De fraaiste kykdoas fan Nederlân

Publisearre op 17 juni 2013

ANNE FEDDEMA – 

Einlings, nei in perioade fan in dikke tsien jier restauraasje, renovaasje én ferbouwe, is op 13 april fan dit jier it museum fan arsjitekt Pierre Cuypers wer yn folle gloarje te besjen. En ik sis der fuort mar by dat sels foar in betûfte, bedreaune sjogger as ik sels bin – of mien te wêzen – it besykjen fan it Ryks ek in besiking wie.

Mar wat wolle jo? Mear as achttûzen skilderijen, tekeningen, sulver, Delftsk Blau ierdewurk, meubels, wapens en juwielen, ferspraat oer fjouwer ferdjippings, yn tachtich sealen, wachtsje dêro op ‘e eagen fan tûzenen minsken, dy’t mar wat graach oan’e ein fan in lange rige oanslute wolle om binnen te kommen.

Ik begjin der mar mei te sizzen dat it Ryks al om njoggen oere moarns betiid harren doarren foar it publyk iepenet. En as jimme der hinne wolle, dan soe ik dat alsa mei klam oanrikkemandearje; yn alle gefallen foar it heechseizoen en de fakânsjes. Dan hawwe je nammers ek de grutste kâns dat je rêstich in bakje kofje drinke kinne mei wat derby. Bygelyks op it binnenterras fan it museumrestaurant mei 220 sitplakken yn it romtlike, ljochte Atrium. Je kinne dêr, en dat is moai, ek yn sûnder in kaartsje foar it museum te keapjen. It is hoe dan ek, júst finansjeel, wol noflik dat je in museumjierkaart hawwe. Yn it foarste plak kinne je dan by alle grutte musea oan it museumplein sûnder lang te wachtsjen samar trochrinne. ‘Losse’ museumbesites kostje al fyftjin oant tweintich euro tsjintwurdich; dat, in museumkaart hawwe je der yn dit gefal al yn ien kear út.

It foel my benammen op dat der yn it Ryks ûntelbere, fleurige jongerein, ‘hosts’, gastfroulju én hearen ompankoeken en dy’t je fuort, amper foarby de yngong, opfongen. Ek by de garderobe itselde byld; hertlike jonge minsken. Allegearre betelle personiel? En dan nochris wat; der binne mear suppoosten te finen yn it Ryks as ea yn it ferline yn ‘e DDR-musea. Dat seit dochs wol wat, tinkt my. Der moat wol bysein wurde dat se net in kwart sa noartsk en grimmitich binne. Nee, hjir is it wer krekt oarsom. Guon tinke dat se séls op in útstapke binne; ik kaam in seal binnen dêr’t krekt in grutte suppoost dwaande wie mei tapdûnsjen foar syn froulike kollega’s. It wie healwei tsienen. Moat kinne. Rare jongens die Hollanders, no?

Wat wol it nije Ryks eins? Wat binne de kearntaken dy’t it museum harsels oplein hat? Men wol minsken in gefoel foar skientme en in besef fan tiid ûndergean litte. De besiker makket in reis troch de Nederlânske skiednis fan ‘e midsieuwen oant en mei de tweintichste ieu. En dêr tuskenyn fine we alle hichtepunten út ús kollektive ferline. De Gouden Ieu allinne al krijt tritich sealen ta har beskikking, mei fansels de ‘Nachtwacht’ as grutte publykslûker.

Wat ik moai fûn, is dat de skilderkeunst út de njoggentjinde ieu, mei skilders as Breitner, goed foar it ljocht brocht wurdt. Sa kin de bûtenlânske toerist dêr ek ris wat better mei yn’e kunde komme. Yn de ‘lytse’ opstelling mei keunst út ‘e tweintichste ieu, binne we alwer oan’e ein fan ús museumtour… wat?! En in toer wie it, ik spaande der fjouwer oeren om en wie út ‘e liken, kin ik jimme fertelle. Je moatte der, lykas je dogge by oare grutte musea as it Louvre, it British Museum, Prado, in pear dagen foar útlûke. Of as it heal kin, in pear kear yn’t jier nei tagean.

Wat fansels noch wol nijsgjirrich is, is om wat te fertellen oer de Fryske ynbring. By de skilders fine we: Barteld van der Kooi, Lourens Alma Tadema en Jan Mankes. En dan is der noch Titia Bergsma út Ljouwert, de earste West-Europeeske frou dy’t yn Japan furoare makke. Fierder is der noch de skildering foar de yngong fan de topstikken út ‘e Gouden Ieu, fan Willibrordus dy’t it Kristendom by de Friezen bringt. Ik soe beslute wolle om jimme te sizzen: gean earst eefkes yn treening en dan sa fit as it mar kin nei it Ryks. It is wier de muoite wurdich.

Foar in wiidweidich fotoferslach, sjoch de Facebook-side fan Anne Feddema.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels