San Sebastian siket Fryske keunstner

De Kulturele Haadstêd fan 2016 San Sebastian / Donostia siket in Fryske keunstner foar it ynternasjonaal útwikselingsprojekt TOSTA. Op basis fan in publike oprop kinne keunstners út hiel Fryslân harren plan yntsjinje om yn de perioade maart – april 2016 te wurkjen yn ien fan de sân útwikselingsregio’s binnen it TOSTA-projekt. De oprop is benammen rjochte op keunstners dy’t graach yn ‘e bûtenloft wurkje. Yn it bysûnder binne projekten wolkom dy’t rjochtstreeks in ferbining lizze mei de minderheidstalen dy’t mei de keunster, de gastmienskip en it TOSTA-projekt anneks binne.

It beskie fan de beoardielingskommisje wurdt bekend makke fanôf 13 febrewaris 2016 op de webside fan it TOSTA-projekt op www.tosta2016.eu en op de webside fan de Moanne. Plannen ynstjoere kin oant 10 jannewaris 2016. Dat kin fia info@tosta2016.eu of fia de post nei Afûk, Tosta-projekt, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. It formulier mei beoardielingskritearia om te sollisitearjen foar it residinsjeprogramma kin opfrege wurde fia dizze link downloaden wurde.

De Afûk wurket yn it TOSTA-projekt gear mei kulturele ienheden oan de Atlantyske kust fan Europa. It projekt kombinearret de promoasje fan artistike kreaasje, it earbetoan oan taalkundich en kultureel ferskaat, it lykwichtich omgean mei talen yn in ynternasjonaal projekt en in fernijende kommunikaasjestrategy.

It TOSTA-projekt is ien fan de grutste projekten fan San Sebastian as Kulturele Haadstêd 2016 wêrby’t it fieren fan it taalferskaat en de kulturele diversiteit foarop stean. Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt op www.tosta2016.eu en fia mail info@tosta2016.eu.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.