Faust yn Ljouwert

Publisearre op 30 december 2014

THEUN DE VRIES – 

(Ets: José Witteveen)

 

Bjusterbaarlike dingen binne der bard yn ‘e goede stêd, doe’t Doktor Faust, de Satansfreon, op syn wrâldreis ek Ljouwert oandie.

It trekskip fan Dokkum lei oan by it Noardlik Stedsein en hy stapte út. Klaaid yn in fluwielen mantel, de skonken yn hege kapelearzens en mei in degen dy’t rinkele fan it sulver gie er de stêd yn, de Foarstreek op. Wat soe er hjir wol net útheve kinne? Rinnendewei striek er de smelle wite hân oer it spitse kin en betocht dat syn burd wol in skearmes brûke koe.

Hy rûn fierder en gnyske gemien. Neigappe troch in pear ferhearde kuierders kaam er by de Amelânstrjitte, in smel strjitsje, dêr’t it optilde fan hannel en ambacht en dêr’t mannich froed gildelid wenne. En doe’t de Duvelskeunstner de strjitte yn seach, waard er it helderglânzjende koperbekken fan in barbier gewaar – yn dy tiid noch burdsnijer neamd – , dat boppe ien fan de luifen úthinge. Hy stapte der fuortendaliks op ôf, wylst it gnyske op syn antlit noch kwea-aardiger waard.

De barbier stie mei de hannen gear oer it liif te sjen nei de brouwersfeinten dy’t oan ’e oare kant fan de grêft fetten beetkrigen en de tsjustere kelders yn rôlen, doe’t Faust foar him stean bleau.

De froede master hie de swierich útriste man, dy’t dêr nei ien foet ûnder syn luif stapte, noch net sjoen, of hy stjitte rimpen de mei koper beklonken doar fan syn skearwinkel iepen en liet de heecheale klant mei in koarte bûging deryn.

Algau siet dy foar in hege skou, dêr’t in koperen tsjettel ûnder hong. De flammen lieken der fan ôf te spatten. De master wie dwaande syn messen te slypjen, in learjonge liet it sjipsop skomje yn in stiennen fet. It koe heve. Faust hie syn plomhoed op ’e tafel lein en line mei de holle achteroer. Fluch en feardich sette de master mei syn wurk útein. Nei in pear halen naam er efkes lins en sette it mes nochris oan – mar… hoe hie er it no? Doe’t er de klant oanseach, wie it krekt oft dy in spotsk flikkerjende each delsloech, en – seach er it wol goed? It like wol as wie it burd wer oangroeid.

Hy wie der ôf. Mar hy soe him wol fersind hawwe. De barbier wie oars net sa gau fan ’t sjapiter. Hy skerpe him op en wie der no dochs wis fan dat er it rjochter wang glêd skearde.

Op ‘e nij draaide er him efkes om op en kearde him doe wer nei de sinjeur. Mar – no seach er it dúdlik – by alle hilligen! It burd, dat er krekt skeard hie, wíé oangroeid, it wie wer like fol as doe’t er begûn wie mei skearen. In frjemde eangst trille him yn de polsen wylst er himsels dochs foarhâlde dat it gesichtsbedroch wêze moast en wifkjend begûn oan de twadde helte fan it gesicht.

Mar it wie stjerrende wier wat er sjoen hie. Hieltyd as er ien helte fan it antlit skearde, waakste de oare helte wer fol oan, en as er dy glêd makke hie, dan wie it burd oan de oare kant alwer oangroeid. … It swit stie him yn kobben op ‘e foarholle, mar hy bleau mar trochskearen: der soe dochs wolris in kear in ein komme oan dit merakel?

De learjonge, dy’t loai by it finster stie en neat yn ‘e rekken hie, rûn sleau op de skou ta en sette de lege sânrinner op ‘e kop: de master hie in fol healoere yn ‘t spier west. Mar no krige de klant, dy’t oant doe ta duldsum yn ‘e stoel sitten hie, syn nocht en waard lilk. Hy spatte oerein, skode de stoel oan ‘e kant en snaude tsjin de barbier oft er syn ambacht net better útoefenje koe.

Doe, samar ynienen, krige er syn eigen holle beet, skuorde him fan ‘e hals ôf en sette him op ‘e tafel del, sûnder ek mar ien drip bloed te fergriemen. Hy naam de barbier it mês út ‘e hannen. En dêr skearde no it holleleaze lichem yn fluwielen klean syn eigen gesicht – en dat gie wol sa rêd dat it kerwei nei in pear minuten al beslikke wie en de holle ynienen wer op de romp siet.

It wie de barbier as dûnse de koperen tsjettel yn de flammen ûnder de hurd, wankele de tafel en raanden de ruten yn in waaier fan yn inoar oerrinnende kleuren… Mar de holle begûn al gau wer te praten en seach him swart oan.

‘Sa fluch en sekuer hienen jo jo wurk dwaan moatten,’ biet de klant him ta, mar doe’t er it ûngelokkige en teheistere gesicht fan ‘e barbier seach, bûn er yn en ferfette: ‘Mar jo hawwe jo bêst dien. Sjoch hjir ris!’

En wylst er ôfsette, rinkele der in gouden dukaat op ‘e tafel.

Mar ear’t de no blide barbier it jild opkrige en yn ‘e gurdletas stiek, draafde er nei bûten ta. Faust wie al wer op de Foarstreek en stuts de stêd fierder yn. De holle mei de plomhoed beweegde krektsa as dy fan elkenien; op dat stuit krekt oerdreaun sierlik bûgjend nei in keken frommiske mei izeren earbellen.

De barbier krige it jildstik en noch triljend oer de hiele lea gie er dermei nei syn frou. It barbierske, drok dwaande mei it skjirjen fan it tinwurk, ergere har oan syn oerstjoerens en frege him noartlich wêrom’t er sa healwiis die.

Hielendal oeremis die er har it hiele ferhaal en de eagen fan de froede frou waarden al mar grutter. Nei syn wûnderlike relaas gappe se nei de foarútstutsen, tichtknypte fûst fan har man. Dy die de hân stadich iepen mei in blik fan: nou wat seist derfan?

Mar skraachwurk hie de frou sjoen wat de man yn ‘e hân hâlde of se kearde har leechachtsjend laitsjend ôf. Kjel seach de master nei syn hân, en sjoch, dêr lei gjin gouden dukaat, mar in klute modder.

Stampfuotsjend fan lilkens smiet er de klute troch it iepen rút. Mar hy bleau net lang grammitich want it wie in evenredich man, dy’t himsels yn ‘e macht hie. Der kaam him alwer wat nijs yn ’t sin en hy gie gau nei bûten. De learjonge lange him yn it foarbygean de mûtse en de gongelstôk oer en no fleach de skearbaas de Foarstreek op; der wie op ’t lêst net alle dagen in gouden dukaat foar in burdsnijer te fertsjinjen. Al rillegau seach er de dokter – op ‘e Nijstêd, dêr’t de djoere loazjeminten wienen. Dêr gie Doktor Faust earne in herberch yn, en it duorre net lang of de barbier stie, holpen troch in feint fan ‘e herberch, foar de keamersdoar fan de frjemde klant en kloppe oan.

Faust wie wakker op ’t snjit doe’t er de burdsnijer deryn liet. It like dat er nearne erch yn hie. Kalm gaspe er de degen ôf, die de plomhoed ôf en loek de hege kapelearzens út. De skearbaas stammere der earst wat op om, mar doe fermanne er him en sei koart dat de gouden dukaat dy’t de eale hear him jûn hie yn in klute modder feroare wie, wat dochs in min lean wie foar it lange skoft dat er sa syn bêst die hie om it burd fan de eale hear te skearen.

Doktor Faust gnyske. Mar doe, sûnder in wurd, skodde er mei in gol gebaar syn gurdletas út foar de barbier; op ‘e tafel leinen no sulveren en gouden jildstikken sêft te glânzgjen. Longerjend seach de barbier dernei en doe’t Faust him hjitte om it grutste goudstik derút te krijen, sadat er der wis fan wêze soe dat er in dukaat krigen hie, die er dat fuortendaliks.

Optein ferliet de master de goederjouske klant en fleach oer de lange Foarstreek werom nei hûs, nei’t er tûzen seinwinsken yn ien sike oer de genedige hear ôfbidden hie. Underweis seach er hieltiten efkes yn syn hân oft dêr no wol wier in jildstik yn siet, en alle kearen blonk him it goud yn ‘e mjitte. Dat hy wie der no wis fan dat er net bedragen waard.

Einlik kaam er thús. Syn frou waard fuort al kjel trochdat er sa rimpen yn ‘e hûs stode en se krige daliks in min sin, wat der net better op waard doe’t er triomfantelik de fûst foar har eagen iepene en dit kear in toar blêd sjen liet. Doe waard er poer. Hy begûn te skellen en liet dêrby er in kearmannich de wurden ‘sokses’ en ‘omkoal’ falle.

Mar hy wie derfan oerstjûge dat er de Duvel sels by him yn ‘e hûs hân hie. En de hiele wike wie er yn ’e baan mei wijwetter en paternosters om syn wenstee te suverjen fan It Kwea.

 

II

En it liek wol dat de Kweade sels op Ljouwert loslitten wie sûnt dat Faust troch de poarte kommen wie. De oare deis waard de stêd al yn opskuor brocht troch in nij mirakel: de hiele Nijstêd stie fol bloed en de minsken moasten dertrochhinne baaie of stigers mei barten dellizze om nei it wurk ta of om boadskippen. In deimannich barde der neat en it bloed ferdwûn. De eangst dy’t oer de stêd kommen wie, saksearre ek alwer, al waard der noch drok praat oer it merakel dat in protte minsken sa kjel makke hie. – Mar de earste snein dêrnei wie der wer wat te rêden; ûnder de heechmis yn de Westertsjerke. Doe’t it oargel in koraal ynsette, sa suver as songen de ingels sels de lof fan God, bearden en krieten ynienen poerrazende hease duvelsstimmen boppe it oargel út, wylst in tsjustere swarte walm om de wite pilaren sloech en de swevel gleon by de tsjerkeferwulften del dripte.

Dêrnei begûn de stedspleach pas echt goed. Der wie immen dy’t gapje moast en mei gjin mooglikheid de mûle wer ticht krige, sadat er in hiele dei mei de mûle wiidiepen nei de loft hime, oant er einlings dea-ynein delfoel en de lippen wer op inoar krije koe.

Earne oars sieten jongkeardels yn ‘e herberch te dobbeljen en dronken wyn út hege romers, mar doe feroare dy wyn samar yn tsjok, bitter bloed, dat fûl en wrang yn ‘e kiel baarnde, sadat de feinten de brykste maneuvels makken.

Ek seagen de Ljouwerters soms samar in ûnbidich hege galgepeal boppe de stêd útstekken, en dan tocht de earwaarde skout of de heechste Riedshear dat er syn eigen persoan dêroan bongeljen seach, en dan flechte er hielendal feralterearre syn binnenkeamer yn.

It koe sa net langer. De tastân waard ûnhâldber, en it is min nei te gean hoefolle wijwetter at der yn dy dagen wol net trochgie. En it is ek moai wis dat skatkisten fan de tsjerken wûnderbaarlik fol rekken en dat de preesters in aardige grypstehealstoer fertsjinnen.

Mar de oanstichter fan al dat kwea rûn frij om, optein oer alle alteraasje dy’t er oer de stêd brocht: Faust.

Oant er op in dei sa sleau wie en ferried himsels troch yn syn loazjemint in nij merakel barre te litten. Hy wie nei in lange jûnskuier troch de stêd wurch yn ’e herberch oankommen en nei syn keamer ta gien, dêr’t er him dea-ynein yn in earmstoel sakje liet en de jonge rôp om him de learzens út te lûken.

De jonge kaam, en dêr begûnen de eagen fan ús duvelfreon alwer te glinsterjen. De feint hie neat yn ‘e rekken en krige de iene lears fan de gast goed beet. Mar, kaam it trochdat er sa fûl loek? De skonk skeat ek los, en de feint tûmele mei lears en skonk en al achteroer.

Mâlbearend kaam Faust oerein, al wie der net in drip bloed fallen. Mar hy tjirge him sa en sprong op en del en stode troch de keamer as bestoar er it fan ‘e pine, dat de jonge razend de trep del stoarme en der drekt op út woe om in dokter of in sjirurgyn te heljen. Mei in protte misbaar die er it ferhaal oan de kastlein oer it merakel dat harren gast oerkommen wie – en Faust, dy’t boppe oan ‘e trep yn syn keamersdoar te harkjen stie, skuorde him de bûsen út fan ’t laitsjen oant er op it lêst foldien mei syn iene skonk delplofte yn ’e stoel.

De kastlein wie in ferstannich en betochtsum man. Hy liet it ferhaal fan de feint efkes yn him om gean en krige doe foar it ferstân dat immen dy’t op ien skonk troch de keamer springe koe, wylst er fergean moast fan ‘e pine, net in gewoane stjerling wie. En doe kamen alle merakelfiten dy’t de stêd de lêste dagen sa yn ûnstjoer brocht hienen, him yn ’t sin.

En no wie er der wis fan dat de man dy’t hy bêde, de oanstichter wie fan al it ûnheil dat de stêd tramtearre.

Dat hy hjitte de feint om net nei de sjirurgyn te gean, mar leaver de Ljouwerter magistraten byinoar te roppen.

De jonge wie al fuort en kaam in foech oere letter werom mei it boadskip dat de froede faders kommendewei wiene.

It duorre net lang of dêr wiene de amtsdragers al. Sûnder in protte omhaal fan wurden fertelde de kastlein harren wêrom’t er harren helje litten hie, en dêrnei ljochte er har súntsjes by, de trep op, wylst de pommeranten hoasfuotlings achter him oansloepen en troch it kaaisgat seagen hoe’t Faust him yn syn keamer siet te fergriemen oer hoe moai at syn nijste tsjoendersfyt útpakt wie – ek al stie er mar op ien skonk.

Doe giene de riedshearen wer nei ûnderen, stik foar stik oertsjûge dat dy ienskonkige, meagere, swarte frjemdling de grutte kweadogger wie dy’t se sochten.

Mar hoe krigen se dy net wolkomme fremdling de stêd út? Want se woene fansels neat leaver as fan him ôf wêze. Doe’t lang om let de kearsen ta smeulende eintsjes teraand wiene en it froedskip noch hieltyd net út ’e rie wie, betocht de heechste riedshear wat nijs: ‘Lit ús him yn optocht freegje – net hjitte, mar freegje – oft er de stêd ferlitte wol. As wy manmachtich opkomme, sil er grif belies jaan. En dan sette wy by alle poarten in wachter del sadat we der wis fan binne dat er ek wier fuortgiet. Sa gau as we dat nijs krigen hawwe, stjoere we fuortendaliks in hynsterider de kant út dy’t er opgien is. Dy warskôget alle doarpen yn dy krite wat in satansbroer at harren kant op komt, sadat se har dêr mar tariede kinne en se besparre bliuwe fan de pleagen dêr’t er ús mei terge hat.’

Sa waard besletten. De oare moarns al – Faust wie noch mar krekt fan ’t bêd en troch de jonge yn ’e klean holpen – kreaken de treppens ûnder de fuotsleasten fan de sân boargerheiten, dy’t no net mear sloepen, mar yn har suver linnenske toga’s en djoere bûntjassen de doktor iepentlik opsochten.

Mei’t Faust harren der yn liet, sloegen se yn stilte in krús doe’t se seagen dat er alwer op twa skonken omkuiere. De tsjoender hie al yn ’e rekken dat er troch de koer sakke wie en wist wat se him freegje soene. Dochs bearde er dat er gjin aan hie fan alle kweadieden dy’t se him oanwreaune. Mar as it it froedskip behage dat hy net langer yn ’e stêd bliuwe soe, dan woe er dêr net tsjinyn gean en sadwaande sei er ta dat er noch foar de middei de stêd foargoed ferlitte soe…

Wakker op ’t snjit namen de riedsheren ôfskied en de kastlein liet harren derút, ek bliid dat er dy gefaarlike gast sûnder fierder ûnheil kwytreitsje soe…

Mar it ôfskied fan Ljouwert wie ek alwer in merakel, dat de minsken sels no noch noait begrepen hawwe. Want, wylst de magistraat it Riedshûs yngie, nei’t er by alle fjouwer poarten in wachter delset hie, naam Faust yn syn loazjemint ôfskied fan de kastlein en betelle de rekken mei klinkende, mar wakker feroarlike, dukaten, en gie op wei, mei dat ivich spottende glimke fan him om ‘e mûle…

En sjoch, doe’t de Aldehou tolve oere sloech en it froedskip ûngeduldich siet te wachtsjen op de boade dy’t berjocht dwaan soe troch hokker poarte at de duvelskeunstner ôfset wie, kamen der fjouwer wachters tagelyk oansetten, dy’t yn koar fertelden dat de frjemdling yn syn fluwielen mantel ‘troch alle fjouwer poarten, op itselde stuit de stêd út gien wie’

 

Oersetting: Jantsje Post & Jetske Bilker

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels