Facebook

KAREN BIES – 

Nei jierren fan balstjurrich nee sizze en stoer praat fan ‘dy flauwekul doch ik net oan mei’ bin ik no om. Ik sit op Facebook. In kollega hie in projekt dêr’t jo allinnich oan meidwaan kinne fia Facebook, dat ik tocht: toe dan mar. Sûnder foto fan mysels, want dy krijst ommers noait wer fan it ynternet ôf. Dus pleatste ik in fage fakânsjefoto, knipt fanút in ridende auto, fan in palmbeam mei in Spanjaard yn koarte broek. Ik fûn him wol ynteressant, wat surrealistysk, echt typysk Karen en dochs anonym. Mar doe’t ik in goeie freon in freonskipsfersyk stjoerde, mailde hy my werom: ‘Karen, ik krij in berjocht datsto freonen mei my wurde wolst. Mar bisto it wol? Ik fertrou it net.’ Dat wie ek wer net de bedoeling. Ik ha dus mar in fleurige, net al te kompromittearjende foto fan mysels opsocht.

It is aardich om te witten dat de neefkes yn Nij Seelân ferkearing hawwe en dat in nichtsje ‘Ooh, zenuwachtig!’ in nâlepiercing sette lit. Mar iksels bin noch like hoeden. Ast myn Facebookside leauwe meist, bart der yn myn libben net folle. Hoe trou bliuwe Facebookfreonen eins, ast noait wat fan dy hearre litst?

It meast ergerlike op Facebook binne de advertinsjes. Ik hie earlik west by it ynfoljen fan ‘geslacht’ en ‘geboortejaar’. Vrouw, 1968. Dan krijst dus reklame oer ôffalle, liposuksje en botoks. Slankmeitsjende truien. 15 kilo lichter mei Iris Kroes. BH’s yn grutte maten. Plastyske sjirurgy om der út te sjen as 32. Mar ek: ‘Huis kopen in Drachten?’

Dat die de doar ticht. Ik soe Mark Zuckerberg wol efkes tuk ha. No haw ik mysels op Facebook mei twa mûsklikjes ‘man’ makke en tweintich jier jonger. Dat helpt. Ik krij advertinsjes oer fiere reizen, kompjûterspultsjes, F16-piloat wurde. Ik kin alle dagen maklik 500 of sels 700 euro fertsjinje. Online hannelje yn oalje, goud en sulver. ‘Maak nu kans op seizoenkaarten van jouw favoriete eredivisieclub!’ Ik kin oer de post herbal ereksjemiddels krije, in muscle-maximizer, of proefmonsters fan revolvers.

In man fan 24 hat it gewoan folle leuker. Ik wit net oft it Mark Zuckerberg ek mar wat skille kin, mar myn libben is der sûnt Facebook in stik aventoerliker op wurden. Miskien bestel ik wol in pistoal. Allinnich op proef, hear.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.