Tij, taoide, tide
Publisearre op 6 april 2016
De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de residencies fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Other Words (beide projekten fan San Sebastian Kulturele Haadstêd 2016) .
In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief en jo kinne yn ‘e kunde komme mei de skriuwers dy’t meidogge oan it Other Words-projekt: Réaltán Ní Leannáin en André Looijenga.
Oan dizze middei dogge mei: Nuala Ní Fhlathúin, Réaltán Ní Leannáin, André Looijenga, Elmar Kuiper, Peter van Lier, Simon Oosting, Sigrid Kingma, Wies Noest, De Tigers fan Greonterp, Kaneli & Smit en Skelectief. Partners: Afûk, Tresoar, DSS2016, LWD2018.
Tide, taoide, tij, 17 april, 14.00 – 16.00 oere, Suvelfabryk Marrum, Hearewei 2A, Marrum, de tagong is fergees! Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt: www.tosta2016.eu. Mear ynformaasje oer Other Words: www.oarewurden.frl.
Kategory
Tags
André Looijenga, De Tigers fan Greonterp, Elmar Kuiper, Kaneli & Smit, Nuala Ní Fhlathúin, Oare Wurden, Other Words, Peter van Lier, Réaltán Ní Leannáin, Sigrid Kingma, Simon Oosting, Skelectief, TOSTA, Wies Noest
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]