Ik sil my de burd skeare

Publisearre op 8 april 2019

MAAIKE ANDRINGA EN RIANNE BLOKZIJL – 

‘Ik sil my de burd skeare.’ Giet dy de grize oer de grouwe by it lêzen fan dy sin? Dan bist fêst âlder as fjirtich, is it net? At de sin der neffens dy op troch kin, dan kin it hast net misse of bist jonger. Ek soest berne wêze kinne yn de santjinde of achttjinde iuw, mar om’t dy kâns sa lyts is, sille wy dêr yn dit stik net fanút gean.

It wurd ‘burd’ is hjoed-de-dei neffens de grammatika’s in it-wurd. Mar op strjitte hearre wy regelmjittich de burd, wannear’t minsken it oer it hippe moade-objekt hawwe. En wa tinkt dat it by dit iene gefaltsje bliuwt, hat it mis. Benammen de jongerein liket mar wat om te pankoekjen mei it lidwurd by wurden dy’t lichemsdielen oantsjutte. In logyske ferklearring hjirfoar is dat hjir it Nederlânske lidwurd brûkt wurdt; dêr is burd ommers wol in de-wurd.

It Frysk docht hjir nuver: By in soad wurden ha wy, tsjin alle ferwachtingen yn, krekt in oar lidwurd as it Nederlânsk en oare omlizzende talen. It is opfallend dat dat ferskynsel him faak foardocht by (uterlike) lichemsdielen: in soad fan dy wurden hawwe yn it Frysk it lidwurd it, wylst it Nederlânsk de hat. In pear foarbylden:

 

Frysk                                      Nederlânsk

it skouder                              de schouder
it wang                                  de wang
it kin                                       de kin
it ankel                                   de enkel
it burd                                    de baard

 

Mar dy ferskillen hawwe der net altyd west! It Frysk hie by wurden dy’t besibbe binne oan it Nederlânsk en oare buertalen itselde lidwurd as dy talen. Sa wie it yn it Midfrysk (17e en 18e iuw) de skouder, de kin en de burd.

Eartiids hie it Frysk dus folle mear deselde lidwurden as it Nederlânsk. Hoe kin soks feroare wêze?

De feroaring hat opfallend faak plakfûn by lichemsdielen. Dêr sit ek de ferklearring yn: dy lichemsdielen komme faak foar nei in ferhâldingswurd, lykas ‘pine yn it skouder’, ‘do hast wat op it wang’ of ‘oan it kin’. Nei sa’n ferhâldingswurd kin it lidwurd de maklik ferkoartsje ta ‘d’ en ûnder ynfloed fan it folgjende wurd feroarje ta ‘t’, as dat makliker útsprekt. En dan is it net frjemd dat yn de rin fan de tiid dy ‘t’ opfetten wurdt as in ferkoarte foarm fan it lidwurd it.

 

Midfrysk                                         tiidà                                      Nijfrysk         

oan de skouder >       oan d skouder > oan t skouder >     oan it skouder

 

Boppesteand soe in ferklearring wêze kinne foar it feroarjen fan de-wurden yn it-wurden as se nei in ferhâldingswurd foarkomme.

In twadde ferklearring liket wakker op de earste. Earder bewearden wy dat de sjwa-e fan de ûnder ynfloed fan it ferhâldingswurd dêrfoar ienfâldich fuortfalle kin, mar it soe likegoed sein wurde kinne dat de d fan de fuortfalt yn plak fan de e, mei as gefolch dat ‘e ûntstiet. Dizze ‘e kin op syn beurt maklik de foarm fan it krije, foaral by wurden dy’t begjinne mei in lûd (as a, e, i ensfh.). Dat soe der sa útsjen kinne:

 

Midfrysk                                  tiidà                                        Nijfrysk         

oan de ankel >                       oan ‘e ankel >                        oan it ankel

 

Utspraak spilet dus in wichtige rol yn de feroaring fan it lidwurd. Mar ek wurden dy’t it kwa útspraak net nedich hienen, gongen yn de feroaring mei, trochdat oare wurden yn itselde betsjuttingsfjild ek feroaren. Yn technyske termen hjit dat ek wol analogywurking. Mooglik hat dêrneist ôfstân ta it Nederlânsk in rol spile. As it oars is as it Nederlânsk, dan wurdt dat sa’n ferskynsel troch guon Friezen krekt ‘koestere’. De feroaring yn lidwurden kin dêrtroch goed fersterke wêze, om’t it as typysk Frysk sjoen wurdt.

No giet it wer rap oars, ûnder ynfloed fan it Nederlânsk, dêr’t de lichemsdielen meast de as lidwurd hawwe: troch it Nederlânske de baard kin it Fryske burd wer in de-wurd wurde. It soe ommers net foar ‘t earst wêze dat it Nederlânsk ynfloed hat op feroaringen binnen it Frysk.

De is eartiids foaral by guon lichemsdielen feroare yn it. Wat de goede ferklearring wêze sil? Dat witte wy net krekt. Wol kinne wy mei aardich wat wissichheid sizze dat taal syn eigen gong giet, hoe bot oft minsken ek besykje in taal in beskate foarm te jaan. Moatte de ‘Nederlânske’ lidwurden út it Frysk? Of banne wy dêrmei Aldfryske (en dus geve!) lidwurden út ús taal? Wat fynsto? It liket der yn alle gefal op dat wy tenei benammen manlju sjen sille dy’t net it burd, mar de burd stean litte.

 

Troch: Maaike Andringa en Rianne Blokzijl
Dosinten Frysk
Studinten MA Frysk

 

Boarne: Hoekstra, J. & W. Visser (1996), ‘De- en it-wurden yn it Frysk’. Us wurk XLV. P. 55-78.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels