Fyftich jier Tryater, trije generaasjes op deselde grûn

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om te smoaren sa hyt is.

Grûn is in kronyk fan it libben fan twa boerefamyljes, de iene fan katolike, de oare fan herfoarme orizjine, skreaun en regissearre troch artistyk lieder Ira Judkovskaja. Trije generaasjs sa’t ek it jubileum fan it selskip trije generaasjes beslacht. Aukje Schaafsma is de puber dy’t har benimt as femme fatale. Eva Meijering is net allinne de yn de jierren fyftich dûnsjende Marian silger, sa’t sy yn pake Hotse syn ûnthâld opdûkt, mar ek syn pakesizzer Hotske dy’t, mooglik genetysk bepaald, likegoed dûnsje kin, al is it – sy is fan in oare generaasje – in oare dûns. En dan is der Sjoerd Blom as Siep, in autistysk reagearjend soargebern. Alle trije jonge spilers binne sûnt koart oan it selskip ferbûn. En fansels binne der âlde bekenden as Joop Wittermans en Aly Bruinsma.

 

Mar dan is der altyd wer wat dat draait, immen dy’t opspringt, it gûnzjen fan stimmen yn harren koarsang.

 

Alle persoanaazjes, santjin om krekt te wêzen en dat is seker yn it earste bedriuw, as it publyk mei harren yn ’e kunde komt, in betiizjend oantal, want wa is ek wer wat fan wa en is hy no katolyk of herfoarme en wie hy no boer of boer-ôf. It giet om harren libbensferhalen, dy fan ferskillende generaasjes, wêrby’t de âlderen har fêsthâlde oan de wyklikse gong nei tsjerke, de herfoarme Marta it leauwe ferliest en do de jeugd dêr net oer hearst. Ontzuiling: gienen katoliken en herfoarmen eartiids net mei elkoar om, hjoeddedei komme se by elkoar oer de flier. Se ûntwikkelje har ek oars.

Sa ferskynt Rudolf (Raymond Muller) as studint yn in Bernlefshirt, mar kin, of wol hy gjin Frysk prate, ferhaspelt hy de taal, mar neigeraden hy langer op it doarp is, praat er hieltyd mear en better Frysk. Yn petear mei Klaske (Marit de Weerd), bernsbern fan Pier en Jeltje en sjoernaliste, wurdt de joadske David (Arnold Dijkstra) konfrontearre mei de fraach hoe’t it moderne agraryske bedriuw har ferhâldt ta de Skepping. As adviseur op dat mêd makket er in omslach yn syn tinken nei duorsumens. Fansels binne der relaasjes dy’t útskuorre, botse karakters, is der in bern dat net fan de heit is, komt immen te ferstjerren, tagelyk sitte der alderhande maatskiplike tema’s yn.

It ferhaal, of better sein ferhalen, spilet op en om in draaiber plato yn de foarm fan in enoarme skulp, tagelyk fuorgen ferbyldzjend, it lân – grûn – sa’t generaasjes boeren dat bewurke ha. Al is Grûn foar it meastepart in talich stik, op de fuorgen wurdt likegoed dûnse, troch pake Hotse en pakesizzer Siep op muzyk fan Elvis Presley en song, mei alle spilers rûnom op de fuorgen sittend yn de prachtige sêne dêr’t yn fariearre en fuortboud wurdt op it sliepferske ‘suze nane poppe’. Is in sêne ôfrûn, dan kin it plato draaid, begjint in folgende sêne wyls spilers op ‘e achtergrûn part fan it dekôr wurde sa’t bygelyks bart as Griet (Joke Tjalsma) net goed wurdt en Yfke (Nynke Heeg) har oer har hinne bûgt.

Boppe it poadium hinget it planetestelsel makke troch Claudy Jongstra, stadich draaiend en mei wikseljende beljochting allegeduerigen fan kleur feroarjend. It is it universum, de tiid dy’t ferglidet wyls generaasjes minsken elkoar opfoglje, neatich foar it grutte gehiel oer. In skerm, dan wer seegrien, dan wer blau of griis foarmet de achtergrûn foar it tai-chi-êftige beweegjen fan Hotske of de spilers op rige, knippend mei de fingers. Dekor, beweging en dûns, meitsje Grûn ta in fisueel oantreklik gehiel. It stik dêr’t, as it derom giet, toch benammen de tekst belangryk yn is, hat dat nedich, sa’t it ek net sûnder de muzyk en it sjongen kin, want betiden is der justjes tefolle yn bewuolle om, yn de waarmte fan De Lawei, de oandacht yn dizze grutte foarstelling fêst te hâlden. Mar dan is der altyd wer wat dat draait, immen dy’t opspringt, it gûnzjen fan stimmen yn harren koarsang. Al mei al is Grûn in feest om nei te sjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.