWO. It projekt soe gâns eleminten fan it ferdwinende karakteristike ferline fan it yn heech tempo feroarjende easten fan de provinsje dokumintearje moatte, ûndersykje en fêstlizze. Emigraasje en migraasje út de Wâlddoarpen waard doe foars stimulearre en de ferwachting wie, dat ûnderskate doarpsmienskippen yn koarte tiid in hiel oar karakter krije soene. De komst fan Philips nei Drachten wie de oankundiging fan in fierdere yndustrialisearring. De lêste plaggeketen en keten waarden opromme, de lânarbeider makke plak foar de masjine, en oerheidsjild waard ynset tsjin de earmoed en de strukturele wurkleazens.

Johan Spahr van der Hoek waard yn 1952 skriuwer fan de Wâlden-kommisje en hy soe oant 1980 de driuwende krêft wêze fan it streekûndersyk. Yn de adlike wente yn Olterterp, dêr’t no it Fryske Gea sit, kaam it Streeksintrum. Dat waard it moetingspunt fan al dyjingen, dy=t op de ien of oare wize oan it Wâldenûndersyk meiwurken: wittenskippers en bestjoerders, mar ek in grut tal frijwilligers en sneupers yn de regionale skiednis. Somtiden waard de dyk oerstutsen om yn It Witte Huis wat te iten of by in buorrel en in sigaar te evaluearjen en nije ynspiraasje op te dwaan. Spahr waard, ear’t er der erch yn hie, in ‘gratis avondvullend programma’ wurden, benammen foar doarpsrûnten en ôfdielingen fan de Plattelânsfroulju.

Der waard gâns materiaal sammele oer de sosjale en ekonomyske ûntjouwing fan dit gebiet, de migraasje, de sosjale netwurken en de demografy. Dêrfoar wie de âlde wynkelder fan jhr. Sandberg ta klûs omboud. Der waard troch Spahr en in grut tal frijwilligers in bulte wurk ferset. Fan belang wie de stipe fan Dam Jaarsma fan Easterwâld. Dy ‘hie it folle fertrouwen fan de faak fan oarsprong wat erchtinkende minsken “op de heide” mar wat er witte woe, dat fertelden hja him’, aldus Spahr. It streekûndersyk makke nammentlik nêst tradisjonele foarmen fan ûndersyk brûk fan de nije metoaden fan de sosjale wittenskippen as de enkête, it psychogram, it ynterview en it mienskips-selsûndersyk. Yn alle doarpen fan de Wâlden waarden fraachpetearen hâlden mei âldere minsken, neffens in fêst skema. Sa ûntstie in wichtige samling fan sosjale data oer de Wâlddoarpen út de tiid tusken 1900 en 1960. Jaarsma wie yn de jierren fyftich en sechstich fan de tweintichste ieu altiten op ‘e fyts ûnderweis foar dy ynterviews of om út ‘e folksmûle folkskundich materiaal op te tekenjen. Fan dat lêste is in protte werom te finen yn gâns publikaasjes, bygelyks yn de troch Akademy-meiwurker Ype Poortinga gearstalde boeken mei Fryske folksferhalen.

Ta in synteze fan it Wâldenûndersyk soe it net komme, mei trochdat it ‘folksaard’ -ûndersyk, dêr’t de skaeisoarch-saakkundige Haring Piebenga noch in hoartsje foar ynset waard, stykjen bleau. Spahr soe letter dat projekt yn net mis te fersteane termen beskriuwe. ‘It hat goed mis west om alle belangstellende gelearden fan fier en hiem yn dy kommisje op te nimmen. Al yn desimber 1954 siete der safolle fakulteiten om ‘e tafel, dat ik se net mear ûnderskiede koe troch it reekgerdyn fan al dy piipsmokers’. De wittenskiplike lat waard dus wat leger lein, en net sûnder sukses: yn totaal ferskynden 51 boeken, boekjes en spesjale Beakennûmers. Yn 1962 waard it ûndersyk mei de Visser-Neerlandiapriis bekroand.

Under de titels út de Wâldenrige sitte noch hyltiid gâns wichtige. Ik sil der twa fan neame. Yn De heidedorpen in de noordelijke Wouden (1959) beskreau Spahr van der Hoek de skiednis fan de lytse wrâld fan de heide, it sosjale libben sjen yn de eigen mienskippen, it mienskipsgefoel en de reservearre hâlding fan de heidebewenners foaroer in fijannige, boargerlike bûtenwrâld. In ferhaal oer in wrâld, dy’t no alhielendal ferdwûn is. De dissertaasje fan Spahr út 1969, Samenleven in Friesland, kin men sjen as de ôfsluting fan it Wâldenûndersyk. Spahr soe him yn dat boek ôffreechje ‘of er verschil in innerlijke samenhang bestaat tussen diverse nederzettingstypen, en – zo ja – of dat bepaald wordt door een fase in de sociale ontwikkeling dier nederzettingen, en voorts of er verband bestaat – en zo ja, op welke wijze – met de verhouding tot een andere gestructureerde omgeving’. De wurdkar yllustrearret al de stadige feroaring yn karakter fan de Akademy: it gie om wittenskip.

Wittenskiplik ûndersyk yn soarten

Dy feroaring waard nei 1960 op tal fan plakken dúdlik: yn de útwreiding fan it personeel en fan de gebouwen, de ferbreding fan it wurkterrein en de taname fan de aktiviteiten. Yn dat jier hie de Akademy 17 meiwurkers yn tsjinst; yn 1979 wiene dat der al 30. De taalkundige ôfdieling waard yn 1964 splitst: it wurdboek waard in aparte ôfdieling (dy’t him yn de sântiger jierren stadich útwreidzje koe) en literatuerskiednis, folkskunde en de maatskiplike problematyk fan taal en taalgebrûk waarden ûnderskieden dissiplines. Dêrfoar wie doe (noch) gjin formaasje beskikber. Wol waard op oantrúnen fan de provinsje yn 1964 in bestjoerskundige (Sytse Faber) yn tsjinst nommen, ynearsten foar de helte fan de tiid en yn 1966 folslein; yn 1972 kaam der in twadde by. Yn datselde jier waard Krijne Boelens beneamd as taalsosjolooch. It Ryk wie ynearsten nochal skruten om mei te beteljen oan it sosjaal-wittenskiplik ûndersyk, omt hja fan betinken wie dat de Akademy har beheine moast ta skiednis en taal. Mar de provinsje liet yn 1977 witte dat de útbou mei in sosjaal-wittenskiplike stêf nedich wie. Benammen gong it om de taalsosjology en de stúdzje fan de twataligens, mar ek in regionaal-ekonoom en twa nije streekûndersikers waarden neamd. Yn de folgjende jierren krige de Akademy in literatuerkundige (Philippus Breuker), op ‘en nij in taalsosjolooch (Durk Gorter, dy’t de oare helte fan syn tiid foar ZWO oan it ûndersyk Taal yn Fryslân wurke), in sosjaal-geograaf en in regionaal ekonomysk ûndersiker.

Yn 1981 bestie de wittenskiplike formaasje fan de Akademy al út 16,5 plakken (beset troch 19 minsken); seis jier letter wie dit oprûn ta 29,5 (35 minsken). Dy snelle útwreiding hie fan krijen mei it sneuveljen fan it eksperimint universitêre festiging Ljouwert by de besunigingsoperaasjes fan 1983. As kompensaasje waard it heger beropsûnderwiis yn Ljouwert útwreide en krige de Akademy der sân nije ûndersyksplakken by. Der koene noaparte fakgroepen foar skiednis en foar sosjale wittenskippen foarme wurde. Yn 1984 krige de Akademy boppedat it tafersjoch op de bysûndere learstuollen yn de frisistyk. Yn de njoggentiger jierren kaam der in doktoraaloplieding Frysk oan de Universiteit van Amsterdam, dêr’t de Akademy nau by behelle is. Fierders waard yn 2003 fanút de Akademy in bysûndere learstuol foar de midsieuwske skiednis fan de Fryske lannen oan de universiteit yn Leiden ynsteld.

Op dit momint bestiet de formaasje fan de Akademy yn totaal út 32 wittenskiplike formaasjeplakken. De fakgroep taalkunde (ynklusyf de wurdboekôfdieling) is de grutste, mei 11,8; de fakgroep skiednis komt op it twadde plak mei 8,8 en de sosjale wittenskippen hat der 6,6 (ynklusyf de Jeropeeske ôfdieling minderheidstalen). Foar de direkte en yndirekte tsjinstferliening oan it wittenskiplik wurk binne 22,7 formaasjeplakken reservearre.

De Akademy as motor

Wie de Akademy yn 1938 ûnstien ûnder tafersjoch fan de PUR, doe=t it ynstitút nei de oarloch selsstannich wurden wie, waarden der tal fan nije ynisjativen oan ferbûn. Dy begûnen ûnder de wjukken fan de Akademy, mar soene letter ferselsstannichje. It makke de Akademy ta de motor fan kuktureel Fryslân. Sa ûntstiene de Noordelijke Leergangen Ubbo Emmius (MU-opleidingen), it ‘Pedagogysk Adfysburo’, it Fuortset Boukeunstich Underwiis, de Bestjoersakademy en de Agogyske Akademy ûnder de wjukken fan de Akademy. De Akademy joech de tsjit ta de oprjochting fan de Ljouwerter Orkestferiening, dêr’t it Frysk Orkest út fuortkaam, en naam yn 1959 it ynisjatyf ta de oprjochting fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokuminitaasjesintrum.

Yn de jierren tachtich waarden de taken fan de Akademy werombrocht ta dy fan de wittenskip oangeande Fryslân, sa’t dat ek yn de statuten fêstlein wie. De direksje fan de Akademy konstatearre yn 1988 by it fiiftichjierrich bestean, dat de Akademy sûnt koart profesjonele wittenskippers op tal fan mêden yn tsjinst hie. Bygelyks wiene der no trije histoarisy yn tsjinst: foar de Midsieuwen (en nammekunde), de Nije Tiid en de Nijste Tiid. Dêrmei koe no it projekt fan it nije hânboek foar de skiednis fan Fryslân oanpakt wurde. Mar, konstatearre de direksje wol, der moast hieltiten wer op ‘en nij útlein wurde wat de Akademy net mear wie. Guon minsken hiene dêr noch wol ris in probleem mei, dat de útwreiding fan de Akademy foar fierdere spesjalisaasje yn profesjonele en wittenskiplike rjochting soarge. Soks hâlde ek ferbân mei de maatskiplike ûntjouwing: it tanimmen fan it gemiddeld opliedingsnivo. It fenomeen fan betûfte sneupers as Obe Postma, S.J. van de Molen, J.J. Kalma en oaren dy’t safolle foar de Akademy betsjutte ha, dat hie west. De ynbring fan opliede wittenskippers waard wichtiger en  yn syn algemienens naam de betsjutting fan de wurkferbannen foar it wurk fan de Akademy ôf. Men sjocht it ek werom yn it tal publikaasjes: op dit momint is de produksje (en dêr wurdt de Akademy by de fizitaasje op ôfrekkene) mear as hûndert wittenskiplike en mear as fyftich populêr-wittenskiplike titels it jier. It tal publikaasjes fan de wurkferbannen naam ôf fan tsien yn it ferslachjier 1996/1997 ta fiif no. In útsûndering ûnder de wurkferbannen foarmje it Genealogysk en it Archeologysk Wurkferbân, mar dy beweechje harren op in mêd dêr’t – sa bewize elts jier wer it Genealogysk Jierboekje en de archeologyske kronyk fan De Vrije Fries – de amateur noch in wichtige ynbring hat.

Fanâlds hat in grut tal fan de rom trijetûzen stipers in hechte bân mei de Akademy. Dat hie bygelyks bliken yn 1956, doe’t it Coulonhûs útwreide wurde moast. Troch in kommisje ûnder lieding fan LC-redakteur (en letter Akademydirekteur) Keimpe Sikkema waard yn de provinsje / 95.000 ophelle. Letter soe it Akademykompleks lâns de Grienewei en yn de Doelestrjitte gâns útwreide wurde.

Ek de finansiering fan de Akademy lit de ûntjouwing yn de tiid sjen. Ynearsten waard de Akademy allinnich troch de provinsje Fryslân subsydearre. Yn 1947 wie dat bedrach fan  / 7000 ferhege nei /37.000. Yn 1956 begûn it Ryk mei te beteljen (/ 30.000). Yn 1990 waard al twa kear safolle Rykssubsydzje jûn fanút de KNAW as fanút de provinsje; yn 2002 lizze dy bedraggen wer tichter byelkoar: fia de KNAW i 1.450.394 en fan de provinsje i 971.656, wylst de Akademy sels i 1.054.450 byelkoar swile foar ekstern finansierde projekten.

Sokke sifers roppe de wurden yn omtinken, dy’t dr. Geart Ailco Wumkes, ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy út de jierren fyftich fan de foarige ieu útspruts. ‘Jow en jimme scil jown wirde; in goede yntreaune, skodde en oerrinnende miette scil men yn jimme skirte jaen. Dat wurd út de Berchrede, dat is fan tapassing op ús Fryske striid en benammen op ús Fryske Akademy. Se sil oanwinne yn krêft, se sil groeije en se sil bloeije, tot der hannen tekoart komme’. Hy wie der wis fan: de Akademy soe ta in grut, manmachtich ynstitút wurde.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.