Wolkom yn it Doarp?

ELSKE SCHOTANUS –  Yn de âlde masinefabryk fan Sluis, yn Drachten, gie freed 12 oktober de reizgjende lokaasjefoarstelling Doarp Europa fan Tryater yn premjêre. Mei Doarp Europa ûndersiket it selskip, tegearre mei it publyk, sa seit de oankundiging, ‘de myte fan it plattelân’. Dat kin in Frysk doarp wêze, mar likegoed in doarp earne oars yn Europa. Nettsjinsteande de […]

Wat Jo Wolle

ELSKE SCHOTANUS –  Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld […]

Hearlik keukentafelpetear oer ‘De wierheid fan Wylgeragea’

HENK VAN DER VEER –  Op 23 en 24 novimber spilet Tryater yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De wierheid fan Wylgeargea‘. Ofrûne moandeitejûn wie der yn Lewinski, it kulinêr poadium fan Snits, in keuktafelpetear oer it stik. Stella van Gent, wethâlder SWF, interviewde op treflike wize skriuwer Kees Roorda. Dat Tryater fragen […]

Fyftich jier Tryater, trije generaasjes op deselde grûn

ELSKE SCHOTANUS –  Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om […]

Many as ynspriaasjeboarne foar in jeugdfoarstelling

ELSKE SCHOTANUS –  Yn de gong fan in hûs, ik mien it wie yn Reduzum, trof teatermakker Tamara Schoppert ris twa pear opfallende skuon oan: reade, ynlein mei diamantsjes en griene mei goudene glitters. ‘De schoenen van mijn moeder’, sa skeat it troch har hinne. It soe samar de titel fan in boek wêze kinne […]

In foarstelling tusken it porslein

ELSKE SCHOTANUS –  Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt. Gastregisseur Jos van Kan hat de boarden út de museumkelders útselektearre. Sels hat er in achttjinde-ieusk […]

Tamara Schoppert yn de rol fan ‘ús Greta’

MARRIT DE SCHIFFART –  ‘In keukentafelkomeedzje mei in grimmitich rantsje’, sa omskriuwt Tryater De Presidintes. It stik, in moderne klassiker út 1990, fertelt it ferhaal fan trije froulju dy’t al ratteljend en rabjend by de keukentafel it libben oertinke en allerhande ûnmooglike fantasyen by de kop hawwe. Banale ûnderwerpen – troch it ûnderliif bepaald, mar […]

Tryater bestiet fjirtich jier! Dat is in lokwinsk wurdich.

 ANNET VAN DER HOEK –  Ik gean al fan it begjin fan de jierren santich ôf nei Tryater en der binne net folle foarstellings dy’t ik mist ha. Ek polityk ha’k, benammen as Steatelid, in protte mei Tryater te meitsjen hân. Der wurdt no it measte  praat oer de grutte suksessen fan Tryater fan de […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.