It folk mist de wittenskip

Publisearre op 1 december 2003

Fan ‘e hjerst ferskynde in Steatebibel-tsjok skiedniswurk oer de rige doarpen te’n noard-easten fan it Hearrenfean: Terbant, Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat. In boek oer de skiednis fan dy doarpen, om krekter te wêzen. It is in bysûnder wurk foar de leafhawwer en der stiet in almeugend soad yn. Mar it mist de dissipline en it oersicht fan de histoarikus; ien as Johan Frieswyk bygelyks hie moai wat gatten stopje kinnen en guon skriuwers oanfiterje ta gruttere prestaasjes.

Neffens Siebe Siebenga fan ‘e útjaande wurkgroep hat it wurk gjin histoarysk-wittenskiplike pretinsje. De redaksje hat der net iens op sind om der ris mei nei de Akademy ta gean, sei er. Sa hat in boeiend boekwurk in wiffe status krige – wat om mear as ien reden spitich is.

Der wurdt op’t heden in soad sneupt en dien, gauris wurk dat tsjin ‘e histoaryske en sosjale wittenskip oan hinget, en dat der mei in bytsje begelieding in grutte ferriking fan wêze koe. Nim it ûnbidige skips-argifearingsprojekt fan Sicko van Albada: dy sit alle dagen yn ‘e argiven om te sneupen. Sjoch wat Jan Post mei syn eigen kurieuze publikaasjes bewrot, gewoan om’t er syn Grutte Gelyk oer de Fryske Midsieuwen oanienwei troch bewize wol. It tilt hjir op fan klubs om âldheidkeamers en musea hinne, dy’t gauris heal en dûbeld wurk dogge. Trije houtbou-projekten yn Fryslân. In Skûtsje-, in Skipfeart- en in feanwinningsmuseum. Aldheidkeamers by de rûs, guon mei mear as gewoane frijwilligers. Men wurdt as boekbesprekker bedobbe ûnder útjeften fan sneupers mei in niget dy’t djipper stekt as hobby. Geregeld moat men dan mei lichte teloarstelling fêststelle dat it mei al dy ynset en enerzjy krekt net wurden is wat it wêze kinnen hie. Ik ha in planke fol miste kânsen by myn hoeke Frysk.

In moai skoft hat de Fryske Akademy de ynstânsje west dêr’t sokke inisiativen mei leafde op-, oan- en bytiden oernommen waarden. Dat wie ien fan de funksjes dy’t de fiif leden fan de Provinsiale Underwiisrie op 30 maaie 1938 foar eagen stie doe’t hja de stjit joegen ta it oprjochtsjen fan in ‘Fryske Akademy fen Wittenskip’. Mefrou Anne van der Minne-Buma en de hearen G. Wumkes, J.H. Brouwer,  J. Botke en W. Kok fûnen de moeting fan gelearde autodidakten en profesjonele wittenskipslju sa wichtich dat hja de oare deis it epiteton ‘fen Wittenskip’ ferfalle lieten. It wie in professor, Brandsma, dy’t útstelde om dy beide wurden mar te skrassen om it iepen karakter oan te jaan.

Sûnt hawwe net- en heale wittenskipslju har yn it waarme broeinêst fan it Coulonhûs ûntjaan kinnen, of de kwaliteit fan har wurk dêr gâns ferbetterje litten. De sneuper-sjoernalist Sytse Jan van der Molen hat mei stipe fan lju fan de Akademy wit-wat bydroegen ta de Fryske folkskunde, de skiedskriuwing en ek de nammekunde. Hy hie dêr in poadium foar publikaasjes dy’t fierder gyngen as krantewurk, en de akseptaasje fan him as sjoernalist troch minsken mei titels sil him net in lyts bytsje oantrune ha om sân dagen yn ‘e wike yn ‘e boeken om te slaan.

It grutte ljocht fan ‘e Ouwer Roel Piters de Jong hat troch wittenskipslju fan de Akademy sels twa sitten op ‘e Fryske Olympus fertsjinne. Ype Poortinga hat him yn ‘e iere jierren santich as masterferteller fan folksferhalen ferivige. En J.J. Spahr van der Hoek hat him yn 1982 holpen om fan de lokale skiedskriuwing oer De Ouster Trijegeaën (Fryske Akademy nr. 608) in foarbyld te meitsjen dat spitigernôch mar op in pear plakken op sa’n nivo werhelle is. Dat lei him oars net oan Spahr van der Hoek, want dy hat wat sneupers oer stroffelpaden hinne holpen. Mei dêrtroch binne frijwat weardefolle geakundeboeken en streekhistoarjes yn it Frysk ferskynd, wat it Frysk taalgebrûk net in bytsje besterke.

It wie mei dy konfrontaasje fan yntellektuele nivoos en sfearen oars net altyd winst. Der binne ek wolris publikaasjes ferskynd mei in Akademystimpel en -nûmer dêr’t men jin fan ôffreget hoe’t se dat yn ‘e goedichheid hân ha. Dr. Klaas de Vries wie as wittenskiplik Akademydirekteur kenlik in royaal man, in yn Fryslân seldsume kwaliteit dy’t ek wolris in skaadkant hie. It wurk dat it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy yn ‘e lette jierren sechstich en de iere jierren santich die, soe Lammert Jansma no tink mei rjocht net mear foar syn ferantwurding nimme – hoe nuttich dat doe foar de twatalige skoallen ek wie. It hie nammers mear mei Fryske beweging en ûnderwiispraktyk te krijen as mei it grinsferkear tusken sneuperswurk en wittenskip.

Soksoarte hybride ferskynsels binne no seldsum; dêr binne oare ynstituten foar. It liket derop dat dingen al gau te triviaal binne foar de Fryske Akademy. It kontakt mei de deistige Fryske praktyk is der fansels wol, yn ûndersyk, middeispetearen en publikaasjes. Mar men komt Akademylju yn funksje mar in bytsje yn it frije fjild tsjin. En dan is it ek al riskant, sa’t lêstendeis bliken die út lêbich praat fan Jelle Breuker oer ûndersyk nei taalgedrach, dat sosjaal winsklike resultaten opsmiten ha soe. Of, oar foarbyld, út de duorsume, deprimearjende debatten oer de ûnderwiisefterstân fan Fryske bern, oantoand troch Bernie van Reuven. Sels it Akademyblêd It Beaken liket no sokke skerpe kritearia te hantearjen dat se lêstendeis yn ‘e nûmering noch fierder efter leine as De Moanne. Se bringe skynber leaver gjin nûmers út as sjoernalistykeftige opstellen op te nimmen.

Mei troch in skerpere konsintraasje op wittenskiplike kwaliteit as op wurk ta nut fan it algemien, de Fryske maatskippij, docht it wûndere feit him foar dat by fisitaasje de Fryske Akademy oer alle boegen ‘eksellint’ blykt te wêzen, mar troch minsken as Siebenga fan Tsjalbert net kend wurdt.

It skynt dat de hjoeddeiske lieding fan De Akademy dat ek wol goed fynt sa. It ferrassende perspektyf dat earder fan ’t jier iepenbiere waard, leit yn in soarte fan ‘Minderheden-Universiteit’. En dus net, om mar wat te neamen, in moetingsplak foar alle Fryske stúdzje, in Iepen Fryske Universiteit mei byhearrende titelatuer (‘Master yn Fryske Stúdzje’ as fantasijtitel bygelyks), net in Mastersneuper-ynstelling, net in bygeliedingsorgaan fan al dy hûnderten dy’t alle frije oeren mei harren eigen ûndersyk oan ‘e gong binne. Wêrom hawwe net twa, trije Spahr van der Hoeken-nije styl dêr deiwurk oan?

Mei behâld fan it kwaliteitstinken fan ‘e hjoeddeistige Akademy-lieding mocht it aspekt fan brûken, begelieden en opwouterjen fan sneuperstalint ûnder it folk wol ta nije bloei komme. It leit ek sa ticht by wat by Tresoar mear praktysk út ‘e wei set wurdt, dat men it suver mist. It folk mist de wittenskip ûnbewust like bot as de wittenskip it folk.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels