Durk van der Ploeg – Reis nei it uterste lân (2)

Publisearre op 31 oktober 2011

EELTSJE HETTINGA – Yn de trijetalige gedichtebondel Gjin grinzen de reis (2004) is de begjin dizze moanne mei de Gysbert Japicxpriis 2011 bekroande skriuwer Durk van der Ploeg ien fan de trijentweintich dichters dy’t him útlei op it tema reizgjen. De oersettingen fan de fersen kamen fan in ryklik ynternasjonaal selskip oan oersetters: Susan Massotty, David Colmer, Klaas Bruinsma, Elske Schotanus en ûnderskreaune. De twa lêstneamden brochten ûnder mear it lange, ferheljende gedicht ‘Reis nei it uterste lân’ fan Van der Ploeg nei it Nederlânsk oer, skriuwer en fertaler David Colmer soarge foar de Ingelske oersetting.

‘Reis nei it uterste lân’ hat yn foarm en styl wat wei fan de epyske, breed opsette rige fersen, sa’t dy yn Van der Ploeg syn bondel Troch kadastrale fjilden (2003) te finen binne. It gedicht sels is my winliken justjes té breed. Mei troch it gebrûk fan de earste persoan meartal, hâldt de dichter it direkt persoanlike bûtendoarren, in eigenskip dy’t men faker yn de poëzij fan Van der Ploeg tsjinkomt. It ien en oar is fan dy gefolgen dat syn wurk sa altemets in beskate retoaryske kant útskaait. Ek ‘Reis nei it uterste lân’ is dêr net alhiel frij fan.

De oersetting fan Van der Ploeg syn bydrage nei it Nederlânsk wie in heikerwei. My heucht dat wy, op fakânsje yn it ferdronken lân fan Saeftinghe oan de Skelde, ús de tosken stikken bieten op wurden as ‘tijs’ en útdrukkings as de ‘glêzen wein’. It idioom fan Van der Ploeg, it giet, lykas sa faak yn syn omfangryk oeuvre, fier bûten it behyplike en behelplike Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek (1984) om. Fierders wie it saak om it nedige omtinken te jaan oan de ritmen, want dêr moat it gedicht it foar in part fan hawwe. Van der Ploeg, dy’t de tekst autorisearre, koe goed wurde mei de Nederlânske fertaling, dat op basis fan dy tekst sette de Australyske skriuwer David Colmer – hy wennet sûnt 1991 yn Nederlân – him dêrnei oan de Ingelske oersetting fan it gedicht.

Gjin grinzen de reis, in inisjatyf fan de stifting Cepher, dat ta stân kaam yn gearwurking mei Omrop Fryslân, hie in multymediaal karakter. Yn it radioprogramma Omnium waarden de trijentweintich dichters dy’t harren bydrage oan ‘de Reis’ joegen, ûnderfrege oer it  tema reizgjen. Yn datselde programma lies elke dichter syn/har gedicht foar. By de útjefte fan de blomlêzing – Michiel Postma soe foar de fernimstige foarmjouwing fan it boek de Liuweprint 2004 krije – waard in CD foege, wêrop’t alle foardrachten, fan Elmar Kuiper, Arjan Hut, Albertina Soepboer, Aggie van der Meer oant en mei Abe de Vries, nochris ôfharke wurde koenen. It ynterview mei Durk van der Ploeg en syn foardracht fan ‘Reis nei it uterste lân’ is hjir te beharkjen.

Boppesteand artikel is it twadde part fan in trijelûk oer de dichter Durk van der Ploeg. It lêste diel ‘De sirkel rún. Oer de poëzy fan Durk van der Ploeg’ ferskynt healwei novimber yn de skriftlike ferzje fan it tydskrift De Moanne. Sjoch hjir foar it earste diel.

Eeltsje Hettinga
http://www.eeltsjehettinga.blogspot.com/

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels