Hieke Postma: Talinten ha jo net krigen om se ûnder de grûn te triuwen

Publisearre op 18 april 2007

KAREN BIES – 

‘Ek hjir bepaalt de achtergrûn fan it bern faak de kar foar in ferfolchskoalle. It ûnderwiis hat de plicht út it bern te heljen wat deryn sit, en dochs bart dat meastentiids net.’ Hieke Postma sprekt út ûnderfining. Se is foarsitter fan de provinsjale koördinaasje-advysgroep ‘foarskoalsk’. Njoggen jier lang wie se foar de PvdA ûnderwiiswethâlder yn Achtkarspelen, in gemeente mei in grutte achterstânsproblematyk. Se hat foar de klasse stien, en boppedat is se sels in bern fan it Fryske plattelân.

Wêr bemuoide Ed Nijpels him mei, doe’t er in pear moanne ferlyn de Fryske ûnderwizers en âlders ‘gebrek oan ambysje’ ferwiet? Deputearre Bertus Mulder koe it min ferneare. Syn nota ‘Boppeslach’ moat soargje dat de provinsje yn gearwurking mei gemeenten en skoaldireksjes de kwaliteit fan it ûnderwiis ferbetteret en achterstannen ynrint. Nijpels batste op klompen tusken de goedwollende ynstânsjes troch.

Mar oft de kommissaris him der no mei bemuoit of net: Feit is dat it tal swakke basisskoallen yn Fryslân, dy’t ûnder kuratele stean fan de ynspeksje, yn de ôfrûne jierren groeid is fan 17 nei 22. Neffens it rapport ‘Presteren naar vermogen’ (febr. 2007) fan de Onderwijsraad, advysorgaan fan de minister fan ûnderwiis, komt it ferskynsel ‘onderbenutting van talent’ yn Fryslân faak foar. Bern fan âlders mei in lege oplieding ha te krijen mei lege ferwachtings, fan learkrêften en de âlders sels. Dy bern krije legere advizen as oare bern en kieze (en har âlders) foar in leger skoaltype, as dat se miskien oankinne soene. Ferfolgens binne se net by steat om yn it fuortset ûnderwiis de negative spiraal om te bûgjen, en meitsje se de lege ferwachtings wier.

Wat binne de oarsaken fan ‘ûnderbenutting’? De sosjaal-ekonomyske sitewaasje op it plattelân? Taalproblemen? It lege opliedings- en ambysjenivo? Hieke Postma-Veenstra kin, mei har ûnderwiisûnderfining op it plattelân, in byld jaan fan hoe’t soks ûntstiet.

Op de studearkeamer fan har hûs yn Bûtenpost fertelt Hieke oer har jeugd. Se waard yn 1944 berne op in pleats yn Feanwâlden, yn in doopsgesinde húshâlding. ‘Ik ha noait betanke foar de tsjerke. Wie sels jeugdliedster foar de doopsgesinde gemeenten fan Bûtenpost, de Westerein en Feanwâlden. Dûmny J.W. Hilverda organisearre jeugdkampen, sels nei it bûtenlân. Yn dy tiid gong men hjirwei hast noait op fakânsje. Hy hat ús – de bern fan dizze streek – in blik op de bûtenwrâld jûn en dêrmei emansipearre.’

Yn Feanwâlden gong Hieke nei de iepenbiere skoalle, de lettere Theun de Vriesskoalle. De klassen fiif, seis en sân sieten yn ien lokaal by master Sietze Keuning. Se wie in learling fan ‘laissez faire, laissez aller’. ‘Wol learderich mar gau tefreden. Myn âldere broer wie hiel oars. Koe goed leare, hie in fotografysk geheugen. Hy hie daliks wol nei de hbs kinnen. Mar nee, hy gong nei de ulo. De tradysje yn dy tiid wie: it libben is fan tefoaren bepaald. Master sei net: ‘Wat sit der yn dy, hokker skoaltype past by dy.’ Wy wiene in hiel gewoan boeregesin, dus ulo wie goed genôch. Dêrnei is Alle dochs noch nei de hbs gongen en úteinlik wiskundelearaar wurden. Der siet in jonge op skoalle, Oebele, dy koe hiel goed leare, helle op eigen inisjatyf de hegere klasse yn mei rekkenjen. Mar hy wie de soan fan in timmerman en gong dus nei de ambachtsskoalle. Fia in omwei hat er letter noch in universitêre stúdzje dien.

Foar famkes wie it standertadvys yn de jierren fyftich: húshâldskoalle. Mar ik gong ek nei de ulo. Dat kaam fral troch ús mem. Sy hie noait trochleare mochten en hie dat wol hiel graach wollen. Us mem wie dochter fan in lytse komelker, grifformeard. It wiene de krisisjierren. Mei har fertsjinne jild as help yn ’e húshâlding hie se sparre foar in fyts. Mar yn de minne tiid kamen de beurzen op tafel. Har heit sei: ‘As wy dat fan dy der no by dogge, hoecht der net in ko fuort.’ De fyts foar in ko.

Us mem woe har bern trochleare litte, as it heal koe. Wy mochten sels net melken leare! Want dan soene wy fierstegau ynset wurde op ’e buorkerij. As wy melke moasten wiene wy te sliepperich om te learen. It iennichste wat wy op ’e buorkerij diene, wie helpe as it ûngetiid wie, wat meiswylje of sa. En kij ferweidzje! Us mem rôp us altyd fan ’t bed. Mar as heit rôp betsjutte dat: kij ferweidzje.

Lykwols, heit folge ús mem yn har ideeën oer fierder learen. Mem woe graach dat ik nei de ulo gong, ynstee fan nei de húshâldskoalle. As ik trouwe soe, soe ik yn alle gefallen goed mei myn man prate kinne. En as ik dochs allinnich kaam te stean moast ik mysels goed rêde kinne. Nei de ulo hie ik de kar tusken op kantoar gean, de ferpleging yn, skoaljuffer wurde of yn militêre tsjinst. It waard de kweekskoalle.’

Yn 1964 wie se klear en koe in pear jier de kost fertsjinje yn it ûnderwiis. Twa jier letter troude se mei har jeugdleafde Lammert Postma. ‘Yn dy tiid hearde it amper sa dat jo as frou trochwurken nei jo trouwen. Mar ik wie kostwinner, want Lammert studearre noch yn Grins. Yn Appingedam koe ik oan it wurk op de iepenbiere Jan Lighthartskoalle.’

Se fûn it dêr ferskriklik. ‘Hiel tradisjoneel. Der stiene ek in pear âlde frijsters foar de klassen, mei hiel âlderwetske opfettings. Sy twongen bygelyks de bern om rjochts te skriuwen, oars krigen se klappen. It wie echt drille. Freeslik hoe’t sy mei bern omgongen. Ik joech in bern in komplimint as it wat goed die.’

Dat ik yn ’68 nei myn kreamferlof weromkaam foar de klasse fûnen se yn Appingedam ûnbegryplik. Omdat it foar in koarte tiid wie, is it ‘gedoogd’. Yn 1969 koe ik in baantsje krije as hantwurkjuffer op’e iepenbiere ienmansskoalle yn Godlinze. Yn 1972 binne wy nei Bûtenpost ferhuze. Lammert wurke yntusken op de universiteit, en wy woene graach nei Fryslân werom.’

‘Allinnich mar mem weze koe ik net. Ik ferfeelde my. By Nel Ojemann, ûnderwiiskundige en dosinte oan de Grinzer universiteit, die ik in kursus pedology, oer bern mei learproblemen. Yn De Harkema diene se praktykûndersyk. Se folgen bern dy’t wol en bern dy’t net nei it pjutteboartersplak gongen. Ik koe oan de slach as ûndersyksassistinte. We testen de bern ûnder oaren mei puzels, we sochten nei de taalskat dy’t bern ha. Bygelyks in plaatsje fan in tomaat sjen litte. It iene bern koe it wurd wol, it oare bern hie miskien wolris in tomaat hân mar wist net hokker wurd derby hearde. It resultaat fan dat ûndersyk wie dat bern dy’t wol nei it pjutteboartersplak gongen, mear feardichheden leard hiene, better praten, selsbewuster wiene.’

‘Op in momint kaam alles byinoar. Ik hie polityk al foar solidariteit, dus links keazen. Ik kom út in liberale húshâlding, mar myn âlders ha ús dat net foarleefd. Jùst it sosjale holden se ús foar. Mei troch dy kursus en dat ûndersyk mei dy pjutten komst der achter dat net elk bern deselde kânsen hat. Dêr woe ik wat oan dwaan. Yn 1976 begûn minister Jos van Kemenade mei stimulearringsûnderwiis, foar achterstânsproblemen by bern. Ik waard ynset op de iepenbiere skoalle yn Koatstertille. In bysûnder doarp. Fan oarsprong in boeredoarp, mar troch de yndustrialisaasje feroare dy befolking. Der kamen fabryksarbeiders by. De juf dêr’t ik mei te krijen hie stie dêr al jierren oan skoalle, koe de húshâldings út ’e pinne en hie har oardiel klear, sa fan: ‘Dy jonge, dat is ien fan dy-en-dy, net mei bemuoie, dat wurdt dochs neat.’ Dy hâlding makke ik letter ek mei yn myn wethâlderstiid. As ik besocht jild los te praten foar achterstânsbelied, seine kollega’s tsjin my: ‘Tinkst dochs net datst fan in dûbeltsje in kwartsje meitsje kinst!’ Dan sei ik: ‘Lit my der dan earst alve sinten fan meitsje, dan meisto de rest dwaan.’

Net allinnich fan bûtenôf wiene der lege ferwachtings fan de bern. ‘It hat ek wat mei de kultuer yn dit gebiet te meitsjen.’ Yn 1989 hat de RUG – nei oanlieding fan de hege wurkleazens – de ûnderwiissitewaasje yn Achtkarspelen ûndersocht en ferlike mei de lanlike. Yn Achtkarspelen gongen folle mear bern nei it leger beropsûnderwiis, en minder nei it algemien fuortset ûnderwiis, as lanlik. Net folle âlders bemuoiden har mei wat de bern op skoalle diene. ‘Er is een groep onbereikbare ouders,’ konkludearje de ûndersikers. De skoallen yn Achtkarspelen slaggen der net yn it patroan te trochbrekken.

‘In leech ambysjenivo, dy tradysje wie hjir al. Ferjit net, dizze sângrunen binne in streek fan ‘overlevers’. Minsken dy’t sels útfine moasten hoe’t se finansjeel troch de tiid kamen. Hoechst net oan te kommen mei wat oars, se ha gjin ferlet fan moaipraters. In bepaalde opstannichheid. En wurk stiet heger oanskreaun as leare. Sa gau mooglik sjen datst oan it wurk komst. As bern mei dy opfettings opgroeie, drage se dat ek wer oer op har eigen bern.

Learkrêften gean úteinlik mei yn dy delgeande kultuer, it ambysjenivo giet omleech. Dat trochbrekst net samar. It hat ek te meitsjen mei in gefoel fan feilichheid fan de ûnderwizer: ‘Myn skoalle en ik, dêr komt net ien tusken.’ Fanút de skoallen kaam de rop om minder taakbelesting foar de direkteuren. Nei in ynventarisaasje ûnder alle belanghawwenden kaam in oplossing: boppeskoalske direkteuren. In wjerstân dat der wie! Elkenien woe syn eigen skoaltsje en mear net. Konservatyf. Feroarje? Ho mar.

De problemen yn it westen, mei allochtoane bern, kinst wol fergelykje mei Fryslân mar dan komme de Fryske bern der noch folle minder út. Allochtoane bern skoare miskien leech, mar dy kinne har oplûke oan bern dy’t it hiel goed dogge. De problemen hjir, op swakke skoallen, binne folle taaier. Der binne hjir hast gjin útsûnderingen dêr’t de swakkere bern har oan oplûke kinne. Yn Amsterdam is safolle ophef ûntstien oer dy lege skoaladvizen oan allochtoane bern, mar sa giet it hjir al generaasjes lang. En omdat wy der sa oan wend binne, meitsje wy ús der blykber minder drok oer.’

‘It rapport fan Bernie van Ruijven, dy’t foar de Fryske Akademy de ûnderwiisachterstân yn Fryslân ûndersiket, befestige it byld fan Achtkarspelen. It die bliken dat de útkomsten fan it ûndersyk út 1989 noch altyd jilden. Bernie van Ruijven koe hjir aardich wat materiaal weihelje. Ik wie derby belutsen as bestjoerslid fan de VFG (vereniging Friese gemeenten). Ik hearde faak reaksjes as soe it oan de bern lizze, of oan it Frysk. As soe ien de skuld krije moatte. Mar it giet om in kultuer, in lange tradysje.’

‘Jo soene hoopje dat de sitewaasje wol fansels feroaret. De kultuer fan dizze streek sil net itselde mear wêze as tweintich of tritich jier ferlyn, omdat minsken tsjintwurdich minder hingjen bliuwe op it plak dêr’t se weikomme. Dochs tink ik dat jo dat idee fan ‘mear mobiliteit’ net oerskatte moatte. In lege oplieding betsjut minder kânsen om fierderop te kommen, en de tradysje yn dizze streek fan ‘wurk is belangriker as leare’ is sterk.

Minsken moatte har bewust wurde fan de problemen yn sa’n achterstânsgebiet, en net allinnich de beliedsmakkers. It ûnderwiis hat de plicht út it bern te heljen wat deryn sit. Talinten ha je net krigen om se ûnder de grûn te triuwen.’

‘Der wurdt gauris fokust op de problemen yn de lêste klassen fan it basisûnderwiis. Mar ik tink dat de foarskoalske perioade noch folle belangriker is. It pjutteboartersplak, mar ek de konsultaasjeburo’s kinne de problemen al sinjalearje! Dy binne leechdrompelich, dêr komt 99% fan de bern. Dêr wurdt diversiteit tusken bern noch aksepteard, en wolle âlders advizen om gedrach of hâlding te feroarjen wol oannimme. Op skoalle wurdt achterstân al gau sjoen as in bedriging.

Pjutteboartersplakken moatte profesjonalisearre wurde. Wy ha yn hiel Nederlân de mûle fol oer it belang fan de foarskoalske perioade. Mar we ha as mienskip it nedige jild der net foar oer! It is skandalich hoe’n bytsje jild guon gemeenten beskikber stelle. In pjutteliedster kin net iens in minimumynkommen fertsjinje, ek al wurket se tsien deidielen. Dêrby moat se it dwaan mei help fan frijwilligers. Hoe kinne jo dan ferwachtsje dat de problemen yn de foarskoalske perioade al by de kop pakt wurde?

Ek de opliedingen moatte mear omtinken jaan oan de foarskoalske perioade. Net allinnich de Pabo, mar ek de mbo-opliedings dy’t de liedsters foar de pjutteboartersplakken en de berne-opfang leverje moatte.’

‘Ik bin derfan oertsjûge dat it bewust omgean mei taal it alderbelangrykste is om de bern op in heger nivo te krijen. De foarskoalske perioade is essinsjeel. Taal bringt it tinken op gong, de yntellektuele ûntwikkeling. Yn autochtoane probleemgesinnen wurdt te min praat mei de bern. It ûndersyk út de jierren ’70 nei de pjutten yn De Harkema is noch altyd aktueel. Wy ûntdutsen dat der faak in negative hâlding is fan de âlders tsjinoer taal. De bern krije befelen: ‘Doch dit, doch dat, hâld dy stil.’ It ûntlokken fan taal: ‘Fertel ris wat dit is?’ bart te min.

Ik fyn ek it brûken fan it Frysk belangryk, omdat it dochs foar in protte minsken yn dizze miljeus de memmetaal is. It goed meikrijen fan de memmetaal is in goed begjin foar de twadde taal. De hâlding fan ûnderwizers tsjinoer it Frysk moat posityf wêze. Want, watst no sjochst: Frysktalige âlders bringe har bern yn it Nederlânsk grut, omdat dat better weze soe foar har takomst. Mar taal is ek emoasje, dat sa gau as heit of mem lulk wurde, geane se oer yn it Frysk. Skelle yn it Frysk, en wat krijst dan: sa’n bern groeit op mei in hiele negative assosjaasje mei it Frysk, en mei in negatyf selsbyld. Mei taalbelied moatst dus hiel bewust omgean.’

As ik fuortgean wol Hieke my noch wat sjen litte. Op de kast yn de gong stiet in kleurige bernetekening yn in listje, fan Aladdin en de wûnderlamp. ‘Dit is tekene troch in jonkje fan acht jier op de skoalle yn Appingedam der’t ik lesjûn ha. In jonkje dat net skoalsk leare woe, mar tekenje koe as de bêste. Ik joech him in njoggen op syn rapport. Hiest de kollega’s hearre moatten. Dy jonge, dat soe neat wurde. Se fûnen it belachelik dat ik him sa’n heech sifer joech op tekenjen. Wylst ik tocht, jùst om him posityf te stimulearjen om ek foar it oare syn bêst te dwaan: ‘Sjoch hoe goed ast tekenje kinst!’ Grutsk wêze op dysels, mear eigenwearde krije, dêr giet it om.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007),  3 (april).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels