Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Slamme!

De Dichter fan Fryslân is te gast, mar Sigrid Kingma sjocht Kriebelvisje op tafel lizzen en kin al gau net mear ophâlde fan lêzen. Hoe sjocht se werom op de earste oardel jier, wat is har favorite snack?   Tegearre mei Gabrielle hat Sigrid de earste offisjele Fryske Slam organisearre, en we sjogge ek foarút […]

Trauma, Herstel en de Fryske Taal

(NL tekst hieronder) Gabrielle Terpstra studearret dit jier ôf oan de Akademy foar Popkultuer en hat dêrom in show makke mei de namme Katharsis. Op 16 mei lit se yn kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar tegearre mei Alwin van der Toorn de reis sjen dy ’t se makke hat troch ferhaal en poëzy mei […]

It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe

Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Gleone Koppen

Gabrielle en Arjan wurde in depressyf fan aaklike reaksjes op Facebook ûnder nijsberjochten, wêrom is elkenien sa lilk? Bygelyks oer in plestik klitoris, men liket wol hieltyd preutser en konservativer te wurden en dat stimt ús swiermoedich. Sels yn it echt ûntkomst net oan skombekjende gleone koppen. Wat sil Arjan dwaan no ’t er gjin […]

Dichtersjûn mei marimbamuzyk

Jetze de Vries

Dichters út allerhanne fermiddens sille foardrage op it Boskpoadium yn Obe. De Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma sil optrede en dichter Edwin de Groot fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema, Christa Nicklewicz en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht. Marimba- en fibrafoanspiler Gerben […]

Optrede foar de frede (1) – Aggie van der Meer: de Dnjepr

Sigrid Kingma lêst in gedicht fan Aggie van der Meer

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei. De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear […]

Rûntsje Hûntsje, konsept mei in gat?

SIGRID KINGMA –  By de bernefoarstelling Rûntsje Hûntsje fan Tryater sit in boek dat bedoeld is foar gebrûk op skoalle as tarieding op de foarstelling. It is op it earste gesicht in nuver boek. Yn it midden sit in grut gat dat troch alle siden hinne giet. De siden ha de dikte fan in poppeboek […]

Friezen gongen Dutch op syn Skotsk

ARJAN HUT – As ik tink oan Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar op StAnza, it poëzijfestival yn Skotlân, dan sjoch ik Sigrid mei in grutte, blauwe, selsmakke iiskristalshurikenboomerang op it poadium stean te swaaien. Dan sjoch ik Geart dy’t op in wetterfyts oer de weagen fan de Noardsee in selfy makket mei in pear boartuorren op de […]

Koart, mar sûnder oertsjûging

SIGRID KINGMA –  Yn maaie 2016 kaam fan teolooch Wytze Brandsma de dichtbondel God is het antwoord niet/God is it antwurd net út. Op it kaft stiet in foto dy’t net misstean soe op in fytsgids fan Fryslân; weidzjende kij ûnder in licht bewolke loft. Yn dit boekje dat fjirtich twatalige gedichten telt, fertolket Brandsma […]

Der wie net te min te belibjen

ARJAN HUT –  De presintaasje fan de debútbondel ‘Reade Triedleas’ fan Sigrid Kingma bygelyks, mei gastoptredens fan dichters Elmar Kuiper, Arjan Hut en Joost Oomen. Sjongeres Greetje Bijma wie ek wer ris yn Fryslân te hearren, sy song nij wurk basearre op gedichten fan Janna van der Meer. Boppedat wie Reinder Rienk van der Leest […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.