Fryske Letterkunde op de Akademy?
ERIC HOEKSTRA –
Speech after long silence. It is right
that we descant and yet again descant
upon the supreme theme of art and song
Letterkunde is de wittenskiplike stúdzje fan literatuer. Literatuer is de meast komplekse utering fan de minske, mear spesifyk, fan de minsklike geast. Literatuer lit ús sjen hoe’t de minske yninoar sit.
Tagelyk is letterkunde de minst eksakte wittenskip, omdat it de dreechste wittenskip is. It is al dreech genôch om te learen literatuer te begripen, lit stean der ferstannige dingen oer te sizzen. Atomen en dingen binne makliker te bedjipjen as de geheimen fan de minsklike geast.
De Nederlânske wittenskip koe fjirtich jier ferlyn noch yn ‘splendid isolation’ bedreaun wurde. Dat koe, as men dat woe.
De Fryske Akademy hat yn it ferline in protte oan letterkunde dien. Sa hat Ype Poortinga, ien fan de earste meiwurkers fan de Akademy, de mannichte oan folksferhalen sammele. Jelle Hendriks Brouwer, de eardere direkteur fan de Akademy, fersoarge in rige Ald- en Midfryske tekstútjeften. Oan de Doelestrjitte ûndersocht Philippus Breuker it wurk fan Gysbert Japix, Goffe Jensma it Oera Linda Boek en Joke Corporaal, de lêste letterkundige promovendus fan de Akademy, ferdjippe har yn de figuer fan Anne Wadman.
Op de Fryske Akademy is de Letterkunde wilens ferdwûn. Dêr binne twa redenen foar: jildkrapte en oare prioriteiten. Mei alle besunigingen út de tiid fan de krisis waarden lege plakken net opfolle. En doe’t der wer jild wie, giene de twa grutte ûndersyksfjilden (de histoaryske en de taalwittenskippen) ynearsten foar. Want lykas oeral jildt: it himd is neier as de rok.
Kin der no dan halje-trawalje in letterkundige yn tydlike tsjinst oannommen wurde? Nee, want in oar ding is dat wittenskip no oars bedreaun wurdt as fjirtich jier ferlyn. De Nederlânske wittenskip koe fjirtich jier ferlyn noch yn ‘splendid isolation’ bedreaun wurde. Dat koe, as men dat woe. En it barde ek, lês Voskuil syn romansiklus Het Bureau mar, dat giet oer krekt sa’n ynstitút as de Fryske Akademy, mar dan yn Amsterdam.
Dy seldichste les jildt lyksa foar de Fryske wittenskip, en foar de Fryske letterkunde, yn relaasje ta de Nederlânske. As men no Fryske letterkunde dwaan wol, dan moat dat yn oparbeidzjen mei Nederlânske letterkundigen, of bûtenlânske fansels. De tiidgeast is feroare. De subsydzjejouwers stelle oeral de gearwurkingseask, de ynternasjonalisearringseask, lykfolwat men dêrfan fynt. Dit is de realiteit.
In letterkundich ûndersyk sil by foarbaat yn ‘e mande mei Nederlânske letterkundigen opset wurde moatte, en it sil aspekten fan Fryske en Nederlânske letterkunde meinimme moatte, ferlykje moatte. En as dat slagget, dan kin it samar wêze dat Nederlânske letterkundigen oan Nederlânske universiteiten út harsels Fryske letterkunde meinimme yn har ûndersyksoanfragen. By de taalkunde is dat al sa.
De tiidgeast is feroare. De subsydzjejouwers stelle oeral de gearwurkingseask, de ynternasjonalisearringseask, lykfolwat men dêrfan fynt. Dit is de realiteit.
Op freed 7 oktober organisearje wy as Fryske Akademy yn Tresoar de earste Dei fan de Fryske Letterkunde, yn ‘e mande mei Tresoar, de Moanne en de NHL. Mei dy Letterkundedei wolle wy tagelyk kontakten mei Nederlânske letterkundigen ta stân bringe om it omtinken foar en de prioriteit fan nij Frysk letterkundich ûndersyk te fersterkjen.
Mei oare wurden, wy wolle it nedige ûndersyk organisearje. Of sa’t Prof. Philippus Breuker oer syn eigen beuzichheden as Akademyletterkundige op literêr tydskrift fers2.eu skreau: Dat kaam del, net op it sels ûndersykjen, mar op it organisearjen fan it ûndersyk fan oaren. Dat ûndersyk kin dan plakfine op de Fryske Akademy yn Ljouwert, mar likegoed op oare plakken yn Nederlân.
Spraak nei lange stiltme; it is goed,
wij eidzje it heechste tema nochris oer:
de kennis fan de keunst en fan it liet.
Eric Hoekstra is taalkundich ûndersiker oan de Fryske Akademy.
