Fragmint út Renger

NYK DE VRIES – 

In foarpublikaasje fan de yn ‘e kommende hjerst by de Afûk te ferskinen Fryske oersetting fan ‘Renger’. Yn it nijste nûmer fan de Moanne in ynterview fan kollega-skriuwer Tsead Bruinja mei Nyk de Vries oer syn nije roman. 

 

It ljocht fan ’e winkeletalaazjes skynde yn ’e plassen. Myn koffer rolle piipjend achter my oan. Ik rûn nei de oare kant fan ’e strjitte en seach by Mollies snackhaventsje noch ljocht baarnen. Doe’t ik op it rút tikke, wonk se my daliks.

‘Wêr hast west?’ frege se, wylst ik myn koffer deryn tilde.

‘Yn Spanje,’ sei ik. ‘Dat wist toch wol?’

Se lei har hannen op ’e râne fan ’e snackfitrine.

‘Gewoanwei komst fan links.’

‘Ik bin mei de bus kaam.’

‘Jonkje,’ sei se, ‘dû moatst net tsjin my lige. Ik wit wat in beweging betsjut. In hân dy’t jokket oan in kin, fingers dy’t sykje yn in tas. It lytse fertelt alles, sa’t in pear wurden in oarloch begjinne kinne. It giet net om de wurden op himsels. It giet om de geast dy’t derachter skûl giet.’

Ik moast laitsje om har wize wurden.

‘Ik liich net Mollie,’ sei ik, ‘ik fertel dy de wierheid.’

‘Jonkje,’ sei se opnij, ‘de bussen stake hjoed, de trams idem dito. En dan bedoel ik fansels de sjauffeurs. Se wolle mear jild. Se wolle hieltyd mear jild.’

Ik tocht oan it opûnthâld op it fleanfjild. Miskien hie myn âlde buorfrou sels gelyk, skerp as se wie, hoewol’t se al oer de tachtich wie. Wy koenen goed opsjitte. Har earste man kaam út deselde streek as ik en soms praten we gekjeiend even in pear wurden yn it Frysk. Al gau die bliken dat we noch in oerienkomst hienen. Mollie hie in boek skreaun oer har jeugdjierren as dochter fan in skipper, al wie it manuskript noait útjûn. Har twadde man hie de steapel papieren ferbaarnd, omdat Mollie der tsjinoan seach om har ferhaal yn it iepen te bringen.

As altyd gie ik sitten oan it lytse formika tafeltsje ûnder in rige foto’s oan ’e muorre. By myn earste besite wie de fersameling my fuort yn it each fallen. Op ien fan ’e foto’s wie in tsjinstfaam te sjen, knap yn ’e klean. ‘In kreaze ferskining, fynst ek net?’ hie Mollie sein, doe’t ik bewûnderjend taseach. Se wiisde my op in skilderijke fan in sylskip boven de trochgong nei de keuken. ‘Op dat skip bin ik troud,’ sei se, ‘in jier foar de oarloch.’ Doe’t it ta my trochkrong, fûn ik it net te leauwen. Myn beide âlden wienen al ferstoarn. Mollie wie mear as tsien jier earder berne. Se stie noch fol libben foar my.

Mei de hannen op ’e snackfitrine seach Mollie my ûndersykjend oan.

‘Wa wie dy clown yn dy Volvo?’

Even liet se har tosken sjen.

‘Dû hiest my dus al fernaam?’ konkludearre ik laitsjend.

‘Fansels hie ik dy fernaam,’ sei se.

Ik lei myn hannen op it tafelblêd en fertelde oer de lift dy’t ik op it fleanfjild krigen hie, hoewol’t ik Renger net neamde. Mei opsetsin hie ik him net foar myn hûs stilhâlde litten, omdat ik gjin nocht hie om my fierder mei him yn te jaan. Us ôfskie hie koart west. Hy joech my de koffer oan en dêrnei rûn ik in portyk yn, mar Renger wie my achternei kaam.

‘Jou my dyn nûmer,’ hie er sein. ‘Dû krijst noch jild fan my.’

‘Hâld dat mar,’ rôp ik. ‘It is in fergoeding foar de rit.’

Ik koe him min oertsjûgje. Uteinlik rûn er op in drafke werom nei de auto, wylst ik myn koffer ynspektearre en wachte oant de Volvo út it sicht ferdwûn wie.

Mollie akseptearre myn behindige útlis, sa like it, en stuts de hân yn ’e koelfitrine.

‘Ik smyt in kroket foar dy yn it fet,’ sei se. ‘Chris komt toch moarn pas thús.’

‘Dû witst alles,’ sei ik en lake opnij, mar Mollie seach noch hieltyd stûf.

‘Hoelang binne jimme no tegearre?’

‘Krekt salang’t ik hjir kom te iten.’

‘No ûngefear in healjier dus.’

Mollie liet de kroket yn ’e oalje gliidzje.

‘Jimme moatte mear nei inoar omsjen,’ sei se. ‘Ik ha der fansels neat mei noadich, mar wêrom geane jimme apart fan inoar op fakânsje?’

‘Chris is net op fakânsje,’ sei ik. ‘Se is op in kongres foar dokters. Se is oan it wurk.’

Mollie snúfde.

‘Se is oan it wurk,’ fersuchte se. ‘Dat makket it noch minder.’

 

 

Comments
Ien reaksje oan “Fragmint út Renger”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.