De fraaiste kykdoas fan Nederlân

ANNE FEDDEMA –  Einlings, nei in perioade fan in dikke tsien jier restauraasje, renovaasje én ferbouwe, is op 13 april fan dit jier it museum fan arsjitekt Pierre Cuypers wer yn folle gloarje te besjen. En ik sis der fuort mar by dat sels foar in betûfte, bedreaune sjogger as ik sels bin – of […]

Mooglik wurdt it in hiel oar stik

ELSKE SCHOTANUS –  By Sneak Previews, in begryp út de filmwrâld, giet it om foarstellingen dy’t noch net yn premjêre gien binne. Tryater doart it oan. Trije jûnen achter elkoar wurde trije stikken brocht, stikken dy’t noch yn ûntwikkeling binne. Foar in ‘leuk pryske’ kin it publyk dêr twa fan útkieze. Dat it om ‘útprobearsels’ […]

Saskia Bak wil schakel zijn tussen kunst en publiek

foto: Linus Harms

KAREN BIES – (foto: Linus Harms) Saskia Bak (1964) is ôfrûne jannewaris beneamd ta de nije direkteur fan it Fries Museum en keramykmuseum it Princessehof. In grutte ferrassing wie dat net. Al tsien jier wie se adjunkt en se foarme sûnt 2006 mei Cees van ’t Veen de Ried fan Bestjoer. Har rol is wol […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.