De Letterkundedei op freed 7 oktober hat lêzingen fan Piet Gerbrandy (oer it fakmanskip fan Gysbert Japix), Alpita de Jong, Abe de Vries, Piter Boersma, Marc van Oostendorp, Friduwih Riemersma en Henk van der Liet. Tagong is fergees en mei lunsj. Opjaan kin oant 1 oktober fia baly@fryske-akademy.nl.
Hoekstra soe even utlizze moatte wêromt it taalwittenskiplik himd neier is as it Fryske literatuerwittenskiplik himd,
want neffens my kinst himd en rok net skiede yn dit gefal.
Skiednislju jouwe jild leaver earst oan skiednis út. Taalwittenskippers jouwe jild leaver earst oan taalwittenskip út. Letterkundigen jouwe jild leaver earst oan letterkunde út, mar ja, lju yn dy funksje binne der net mear op de FA. As in partij gjin sitten mear hat yn it parlemint …
De omskriuwing hjirboppe fan wat literatuer wêze kin as studzjeobjekt fyn ik oantreklik en ek utdaagjend. Ja, moaie gearfetting, en dêrtroch soe men sizze kinne: ‘Wat frjemd dan dat der op dy FA gjin partij is dy’t sitten sammelet foar in literatuerfrou – of -man.’
Blykber is der ek gjin ferlet fan sa’n partij by de Provinsje, en ek net by de KNAW. In betingst foar subsydzje soe dochs ek wêze moatte –
ûndersyk nei de (Fryske) taal, en de Letterkunde dy’t dizze taal brûkt. In taal sûnder literatuer en ûndersiik dêroer is net in folsleine taal mear. Sterker, is op in djoer ûndersyk nei in taal dy’t op syn heechst noch oraal brûkt wurdt.
Literatuer yn in taal kin ynsjoch jaan yn de minsken dy’t dy taal brûke.
Yn it fisitaasjerapport fan 2015 (yn opdracht fan de KNAW) wurdt Letterkunde net neamd. Sjoch hjir foar dat rapport: https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Undersyk/Eksterne_beoardieling/Visitatierapport-2015.pdf
Dit is in frij tryste sitewaasje, tinkt my. De fisitaasjekommisje neamt de Letterkunde net. Mei oare wurden, dizze kommisje én de Akademy sels fine Letterkundich ûndersyk net mear wichtich. it is wier, taal en histoarje ûndersykje krijst gjin hite hollen fan, soks wurket de helte makliker, is boppefat frij eksakt wurk (sjoch boppe).
Ik ken gjin universiteit en/of akademy dy’t net ûndersyk docht op it mêd fan de âlde en de moderne Letterkunde. Yn de literatuer fynst mear minsklik libben as yn taalûndersyk of yn histoarysk dollen (sjoch boppe).
Ik nim oan dat it bestjoer fan de Akademy en de direksje, én de Provinsje it net mear ûndersykjen fan Letterkunde ûnderskriuwe, sadat der op wittenskiplik nivo oangeande in aspekt fan it Frysk in gat ûntstiet – in begjin fan de ôfbraak fan de Fryske taal.
Ea soe Tresoar yn de persoan fan de Literatuerbefoarderer de Fryske literatuer stypje. Sjoen wat dêr bard is de ôfrûne 23 jier kin men sizze dat ek dêre neat te ferwachtsjen is. In moai foarbyld is it lêste boek fan Huub Mous – DE FRIES DIE IN DE TOEKOMST SPRONG. In studzje oer it Fries Modernisme in de jaren 60′. Yn dit boek steane nijsgjirrige haadstikken oer de Literatuer yn dy perioade. Tresoar sels hie Mous de opdracht jûn it boek te skriuwen, hy waard ek troch har betelle. Wijdemeer hat it utjûn.
Nei de oanbieding yn maart l.l. wie it foar Tresoar klear:
gjin ynformaasje yn de LETTERHOEKE-utjeften fan april en augustus, gjin ynformaasje op de website SIRKWY.NL
(sels it boek en de skriuwer binne dêr net te finen), sadat dit ûndersyk oer in diel fan de moderne Fryske literatuer ûnbekend bliuwt, yn feite net bestiet.
It hat derfan dat de Fryske Letterkunde negearre wurdt. As de eigen literatuer net mear stipe wurdt – yn feite in pylder fan in taal – dan duorret it net lang mear of de taal sels ferliest ek de slach. Jo kinne dan op de Alkademy in deade taal bestudearje.
It liket my nuver ta de Frysk letterkundich ûndersyk inkeld noch yn ‘e mande mei spesjalisten yn oare letterkundes dien wurde kin. Ja, dat sil in winsk wêze fan de KNAW, dat soe goed kinne. En fan de provinsje miskien. It is allegear aklik sein, en op papier klinkt het moai, mar hâldt men dan wol rekkening mei a) de aparte skiednis en ûntjouwing fan de Fryske literatuer, dy’t op belangrike punten fûneminteel ôfwyk fan de Nederlânsket, b) it gebrek oan kennis by net-Fr. letterkundigen fan dy skiednis en ûntjouwing, lit stean fan syn ynhâld, en c) it gebrek oan stúdzjes oer de Fr. letterkunde sels; der moat noch hiel wat ,,fjildwurk” dien wurde foar’t it oan ferlikingen ta is dy’t ek nijsgjirrich wêze kinne foar net-Fryske letterkundigen. Yn myn eagen is personiele gearwurking net sasear fan belang as wol it útgongspunt dat de Fryske literêre skiednis yn gearhing mei de Nederlânske bestudearre wurde moatte soe – en wa seit dat in Frysk letterkundige dêr net ta by steat is?
Oer it literatuerûndersyk oan de FA: der is wol faker sein en skreaun dat it in skande is dat der oan de FA gjin fêst plak mear ynromme is foar letterkundich ûndersyk en dat kin inkeld noch mar ris in kear werhelle wurde. It inisjatyf fan de Dei fan de Fryske Literatuer is dêrby mear as wolkom; tanksij dy Dei is der teminsten wer wát romte foar literatuer oan de FA weromharke. Dy fisitaasjerapporten, och. In tal jierren lyn stie der yn sa’n fisitaasjerapport fan de KNAW wól dat de FA wat oan literatuerûndersyk dwaan moast. Dat hat de lieding doe mar yn ‘e wyn slein, der sil wat lobbyd wêze en no is dy eask derút. Dat is inkeld de burokratyske gong fan saken, ik wol mar sizze, it kin samar oars as de provinsje ris mei de fûst op tafel slacht.
En wat dúdlik is: dat se yn it bûtenlân hjir en dêr op akademysk nivo hiel oars omgean mei lytse talen en literatueren. Nim de Adam Mickiewicz University yn Poznan. Dêr hat de fakulteit Ingelsk in Department of Celtic Languages and Literatures. En dan hat de FRYSKE AKADEMY net iens IEN literatuerwittenskipper foar Fryske literatuer yn tsjinst? It sil wol net te ferlykjen wêze, mar yn myn eagen is it skrinend.
Noch even in oanfolling op dizze matearje –
Op FERS2 hat Eric Hoekstra in wat wiidweidiger stik skreaun oer it letterkundich wittenskiplik ûndersyk. Yn de lêste 2 sinnen skriuwt er: ‘En dêrom liket de letterkunde wol op in hoaleminsk. Hy sit noch yn syn grot en sjocht nei de skaden en besiket te rieden hoe’t de werklike wrâld derut sjocht’.
Dit is noch justjes negativer as wat Karel van het Reve die yn syn Huizinga-lêzing fan 1978 – ‘Literatuurwetenschap: het raadsel der onleesbaarheid’ (Het Wereldvenster, Baarn – 1979). Alle populisten ûnder lieding fan Maarten ’t Hart klapten yn de hannen.
Yn 1979 kaam H.A.Gomperts mei syn ‘Grandeur en misère van de literatuurwetenschap’ (Van Oorschot, 1979). Yn in superieure ferdigening fan de literatuurwittenskip yn 140 siden bliuwt der fan Van het Reve net sa’n soad oerein stean – fan ‘it proaza fan ot en sien’, en lit us sizze fan de ‘hoalemins’ fan Hoekstra. Want nei in lytse 40 jier slacht Gomperts ek no noch de goeie wittenskiplike spiker op de goeie wittenskiplike kop.
It ôfskiedskollege fan Gomperts yn 1981 hjitte ‘Wij tolken’ (Meulenhoff, 1981).
Ik hoopje dat ien fan de ynlieders gebrûk makket fan Gomperts syn ideeën oer de literatuurwittenskip
Oanslutend by Abe de Vries syn ferwizing nei Poznan is it faaks nijsgjirrich te witten dat yn Reno (USA) oan de universiteit dêre Baskyske letteren en taal bestudearre wurdt. Sterker, se jouwe dêr in oersetting ut fan in boek dat troch Maite Gonzalez Esnal (myn partner) twa jier lyn skreaun en publisearre is. Studzje fan de Baskyske literatuer en oersettings yn it Ingelsk. Dat is yndied al even wat oars as in Akademy yn Fryslân dêr’t net mear ûndersyk plak fynt op it mêd fan de Fryske Letterkunde.
‘Tiidgeast’, de ‘realiteit’ en it ferlykjen fan taalkundige ûndersyksprosedueres mei letterkundige –want letterkunde hat altyd in saak fan swier nasjonaal belang west– leverje gjin oertsjûgjende arguminten foar in oare letterkundige ûndersykspraktyk. It giet der boppedat net om wat Nederlânske universiteiten yn it algemien dogge of dwaan moatte. Like dizich en ynhâldsleas is “it organisearjen fan ûndersyk fan oaren”; is dat ommers net krekt itselde as: “Sels dogge wy neat”? De FA kin it moai betinke, mar nee jonges, wy traapje der net yn.