Fryslân en de wrâld 2.0

Publisearre op 31 maart 2015

ARJAN HUT – 

In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e edysje fan it Sirkwy Sympoasium, mei as tema ‘Fryslân en de Wrâld 2.0′.

Jelle Krol wie de earste sprekker en hy tsjoende de geast fan Douwe Kalma op, sa’t dy hûndert jier lyn mei syn Jongfryske Mienskip grutte ambysjes hie foar Fryslân en de Fryske taal. Yldou Bylsma hie dêrfoar al songen, in ferske fan Souldada út de tiid dat Maeike Sijtsma de sjongeres wie: “Oer de grins”. Tige tapaslik, al wiene de measte besikers noch drok dwaande mei it bypraten en it finen fan in gaadlik stuoltsje.

It wie in middei fan weromsjen, mar ek fan foarútsjen en it begryp ‘mienskip’ foel hast noch faker as by in trochsneed Kulturele Haadsted-gearkomste. Wat betsjutte ‘mienskip’ foar Douwe Kalma? In solidêre befolkingsgroep, autonoom en ekspressyf. Oan de hân fan foto’s en grafiken liet Krol sjen hoe’t de beweging om Kalma hinne gau grut waard, mar like hurd wer tesplintere en hoe’t ferskate, ferlykbere bewegings gjin oansluting mei-inoar fûnen.

 

“Ik tink dat in positive en konstruktive literatuer ontsettend saai is!”

 

Abe de Vries brocht de Tsjechyske histoarikus Miroslav Hroch op it aljemint, om út te lizzen hoe’t it kaam dat de Jongfryske Mienskip gjin grutte, naasjefoarmjende beweging waard. Dêrfoar ûntbriek it oan in Frysksinnige urbane massa, koartsein: de stêden wurken net mei. ‘Would-be folksbeweging’ wie in begryp dat de sjoernalist en dichter yn de mûle naam en hy neamde it iroanysk dat Kalma yn 1928 by de oprjochters fan it institút Afûk hearde.

It ynstitúsjonalisearjen fan de Fryske taal- en literatuerbeweging wie in rêdingsboei foar in ferweesde beweging dy’t gjin oansluting fûn by it folk. De Vries makke in ferliking mei Kulturele Haadstêd: ek in beweging dy’t fan ûnderen, út de mienskip wei kaam en op in gegeven stuit ynpikt waard troch de ynstituten.

Yldou Bylsma (begelaat troch Arjen van der Sloot op gitaar) song Do hast in freon (nei in ferske fan Carole King) en Leonard Cohen syn ûnderwilens mear as útkôge Hallelujah. Hoewol’t Bylsma miskien wol Fryslân’s grutste sjongtalint is, naam it publyk it skoft tusken de sprekkers te baat om wat om te stappen en in praatsje te meitsjen. “Minsken fine it gesellich, der is hielendal gjin ferlet fan lêzings”, lake in dichteresse doe’t it rûzich bleau wylst Durk Gorter al klear stie om syn ferhaal te dwaan.

Gorter die in oprop: it moasten de Meartalige Friezen wêze dy’t de mienskip iepen smite en foarop rinne yn 2018. Net de Taal Friezen en de Kultuer Friezen, dy’t fierste beheind of hap-snap mei kultuer dwaande binne. Dêrby frege hy him ôf wêrom’t der yn it ramt fan KH in nij taal-ekspertise sintrum bykomme moat, wylst Ljouwert nota bene Mercator al hat.

Moai dat de Fries-om-utens wat mear los fan it papier wurke as syn beide foargongers. Hy kaam hielendal út San Sebastian wei, de Kulturele Haadsted foar 2016. Hy koe helder útlizze wat it fenomeen Kulturele Haadsted no krekt ynhâld en wêr’t it inisjatyf wei komt. Yn San Sebastian (Donostia yn de eigen taal) pakt men it wol wat strakker oan as yn Fryslân, dêr’t it Frysk en de Fryske literatuer de organisaasje benammen yn it paad lykje te sitten.

Miskien komt dat om de negative sfear om de Fryske literatuer hinne? It wie ien fan de opfallende eleminten fan de lêzing dy’t Meindert Reitsma hâlde. Reitsma, fierwei de jongste sprekker, analysearre de hjoeddeistige tastân fan Fryslân, de wrâld en moderne Fryske jongerein. Mar hy lansearre foaral it nije Y-Skrift Skanomodu en brocht de boel wat yn trewyn troch it papieren tydskrift dea te ferklearjen en de skreau- en kreaukultuur fan de postmoderne generaasje kontra-produktyf te neamen.

Mei Skanomodu wol men jonge Friezen aktyf en passyf belûke by de Fryske Kultuer en foar in posityf en konstruktyf klimaat soargje. ‘Mienisme’ neamde Reitsma dat, it sykjen nei wat minsken mien hawwe en it lymjen fan de postmoderne diggels. Hy hie in helder ferhaal, seach de seal yn en koe op begryp en sympaty rekkenje, al woe Pier Boorsma, dy’t op de foarste rige siet, neat ha fan in literatuer sûnder gedonder: “Ik tink dat in positive en konstruktive literatuer ontsettend saai is!”

Op it lêst rekke Kalma wat op de achtergrûn en ferskode it each fan de middei nei de takomst. By it neipetear wie der romte foar fragen, al kaam dêr net sa folle spektakulêrs út nei foarren. De sfear wie posityf en konstruktyf, mar ek smûk en de minsken wiene oan in drankje, hapke, praatsje ta. Jelle Krol die lykwols noch in opfallende útspraak. Nei oanlieding fan it ferhaal fan Gorter die er it útstel om in taalmanager oan te stellen foar KH2018. En nei oanlieding fan it ‘wêzen’ fan Abe de Vries stelde hy Abe de Vries foar as kandidaat nûmer ien. Yn it ramt fan de Vries syn ferhaal oer de mienskip tsjinoer de ynstituten, soe sa’n beneaming fansels tige iroanysk wêze.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels