Seksualia

Publisearre op 18 december 2007

ANNE DYKSTRA – 

Doe’t de Leeuwarder Courant in jier of wat lyn op ’e foarste side in berjocht hie oer it âldste fynplak fan it wurd neuken, wie dat foar guon lêzers reden om har abonnemint op te sizzen. Dêr waarden se by de Ljouwerter fansels goed kjel fan en der waard sels in ombudsman-achtich stikje oan wijd om de motiven fan ’e redaksje út te lizzen, de krante moat op it lêst al ferkocht wurde. Utjouwers fan wurdboeken witte fansels ek dat in part fan har publyk muoite hat met termen dy’t al te eksplisyt ferwize nei seksuele en ûntlêstende funksjes fan organen yn it ûnderlichem. Wurdboeken moatte ek ferkocht wurde en dus suverje guon útjouwers de ynhâld dêrfan. Yn in liberaal lân as dat fan ús falt dat tsjintwurdich trouwens wol ta, al wie der eefkes sprake fan dat Van Dale in fatsoenlik kristlik wurdboek útbringe soe. Yn it preutse, of sa’t je wolle, hypokrite Amearika spilet dy kwestje folle sterker. It is sels sa dat der ekstra keine edysjes binne fan wurdboeken dy’t yn de steat Texas yn ’e winkel lizze.

Preuts
Is it preuts of hypokryt om seksualia út wurdboeken te kearen? Dat hinget derfan ôf. Op himsels is it begryplik dat in útjouwer, dy’t op it lêst fertsjinje wol oan syn wurdboeken, rekken hâldt mei de doelgroep. Sa kin ’k my foarstelle dat in útjouwer fan in skoalwurdboek rekken hâldt met de jonge brûkers troch net al te wiidweidich omtinken te jaan oan ’e terminology fan ’e fuortplanting en fan ’e útskiedingsorganen. Dêr sitte de bern faaks al, mar de âlden grif net op te wachtsjen. In útjouwer dy’t om kommersjele redenen de ynhâld fan syn wurdboek oanpast oan ’e minder tolerante maatskippij dêr’t syn wurdboek yn ferkocht wurde moat, konformearret him op syn meast oan ’e hearskjende opfettings. Syn wurdboek jout dan wol in goed byld fan ’e tinkbylden fan in beskate maatskippij yn in beskate tiid, mar it is de fraach oft syn wurdboek in earlik byld jout fan ’e feitlike taalsitewaasje en mear spesifyk fan it mûnlinge taalgebrûk.

Fryslân
Hoe sit dat yn Fryslân? Yn 1956 kaam by de Fryske Akademy it Frysk-Nederlânsk Wurdboek út. Nei alle gedachten hielendal yn ’e geast fan de tiid, de seksuele revolúsje moast ommers noch komme, is dat wurdboek tige hoeden mei it jaan fan seksualia. Yn 1969 sprekt professor Buma, heechlearaar Frysk yn Grins, de hope út dat it Wurdboek fan de Fryske taal (WFT), dêr’t by de Fryske Akademy dan al 30 jier oan wurke wurdt, in romhertiger belied oangeande it opnimmen fan minder foechsum taalgebrûk fiere sil. Dy hope is werklikheid wurden, benammen om’t it WFT as wittenskiplik beskriuwend wurdboek yn prinsipe alle materiaal opnimt dat yn de kartoteken sammele is. Yn dy sin is it frijmoedige opnimbelied fan it WFT dus net sa bysûnder. Dat wie oars by it Frysk-Nederlânsk Wurdboek dat yn 1984 útkaam. Koop Scholten wijt der yn it Tydskrift foar Fryske taalkunde in wichtich part fan syn besprek oan. Der klinkt sawol ferwûndering as bewûndering troch út Scholten syn besprek. Ien fan de figueren yn in strip fan Geart Gratama achterop De Strikel rekket folslein oeral fan al de ‘fize wurden’ dy’t er yn it wurdboek oantreft. De krekt noch sa grutske eigner fan it splinternije wurdboek stiet der in bytsje betûmele by en hy seit dat er it eins foar syn bern kocht hie. Dêrmei suggerearret er dat it nije Fryske wurdboek troch syn frijmoedigens wol ris hielendal net sa geskikt wêze kinne soe foar (syn) bern. Ik wol dêr gjin oardiel oer útsprekke, mar ik stel wol fêst dat it wurdboek fan 1984 grôtfol wurden stiet dy’t mei it seksuele te krijen ha. Ik stel ek fêst dat dat yn 1984 blykber frij bysûnder wie. Yn alle gefallen bysûnder genôch om der in strip oan te wijen.

Halbertsma
Mei dûmny en taalman Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) begjint de Fryske wurdboekskriuwerij. Syn wurdboek wie it earste dat ek Nijfrysk opnaam. It Lexicon Frisicum is yn 1872 útkommen, trije jier nei syn dea. It is in ûnfolslein wurdboek, allinne it part A – Feer is publisearre, hoewol’t dêr, troch Halbertsma syn wurkwize ek wol wurden yn stean dy’t letter yn it alfabet komme. It Lexicon leit de Fryske wurden yn it Latyn út. Halbertsma wie aktyf yn ’e tiid fan ’e Romantyk. Romantisy hienen in soad niget oan skiednis en benammen foar de midsieuwen. Der ûntwikkele him in sterke belangstelling foar eigen folk, taal en skiednis. Taalkundigen rjochten har op ’e lokale talen en dialekten. Sy hienen mear op mei de gewoane sprutsen taal as mei de deftige boeketaal. Taal en folk waarden as ien beskôge. It idee wie dat de taal, it karakter en de kultuer fan in folk ferbûn wienen en ynfloed op elkoar útoefenen. Uteinlik stuts it nasjonalisme de kop op yn de Romantyk. De eigen taal, skiednis en kultuer waarden as superieur beskôge. Halbertsma wie in echte romantikus. Hy idealisearre de Friezen en har âlde, weardefolle taal, skiednis en kultuer. Neffens him wienen de Friezen yn har taal rjocht foar de raap, útsein as it om it fuortplantsjen gong. Hy miende dat it tsjin it Fryske nasjonale karakter yn gong om dêr oars as yn eufemismen oer te praten. It eigentiidske sprutsen Frysk hied er in soad niget oan. Hy wie poer tsjin op spraakkeunsten dy’t de lju de taal foarskreaunen. De taal wie ommers fan ’e minsken sels! Hy koe it folslein lykfine mei de bruorren Grimm, dy’t yn harren wurdboek de taal opnamen sa’t er wie en net sa’t er wêze moatte soe.

Wurdboeken en seksualiteit
Oant it begjin fan ’e 19de ieu befetten wurdboeken yn Europa frij algemien seksueel taalgebrûk. Letter wurdt dat minder, al kin dat faaks earder op rekken skreaun wurde fan it persoanlik stânpunt fan in wurdboekskriuwer as fan de tiidgeast. Sa skreau Jacob Grimm yn 1852 oan Matthias De Vries, haadredakteur fan it Woordenboek der Nederlandsche Taal: “Dem lexicographen und grammatiker müssen alle wörter gleich wichtig und heilig sein, folglich auch, die an sich unschuldigen obscoenen.” De Vries tocht dêr ynearsten oars oer. Dy woe syn wurdboek krekt brûke om it Nederlânsk te ferbetterjen en te suverjen troch gjin ûnfatsoenlike en ûnbeskaafde taal op te nimmen. Halbertsma wie dêr poer op tsjin. Hy klage yn 1858 by Grimm oer De Vries syn opfettings en hy skreau him dat er bliid wie dat Grimm wol obsene wurden opnaam. Soksoarte wurden hearre gewoanlik ta de âldste fan in taal, miende Halbertsma. Mathijsen beskriuwt yn har boek De gemaskerde eeuw seksualiteit as in sosjaal probleem yn ’e 19de ieu. Yn ’e hegere literatuer kaam seksualiteit net eksplisyt oan ’e oarder, mar der wie wol pornografy yn dy dagen. Tagelyk krigen de earste romans dy’t seksueel eksplisiter wienen lykwols in soad moralistyske krityk. Halbertsma syn oertsjûging dat wurdboeken iepen omgean moasten mei seksueel taalgebrûk paste dus net echt by de hearskjende opfettings oer seksualiteit. Dat docht noch ris ekstra bliken út de reaksjes op ’e earste ôfleveringen fan it sprekwurdeboek fan Harrebomée (1853-1854). Ewoud Sanders hellet yn Onze Taal (2005-9) in besprekker oan dy’t tekear giet tsjin it sammeljen fan ‘die walgelijk geestige zetten van ’t laagste gemeen.’ Mei soks ‘een woordenboek der Nederlandse taal … te bezoedelen’, wie neffens him in ‘vergrijp tegen d’algemeene beschaving; ’t is een hoon, der taal aangedaan.’ Harrebomée brûkte oars yn syn wurdboek foar poep- en piswurden ek wol trije puntsjes om it slimste derôf te heljen.

Niget oan seksualia
Halbertsma syn wurdboek, en de hânskriften dêr’t it op basearre is, hawwe, lykas men ferwachtsje soe, in soad wurden en útdrukkings oangeande de seksualiteit. Safolle, dat Buma yn 1969 tocht dat Halbertsma út persoanlike niget der sa’n omtinken oan joech yn syn wurdboek. Ut en troch liket Buma yndie stipe te wurden troch de foarbylden dy’t Halbertsma brûkt. Yn it artikel BAES, bygelyks, is it allerearste foarbyld: Dy to lang fár feint thjinje hawwe dien as hja baes wirde (frij oerset út it Latyn: jongkeardels dy’t ‘te lang omjachtsje binne útneukt as se trouwe’). Yn it artikel bled (bledside) ha mar leafst twa fan ’e fjouwer foarbylden mei it seksuele te krijen: It boekje mei twa bledden (froulik geslachtsdiel) en Hy studjerret to folle yn it boekje mei twa bledden (hy hat tefolle seks). Buma is net de iennige dy’t mient dat Halbertsma in soad niget hie oan seksueel taalgebrûk. Kalma sjocht yn it wurk fan Halbertsma, en dat fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling, in mear as gemiddelde niget oan it seksuele.

Fan bûsjild oant poes
Halbertsma wurke faak assosjatyf. Gâns artikels ha foarbylden en ferwizingen dy’t amper wat of soms hielendal neat mei it trefwurd te krijen ha. It artikel bûsjild lit dat moai sjen:

bus-jild, n. Ang. pocket-money, Nl. zakgeld, nummi aliquot quæ quisque secum habet. Figurate, vis procreatrix genitalium viri, Di âlde stakker trouwt my dær ien flink jung frommis ind hy hat nin busjild. Figura latet in scroto, quod Frisii di sek, sacculum, nuncupant. Confer Ags. puse, f. marsupium, Alam. phoso, idem, Isl. puss, m. marsupium, volva equarum, F. pus, cg. cunnus.

Faaks op in idee brocht troch zak yn zakgeld jout Halbertsma in figuerlike betsjutting fan bûsjild: it fermogen fan it manlike orgaan ta reproduksje. Hy yllustrearret dat mei it foarbyld Di âlde stakker trouwt my dær ien flink jung frommis ind hy hat nin busjild. Halbertsma leit út dat de figuerlike betsjutting yn it skroatum leit, dat de Friezen di sek, sacculum (lyts pûdsje) neame. Dan ferwiist Halbertsma de lêzer nei it Angelsaksyske puse, “marsupium” (sek, tas, beurs), en Aldheechdútsk phoso, dat itselde betsjut, lykas Yslânsk pus. Dat lêste wurd hat noch in betsjutting, nammentlik “volva equarum”, (vulva fan in merje). Dat brocht him mooglik op it Fryske pus (poes), “cunnus” (fagina). Sa komt er yn mar tsien rigels fan bûsjild op fagina! De etymology fan pus hie hjir trouwens hielendal net neamd wurde hoegd.

Ynformanten
It Frysk wie yn dy tiid amper in skreaune taal, dat Halbertsma moast syn taalmateriaal streekrjocht by de Friezen sels ophelje. Hy ynterviewde minsken en hy krabbele allerhanne nijsgjirrich taalgebrûk yn syn bûsboekjes. Hy hie it leafst ienfâldige lju dy’t net lêze en skriuwe koenen. Wol dat sizze dat al dat seksuele taalgebrûk yn it Lexicon út ’e mûlen fan syn ûnûntwikkele ynformanten kaam? In part faaks, mar grif net alles. De minsken fertrouden Halbertsma lang net as er mei syn boekje yn ’e hân fan alles en noch wat witte woe. It liket dêrom net wierskynlik dat se frij út mei him oer seksuele oangelegenheden praten. Yn ’e 23 bûsboekjes dy’t bewarre bleaun binne stean yn alle gefallen amper oantekeningen oer it seksuele. It liket der earder op dat Halbertsma in moai grutte seksuele wurdskat fan himsels hie. Kalma wol ha dat Halbertsma syn preökkupaasje mei seksualiteit sa sterk wie dat syn geast hieltyd op ’e syk wie nei nije wurden en útdrukkings foar seksuele saken.

Obseen
Seksueel taalgebrûk is fansels net by definysje obseen, oanstjit jaand of taboe. It Lexicon sels is der net altyd dúdlik oer wat yn dy dagen al of net troch de mesken koe. Soms wurde wurden en útdrukkings obseen, eufemistysk of triviaal neamd, mar soks bart lang net systematysk. It is dreech om fêst te stellen hoefolle oanstjit seksualia yn ’e earste helte fan ’e 19de ieu joegen. Boppedat, wat de hegere sosjale klassen ôfkarre, kin yn ’e legere klassen wol akseptearre taalgebrûk wêze. De 19de-ieuske Fryske lêzers fan it Lexicon Frisicum sille grif ta de hegere klassen heard ha. Mooglik namen dy yndie oanstjit oan it ûnbeskromme fan it wurdboek. Yn in lêzing foar it moai elitêre Frysk Genoatskip yn ’e winter fan 1857-1858, observearre in sprekker dat de hegere klassen gjin Frysk prate en dus ek amper of nea Frysk liezen. Fangefolgen rjochten de Fryske skriuwers har op ’e legere klassen en brûkten se mei sin saneamde naïve, faak alles behalven fatsoenlike útdrukkings. Neffens de sprekker die soks earder ûnderstek oan it Frysk as dat it de taal fuortsterke. Dat kin krityk op Halbertsma en syn bruorren west ha. Dy skreaunen ommers mei har Lapekoer ek foar it gewoane folk, al kamen har teksten gauris by de hegere stannen telâne.

Latyn
Yn syn boek oer The Latin Sexual Language (1982) neamt Adams mentula it gewoane obsene wurd foar it manlik orgaan. It wie sa obseen dat Cicero it net iens brûke woe yn syn ferhanneling oer obseniteit. Yn Cicero syn tiid hie penis syn letterlike betsjutting fan ‘sturt’ al ferlern, seit Adams, en mooglik ynterpretearren guon sprekkers de seksuele betsjutting net as metafoarysk. Yn it Lexicon wurdt penis brûkt foar nammen fan it manlike orgaan fan bisten, wylst de obseniteit mentula nei dat fan minsken ferwiist, sels as it giet om in neutraal wurd as ding. Wol dat sizze dat Halbertsma dochs gefoeliger wie foar seksueel taalgebrûk as dat men op grûn fan syn reputaasje en syn wittenskiplike útgongspunten ferwachtsje soe? Om dêr wat fan sizze te kinnen soenen wy witte moatte oft er it ferskil tusken penis en mentula koe, en dat witte wy net. Dochs liket Halbertsma him net altyd noflik te fielen wannear’t er seksuele wurden en útdrukkings yn syn eigen hânskriften notearret. De ferklearjende taal yn de hânskriften is it Nederlânsk, mar Halbertsma switst faak nei it Latyn wannear’t er wurden beskriuwt dy’t mei seksuele hannelingen of mei fuortplantingsorganen te krijen ha.

Crimen nefandum
As taalkundige en wurdboekskriuwer seach Halbertsma gjin ferskil tusken obsene en oare wurden. Syn Lexicon Frisicum befettet dan ek de weareld oan seksueel taalgebrûk. Safolle stiet dêr fan yn dat Buma en Kalma tochten dat Halbertsma krekt dêr mear as sljochtweihinne nocht oan hie. As romantikus en Frysk sjovinist beskôge Halbertsma de Friezen as in edel en fatsoenlik folk, dat nea oanstjit jaan soe yn har taalgebrûk. As it net oars koe, dan waarden der eufemismen brûkt. Faaks is in soad fan it seksuele taalgebrûk yn it Lexicon Frisicum foar Halbertsma akseptabel en fatsoenlik. It wurdboek sels jout dêr net genôch útslútsel oer. Halbertsma syn byld fan ’e Friezen liket te botsen mei syn eigen byld fan immen dy’t graach nei de seksualiteit ferwiist yn safolle fan syn wurk. Dat byld is sa sterk dat ik oanstriid ha om te tinken dat it Lexicon Frisicum ús op syn minst safolle leart oer syn niget oan seksualiteit as oer syn leksikografyske en taalkundige prinsipes. Dochs hat er in wat twaslachtige hâlding foar seksueel taalgebrûk oer. Wylst er de romte oan seksueel taalgebrûk yn syn eigen wurdboekhânskriften opnimt, brûkt er it Latyn ynstee fan it Nederlânsk om dat oer te setten en/of te ferklearjen. Faaks hienen der yn it Lexicon Frisicum wol net iens safolle seksuele wurden en útdrukkings stien as de ferklearjende taal net it Latyn west hie. Der is ien opfallende omisje. Yn in brief oan Grimm hat Halbertsma it oer it crimen nefandum, de ûnútsprekbere misdie, oftewol homoseksualiteit, dat neffens Halbertsma as de ultime ôfwiking beskôge waard. Yn ’e 19de ieu waard yndie net iepentlik oer homoseksualiteit praat. It wie yn Nederlân oant 1811 sels noch in misdie. Faaks ferklearret dat wêrom’t Halbertsma gjin wurden yn syn wurdboek opnommen hat dy’t te krijen ha mei homoseksualiteit. Op grûn fan syn leksikografyske útgongspunten hied er dat fansels al dwaan moatten. Blykber wie homoseksualiteit sa’n grut taboe dat sels it Latyn net distansjearjend en formeel genôch wie om it te behanneljen yn it Lexicon Frisicum. Syn learmaster Slothouwer, dêr’t Halbertsma fan seit dat ‘zijn onderwys … ten hoogste moreel (was)’, hat it der by de jonge Halbertsma oars ek goed yndruid: ‘by Juvenalis leerde hy ons de monsterachtige ondeugden der Romeinen kennen en hoe die in ons midden herleefden, met name het crimen nefandum.’

As it no wittenskiplike of persoanlike niget west hat, of faaks beide, feit is dat Halbertsma syn sammeljen in grut ferskaat oan Frysk seksueel taalgebrûk opsmiten hat. Mei Halbertsma is dus net allinne de Fryske wurdboekskriuwerij begûn, mar ek it leksikografysk beskriuwen fan Frysk seksueel taalgebrûk.

It Friesch Woordenboek (1900-1906)
Halbertsma fielde oankommen dat er syn wurdboek net dien meitsje kinne soe. Op syn fersyk hat de provinsje it wurdboek fierder op ’e noed nommen. Op basis fan it Lexicon Frisicum en de neilitten hânskriften fan Halbertsma is doe it Friesch Woordenboek makke. Hoewol’t der mear minsken oer gear west ha, stiet dat wurdboek meast bekend as it wurdboek fan Waling Dykstra. Yn 1892 waard de taalkundige Foeke Buitenrust Hettema by it wurdboek behelle. Dy woe, eins krekt as Halbertsma, de taal jaan sa’t er op skrift, mar benammen ek mûnling, yn libben gebrûk wie. De kommisje fan tafersjoch kearde lykwols hieltyd mear seksualia út it wurdboek. ‘Zelfs spreekwoorden ontsnapten niet altijd aan de censuur der fatsoenlijkheid en bescheidenheid’, skreau wurdboekkorrektor S.K. Feitsma yn 1905. Dochs hat de kommisje noch gâns seksueel taalgebrûk stean litten, of oer de kop sjoen, dat kin fansels ek. It seit himsels dat in soad dêrfan út Halbertsma syn materiaal kaam.

De Akademy-wurdboeken
It Frysk-Nederlânsk wurdboek fan 1956 hat al eefkes oan ’e oarder west. Dat die neffens it wurdboek fan Waling-om in hiele stap tebek wat ûnfoechsume taal oanbelanget. Oan it materiaal hoegde it net te lizzen, want de skriuwers hawwe de saneamde âlde kartoteek fan it WFT brûkt as basis foar har wurdboek. Yn dy kartoteek wie it hiele Lexicon Frisicum opnommen, lykas materiaal út Halbertsma syn wurdboekhânskriften. Boppedat siet it Friesch Woordenboek ek hielendal yn ’e kartoteek, dat de skriuwers koenen út ’e romte tarre wat seksueel taalgebrûk oanbelanget. De tiid wie der lykwols net nei om dat ek yn in algemien wurdboek op te nimmen.

It earste nije wurdboek nei dat fan 1956 kaam út yn 1984. Foar dat wurdboek hat de skriuwer ek wer de kartoteek fan it WFT brûkt. Dy wie ûnderwilens útwreide mei Sipke Blumers syn wiidweidige samling fan seksueel en rûch taalgebrûk. Foar it wurdboek fan 1984 wie dus noch mear seksueel taalgebrûk foarhannen as foar dat fan 1956. De skriuwer hat der wat mei oan west, liket it wol. It stiet him sûnder mis te priizgjen dat er seksualia yn syn wurdboek opnommen hat, yn ’e tachtiger jierren koe dat suver ek net oars, mar hy is wol wat trochslein. It is net om ’e nocht dat krekt dat aspekt yn ’e resinsje fan Scholten en yn Gratama syn strip sa sterk nei foaren ta komt. Men kin net by in oar yn ’e holle sjen, mar it is krekt of hat de skriuwer tocht as it seksuele dan dochs syn gerak ha moat yn it wurdboek, dan nim ik fuort ek alles mar op. Oars kin ik teminsten net ferklearje wêrom’t bygelyks de ferliking in kut as in wasktobbe in plakje krigen hat. Ik wit lykwols út ’e earste hân dat dy ferliking ek wer yn it nije ientalige wurdboek fan ’e Fryske Akademy komme sil. Foar leafhawwers fan seksualia is dat dus in wurdboek om nei út te sjen.

 

Mear oer dit ûnderwerp of oer de Fryske wurdboekskriuwerij is te finen yn: Anne Dykstra, ‘J.H. Halbertsma: Sexual language and the Lexicon Frisicum (1872)’, yn: Dictionaries: Journal of the Dictionary Society of North America; 27 (2006), pp. 21-35 [Tresoar Pb 35602] en yn in pear stikjes fan my dy’t op http://www.fryske-akademy.nl/trefwoord stean.

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2007),  10 (desimber)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels