• 7 juni 2019

    Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 1 juny yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Durk van der Ploeg – Wek yn 'e rivier, Het Nieuwe Kanaal, 2019 Hessel Bouma – Droppingveld Wardrobe, Wapens in de Deelen, 2019      

  • 12 september 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  Durk van der Ploeg syn roman Foarby it Boarkumer fjoer as iepenloftspul Ien kear yn de trije jier bringt Mitselwier in iepenloftspul, dit jier is dat Foarby it Boarkumer fjoer, skreaun troch Baukje van Hijum nei it boek fan Durk van der Ploeg. De titel fan Van der Ploeg syn roman referearret oan de ramp fan 1883 doe’t de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat [...]

  • 11 juni 2015

    MARRE SLOOTS -  It is 1947 as de fiskersfamylje Koudenburg, - heit, mem en de fjouwer soannen Binke, Jelle, Nutte en Edom - fanút Peazens-Moddergat ôfset nei it ûnbekinde Kanada. Heit, kjel makke troch kranteberjochten oer oprukkende Russen en de tanimmende ekonomyske malêze, hat in gouden takomst foar eagen as fisker oan de rike kusten fan Newfoundland. Wat folget is in ferhaal fol teloarstellings en [...]

  • 2 september 2014

    JOSSE DE HAAN -  Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op [...]

  • 18 november 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1977 ferskynde de roman De Amerikaen, fan Durk van der Ploeg. It stiet sûnt dy tiid by myn âlders yn de kast, mar noait hat immen it lêzen. Ik tink dat ús heit it kocht hat fanwegen it omslach, dat tekene is troch Ies Spreekmeester, in freon út Oldeholtpade dy’t wenne yn it eardere hûs fan noch wer in oare freon, de [...]

  • 18 november 2011

    Durk van der Ploeg kaam yn jannewaris 1960 yn ’e redaksje fan De Tsjerne yn it plak fan Marten Sikkema. Hy wie doe 29 jier. It ûnderwerp dat him dwaande hâlde, wie de ‘eksperimintele’ Frysktalige poëzij. Syn earste grutte essayistyske stik dêroer – nei in koarte, negative resinsje fan de bondel reade runen fan Ella Wassenaer – wie ‘Fakirs fan de wurge slangen’, it stie [...]

  • 14 november 2011

    Tankwurd Durk van der Ploeg by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2011 klik hjir De Gysbert 2011: In bewegersrapport, Eeltsje Hettinga klik hjir Laudatio Bert Looper klik hjir

  • 10 november 2011

    Acht kolleezje, Hjirby advisearje wy de Provinsje Fryslân de Gysbert Japicxpriis 2011 ta te kennen oan Durk fan der Ploeg, skriuwer te Noardburgum. Fierderop yn dit brief fine jimme in wiidweidige ynhâldlike motivaasje foar dit advys. Alderearst wolle wy as kommisje graach in advys útbringe oer it karakter fan de priis. Wy fûnen it dreech om alle sjenres literatuer, útsein poëzij, yn ús oardielsfoarming te [...]

  • 10 november 2011

    Achte oanwêzigen/Bêste minsken, It moat my mar fuortendaliks fan it hert: einlings hat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis! Gelokkich, ik kin net oars sizze. At der ien de priis fertsjinnet, dan Van der Ploeg. Alle kearen neamd, nea wûn. Wat wie ik bliid dat ik Durk van der Ploeg lêsten moarnsbetiid belje mocht om him te fertellen dat er dizze priis krije soe. [...]