• Testamint fan de siel

    25 juli 2021

    SJOERD BOTTEMA - ‘Wa’t fertelt, kin de hurde wierheid in bytsje stilearje,’ skriuwt Hylke Speerstra oan it begjin fan syn roman. ‘Om de ramp draachliker te meitsjen.’ Dat stilearjen makket de ferhalen tagonklik, ‘dan kinne se – hoe tragysk oft se yn wêzen ek binne – treast bringe en kinne se noch hiel meitsje wat stikkengien is.’ De skriuwer wol tagonklik wêze, mar al serieus [...]

  • Wat in koffer seit

    24 juni 2021

    SJOERD BOTTEMA - De Tsjechysk-Dútske Ilse Weber (1903-1944), har man Willi en de jongste soan Tommy waarden yn 1942 deportearre nei Theresienstadt. De âldste soan Harnuš wie yn 1939 mei in bernetransport fia Ingelân nei Sweden reizge. Yn Theresienstadt skreau Ilse nachts, as se net sliepe koe, gedichten. Dy gedichten waarden troch har man ferstoppe. Hy oerlibbe as troch in wûnder Auschwitz en krige nei [...]

  • 30 juli 2018

    SJOERD BOTTEMA -  Under de titel Bak skreau Sietse de Vries yn 2012 it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske boek. De haadfiguer makke twa minsken fan kant, mar slagge deryn om it spoar nei in kriminele organisaasje te lieden. It liket der dus op dat wy hjir mei in slimme foks te krijen ha, en foar in part is dat ek wol sa, [...]

  • 11 mei 2018

    SJOERD BOTTEMA - ”It folk sil wer yn deugd en soberens libje en mei dreech bodzjen syn brea beskreppe.” Mei dat donderjend evangeelje ûnderbrekt in anonime preker yn beierjend brûns it rinnende ferhaal yn De 13de asega, it nijste klokkespul fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra.   It is de toan, dy’t de muzyk makket. Dat giet trijedûbeld op foar Bremer en Hoekstra. Wielderich, âldfrinzich [...]

  • 9 januari 2018

    SJOERD BOTTEMA -  Ale van Zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman Littenser merke. Dêrmei makke er rûnom yndruk. It boek krige yn 2014 de Rink van der Veldepriis foar it bêste Fryske proazawurk, de Douwe Tammingapriis foar it beste debút en waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2015. As in skriuwer mei sa’n yndrukwekkend debút mei in twadde boek komt, binne de ferwachtingen heech: [...]

  • 22 september 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Yn 2013 waard de Stichting Utjouwerij Regaad oprjochte. Doel fan dy stichting is Frysk lêzen te befoarderjen troch it útbringen fan oersettings fan boeken dy’t in grut publyk (benammen jongeren en jongfolwoeksenen) oansprekke. Dat soks it gefal is mei Ventoux fan Bert Wagendorp hat de Nederlânske ferzy wol bewiisd.   Regaad, moai trochgean. En doch Martsje de kompliminten.   Oft der wol [...]

  • 10 mei 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Molwrot, sa hyt it nijste boek fan Piter Boersma. De ‘mol’ út de titel is de haadfiguer Seleina en ‘wrot’ slacht op wat se al wrottende yn it libben fan oaren fernield hat, har eangst dat der ek nochris in dei komt dat se sels pakt wurdt troch ‘in mollehûn’ en har gewrot om dat foar te kommen. Gelokkich hat Seleina oeral [...]

  • 4 mei 2017

    SJOERD BOTTEMA - Hylkje Goïnga is foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Ferline jier ferskynde ûnder de titel Tsien fan Hylkje in lytse kar-út, gearstald troch Douwe Kootstra. Goïnga har ferhalen binne fan alle tiden, skriuwt Kootstra yn syn foaropwurd, en om’t Goïnga har bondels al lang útferkocht binne, waard it tiid foar in nije útjefte. It wurk fan Hylkje Goïnga is wolris fergelike [...]

  • 28 februari 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Douwe Kootstra is net al te bleu, fynt it net slim om in bytsje op te fallen. De foarkant fan it omslach fan syn bondel mei colums wurdt dan ek hielendal yn beslach nommen troch syn eigen gesicht, dat ús string oansjocht. Neffens de flaptekst is Achterlik Fryslân in ‘grien’ boekje: it giet gauris oer natuer en miljeu. De ynhâld fan it [...]