Literêre útdaging yn in oar Europeesk lân

TSJOMME DIJKSTRA –

Fan jannewaris 2016 ôf partisipearret Fryslân mei de lannen/regio’s Baskelân, Masedoanje, Sloveenje en Ierlân yn in Europeesk projekt dat skriuwers nei in oar lân – in lân mei in minderheidstaal of in taal mei in lyts tal sprekkers – útstjoert. De skriuw(st)er krijt dêr in honorarium foar en syn/har reiskosten wurde fergoede. De organisaasje fan it projekt wurdt yn Fryslân fersoarge troch Tresoar, dat yn maart mei in seleksjeproseduere úteinset om Fryske kandidaten foar de útwikseling te finen. Projektlieder Syds Wiersma fertelt oer it projekt Other Words/Oare Wurden.

Wat binne de doelen fan it útwikselingsprojekt tusken dizze regio’s?

Wiersma: ‘It doel is om in netwurk op te setten tusken de lannen en skriuwers mei elkoar yn kontakt te bringen. En om de kwaliteit en potinsje fan de ferskillende talen oan elkoar sjen litte te kinnen, en ek oan it publyk. Dêrom wurde de wurken fan de skriuwers dy’t op útwikseling gean oerset. Earst nei it Ingelsk ta, dan nei alle oare fjouwer talen fan de lannen dy’t oan it projekt dielnimme. Want fuortendaliks fan Gaelic nei it Frysk oersette is dreech fansels. De wurken wurde allegear publisearre op de webside fan Other Words.’

De skriuwers sykje yn de regio dêr’t sy hinne gean op in literêre en kreative wize nei oerienkomsten en ferskillen tusken de kulturen?

‘Dat net per se. Je moatte yn elk gefal ien haadûnderwerp ha: in produkt dêr’t je oan wurkje yn de acht wiken dat je op útwikseling binne. En dan giet it derom dat je ideeën ha oer wat je mei je wurk yn de mienskip dêr dwaan kinne. Bygelyks, in Fryske romanskriuwer dy’t dwaande is oan in Fryske roman, kin dizze perioade brûke om in roman ôf te meitsjen. Mar hy/sy moat ek meidwaan oan yn elk gefal twa aktiviteiten yn dat lân. Optrede bygelyks, of oan edukative projekten dwaan.’

Yn it gefal fan Baskelân, Fryslân – fia it Lân fan Taal – liket der in bân mei Kulturele Haadstêd te wêzen. Wat kin it projekt opleverje mei it each op KH2018?

‘Fryslân hat him yn it kader fan KH2018 oansluten by it projekt, foar it Kulturele Haadstêd-program Lân fan Taal. De provinsje hat him der hurd foar makke om hjiroan mei te dwaan. En der binne ideeën betocht om yn 2018 wat bysûnders te organisearjen. Sa is oppenearre om yn 2018 alle skriuwers dy’t meidien ha hjir út te nûgjen, en faaks ek yn Valetta yn Malta, dat tagelyk Kulturele Haadstêd is mei Ljouwert. Dat soe in moaie manier wêze kinne om it projekt ôf te sluten. It is noch mar in idee, der is bygelyks ek in idee om langer troch te gean mei it projekt en om der nije regio’s by te belûken.’

Wurde de regio’s om bar troch in ynternasjonale groep skriuwers besocht? Of wikselje se allegear tagelyk minsken mei-inoar út?

‘Elk jier stjoert eltse regio twa skriuwers út. Dat elk jier giet it om tsien skriuwers, mei-inoar. Yn juny en july giet de earste Fryske skriuwer nei Masedoanje. En yn novimber giet der in skriuwer út Fryslân nei San Sebastián. De skriuwers wurde dus net allegear tagelyk útstjoerd en in lân ûntfangt net alle skriuwers yn ien kear. Dan sit der ek in soad tiid tusken ferskillende perioades dat der skriuwers nei Fryslân komme.’

Jimme sykje no Fryske skriuwers foar de earste seleksje?

‘Fryske taal is ál in betingst. Dat je Frysk skriuwer binne. It sjenre stiet net fêst by wat je meitsje sille. Wy binne op syk nei ferrassing. It hoecht net perfoarst proaza te wêze, of poëzij. In rige songteksten meitsje mei ek. Of in teaterstik, of in filmskript. Wy hoopje ek dat der jonge skriuwers binne dy’t har oanmelde. De earste stêd is Bitola yn Masedoanje, dy’t in in hiel ynteressante skiednis hat. Masedoanje hat in wichtige bydrage levere oan de âld-Grykse beskaving. It wie it heitelân fan Aleksander de Grutte. Letter wie der de Ottomaanske oerhearsking, resinter noch de Balkanoarloch. It is ús Fryslân wei it fierste mar miskien ek wol meast prikkeljende of útdaagjende gebiet fan de útwikselingen. Ik bin benijd oft skriuwers har dêr ta oansprutsen fiele.’

‘Oanmelde foar de earste útwikseling kin oant 15 maart. En yn twa wiken is dan bekend wa’t it wurdt. Dan komt der wierskynlik ek gau in call foar San Sebastian.’

Yn april komt der ek al in skriuwster yn Fryslân. De Ierske skriuwster Orna Ní Choileáin. Wat sil sy hjir aanst dwaan? Binne der al plannen makke?

‘Se is skriuwster fan jeugdliteratuer en se wol graach nei trijetalige skoallen ta. Se is ek singer-songwriter en wol dus ek graach optrede. Wy lizze har ein febrewaris in tal mooglike eveneminten foar. Optrede yn de Ierske pub soe moai wêze. Mooglik komt der in evenemint yn gearwurking mei de Moanne.’

Oan it útwikselingsprojekt dogge ynsidinteel ek oare regio’s, lykas Ossitaanje, Wales en Malta mei. It útwikselingsprojekt is in inisjatyf fan it keunstsintrum Donostia Kultura yn San Sebastian. Mear ynformaasje oer de seleksje-easken en opset fan it projekt stiet op: www.tresoar.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.