Mata Hari: Frysk of Nederlânsk?

GERBRICH DE JONG – 

Yn oktober 2016 ferskynde der foar it earst in boek fan de bekende Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho yn it Frysk. It gie om in oersetting fan De spion, oer it libben fan Mata Hari. “In prul fan in boek” neffens Mata Hari-kenner Gert Koopmans. Ik wol it hjir lykwols net ha oer de kwaliteit fan it boek, mar oer de kwaliteit fan de Fryske oersetting.

Dy waard makke troch Jetske Bilker en Jantsje Post, beide yn it oersetsâlt bebiten, mar likemin as oare Fryske oersetters thús yn it Portugeesk. Dêrom makken se harren oersetting op basis fan de Nederlânske, makke troch Piet Janssen. Doe’t Bilker en Post begongen mei de put, wie Janssen noch dwaande. Foar alletrije gou dat se hurd moasten, want de bedoeling wie dat de boeken sawat tagelyk op ‘e merk komme soenen. Bilker en Post stienen dus foar twa útdagingen: se moasten hurd én se koenen net earst de hiele tekst trochnimme.

In algemien útgongspunt is dat in oersetter besykje moat om de ynhâld oer te bringen sa’t de skriuwer it sels dien ha soe as hy dy taal behearske. Om yn te skatten oft de oersetter foar dat doel slagge is, moat de oersetting dus ferlike wurde mei it orizjineel. Sa as sein kin dat yn dizzen net. Dêrom ha ik de Fryske oersettingen njonken de Nederlânske oersetting hâlden en doe foel it ien en oar op.

Earst wat achtergrûnynformaasje. Yn Vertalen wat er staat (2008), in wichtich boek foar elk dy’t him mei oersettingen dwaande hâldt, lit Arthur Langeveld sjen dat der fjouwer oersettrúks binne as letterlik oersetten net mooglik is: omsettingen, feroaringen, tafoegingen en weilittingen. In omsetting wol sizze dat de oersetter de wurden yn in  oare folchoarder set. Feroaring wol sizze dat er wurden brûkt dy’t ta in oare wurdsoarte hearre of in oare funksje ha. In tafoeging docht er as er yn de oersetting ynformaasje jout dy’t yn it orizjineel net stiet. In weilitting sjogge we as de oersetter ynformaasje weilit. Doel fan de oersetter is dat er itselde boadskip oerbringt as yn de boarnetekst en dat docht er allinnich op in goede wurden as er wurden kiest dy’t deselde gefoelswearde as dy yn deboarnetekst.

Om dat doel te berikken kin in oersetter ferskillende techniken mei-inoar kombinearje en komt de iene technyk better en faker fan pas as de oare. It is mar krekt wêr’t de boarnetekst om freget. Yn de oersetting fan Bilker en Post falt op dat tafoegingen en weilittingen favoryt binne.

 

We vonden een tafeltje achter in een hoek van het restaurant. (side 52)


We fûnen in taffeltsje achter yn in hoeke. (side 51)

 

 

De sêne spilet yn in restaurant en dat wit de lêzer. Dêrom is de weilitting yn de Fryske ferzje goed nei te kommen. Minder maklik te ferklearjen is de weilitting yn de prolooch, dêr’t de fusillaasje fan Mata Hari yn beskreaun wurdt:

 

‘Klaarmaken!’

De twaalf namen de vereiste houding aan en plaatsten hun geweer tegen de schouder.

Ze vertrok geen spier.

De officier stelde zich op waar de soldaten hem konden zien en hief het zwaard.

‘Richten!’

De vrouw tegenover hen bleef onaangedaan, toonde geen angst. (side 17)

 


‘Reemeitsje!’

De tolve manlju gienen yn ‘e fereaske hâlding stean en leinen it gewear tsjin it skouder.

Mata Hari ferluts net in spier.

‘Rjochtsje!’

Noch hieltyd gjin spoar fan eangst by de frou foar harren oer. (side 17)

 

 

Like lestich te ferklearjen fyn ik:

 

‘We kwamen aan bij het station, Franz gaf me een kuise handkus en smeekte me de eerstvolgende trein te nemen. Het was voor het eerst in mijn leven dat ik zonder bagage reisde; zelfs toen ik in Parijs arriveerde had ik iets bij me.’ (side 104)

‘We kamen by it stasjon, Franz joech my kreas in tút op ‘e hân. Ik reizge foar it earst yn myn libben sûnder bagaazje; sels doe’t ik yn Parys oankaam hie ik noch wat by my hân. (side 102)

 

 

Wêrom binne de hannelingen fan de ofsier en it smeekjen fan Franz yn de Fryske ferzje weilitten? It leit net foar de hân dat se bewust weilitten binne, want it giet net om oerstallige ynformaasje.

It wurdsje ‘noch’ yn it niisneamde fragmint is in tafoeging en yllustrearret de twadde technyk dy’t in soad ynset wurdt troch Bilker en Post. Sokke subtile tafoegingen dogge se gauris. Yn de measte gefallen giet it om tafoegingen dy’t tekstferbannen oanjouwe en dêrom yn skoalboeken mei ‘sinjaalwurden’ oantsjut wurde. In foarbyld:

 

Met een woordenboek in de hand en met heel veel moeite – ook al had ik op school Frans gehad, ik was toch heel onzeker – stapte ik op een meisje af (…) (side 51)

Mei in wurdboek yn ‘e hân en mei in soad muoite – want ek al hie ik it op skoalle hân, ik wie net wis fan myn eigen Frâns – stapte ik op in frommiske ôf (…) (side 50)

 

 

Mei de tafoeging fan ‘want’ meitsje de oersetsters dúdlik dat der ta in taljochting folget. In ûnskuldige tafoeging, want it kin hast net oars of de skriuwer hat sa’n taljochting beëage. Minder wis fyn ik dat yn it fragmint hjirûnder, dêr’t de oersetsters in tiidspesifikaasje tafoegje dy’t der by Janssen net stiet:

 

Ik verliet het kantoor van Kramer met alles wat ik nodig had: geld, twee paspoorten en vrijgeleides. (side 117)

Even letter stie ik wer bûten mei alles wat ik nedich hie: jild, twa paspoarten en frijbrieven. (side 114)

 

 

In oar ferskil op wurdnivo tusken de Nederlânske en de Fryske edysje hat te meitsjen mei wat yn de taalkunde ‘partikels’ neamd wurde. Dat binne wurden as ‘gewoan’, ‘mar’, ‘wol’ en ‘ek’, dy’t benammen yn de sprektaal in soad brûkt wurde en de toan fan de sin feroarje. Tink oan it ferskil tusken ‘gean sitten’ en ‘gean mar sitten’, dêr’t ‘mar’ de utering minder twingend makket. Hoewol’t it mar lytse wurdsjes binne, kinne se in dúdlik betsjuttingsferskil beärbeidzje:

 

(…) op zondag zou ik teruggaan naar Parijs, linea recta naar het paardensportterrein, de Hippodrome de Longchamp, waar ik al degenen die me benijdden en bewonderden kon laten zien dat ik een uitstekend amazone was. (side 85)

(…) op snein wer werom nei Parys, en dan fuortendaliks nei de draafbaan, de Hippodrome de Longchamp, om al dy lju dy’t by my opseagen en my bewûnderen sjen te litten hoe’n goede amazône ik wol net wie. (side 84-85)

 

 

‘Ien sjenlitte hoe goed ik bin’ is wat oars as ‘ien sjenlitte hoe goed ik wol net bin’. Wa’t dat lêste seit relativearret syn eigen geweldich-wêzen. Bilker en Post wolle blykber ha dat Mata Hari dat docht. Wy witte lykwols net wat Paulo Coelho wol.

 

Neist tafoegingen fan wurden (partikels, sinjaalwurden) binne der tafoegingen fan folsleine sinnen. Opfallend is dat de oersetsters dy dogge as de Nederlânske tekst ûnbegryplik is:

 

We liepen het risico van school gestuurd te worden, naar huis te moeten terugkeren zonder te kunnen vertellen wat er was gebeurd, alleen maar te kunnen zwijgen. (side 30-31)

We koenen wol fan skoalle stjoerd wurde, werom nei hûs, sûnder dat we de kâns krigen om te fertellen wat der echt bard wie. We koenen mar ien ding dwaan en dat wie deroer swije. (side 30)

 

 

 

It Nederlânsk fragmint is net dúdlik. It lêste part fan de sin, ‘alleen maar te kunnen zwijgen’, foarmet in ûnlogysk gehiel mei ‘we liepen het risico …’. Bilker en Post foegje in sin ta sadat der in grammatikaal korrekt en logysk boadskip ûntstiet dat past yn de kontekst. In twadde foarbyld:

 

(…) omdat hij of zij ervoor koos bij het gezin te blijven vanwege de omgeving en daarmee zijn eigen hart in de steek laat? (side 66)

(…) om’t hy of sy derfoar keas om by de húshâlding te bliuwen sadat der gjin praat fan komme soe, mar dêrmei wol syn eigen hert yn ‘e steek liet? (side 66)

 

 

De lêzer fan de Nederlânske ferzje moat sels ynfolje wêrom’t ien ‘vanwege de omgeving’ by in húshâlding bliuwe soe. De Fryske lêzer krijt dy lêst net, want Bilker en Post lizze út wat der bedoeld wurdt. Subtilere tafoegingen yn de Fryske edysje binne de wurden ‘mar’ en ‘wol’, dy’t ik hjirboppe ‘sinjaalwurden’ en ‘partikels’ neamd ha. Se jouwe oan dat der in tsjinstelling komt. Beide tafoegingen meitsje de tekst dúdliker. In kritikus soe sizze kinne dat it net oan de oersetter is om sokke ferhelderjende tafoegingen te dwaan. Dêrislykwolstsjinyntebringendathjirnetwisiswatderynitorizjineelstiet:Bilkeren Post moasten folslein fertrouwe op de hastige oersetting fan Janssen. Faak binne de tafoegingen fan Bilker en Post maklik terjochtfeardigjen:

 

Ik had de nacht doorgebracht in een derderangs hotel, bang dat ze me zouden herkennen en eruit zouden zetten. (side 107)

Ik hie dy nacht sliept yn in tredderangs hotel, bang dat se my yn in djoerder hotel werkenne en derút sette soenen. (side 105)

 

 

De Nederlânske tekst ropt fragen op: wêrom soe Mata Hari yn in tredderangs hotel werkend wurde, as dat júst in plak is dêr’t se nea komt? Foar de Fryske lêzers is dy ûnlogika oplost. In oar foarbyld:

 

Het was niet al te moeilijk om Salomé , het stuk waaraan hij refereerde, te vinden, maar niemand durfde ook maar één franc te investeren in de enscenering die ik zou produceren – ook al had ik geen geld, ik kende nog steeds mensen met invloed. (side 123)

It wie net al te dreech om Salomé , it stik dêr’t hy it oer hie, te finen. Ik woe der wat mei en tocht dat dat ek wol slagje soe, want al hie ik gjin jild, ik koe noch hieltyd minsken mei ynfloed. Mar net ien doarst ek mar ien frank te ynvestearjen yn de foarstelling dy’t ik produsearje woe. (side 119)

 

 

De Nederlânske tekst is dizenich formulearre. Dat Mata Hari wat wol mei it stik Salomé moat de lêzer der sels by betinke. Mei in oare sinsfolchoarder en in tafoeging kreëarje Bilker en Post in begryplike tekst. Trije kear is skippersrjocht. Dêrom folget hjirûnder noch ien foarbyld fan in ferhelderjende tafoeging.

 

Ik kon niet geloven wat ik zag: een gigantische toren van ijzer die bijna tot aan de hemel reikte en die op geen enkele ansichtkaart van de stad stond. (side 50)

Ik koe myn eagen amper leauwe: in ûnbidige toer fan izer, dy’t hast oan de himel ta rikte en dy’t ta myn fernuvering op gjin inkele ansichtkaart fan de stêd stie. (side 49)

 

 

Yn de Nederlânske ferzje wurdt net útlein wat de ynformaasje oer ansichtkaarten derta docht. Mei it tafoegjen fan ‘ta myn fernuvering’ meitsje Bilker en Post dy ynformaasje relevant.

Wa’t de Nederlânske en de Fryske ferzje fan De spion neistinoar leit kin twa konklúzjes lûke: de oersetting fan Janssen is somtiden ûnbegryplik (mooglik te ferklearjen troch it feit dat er de oersettingen ûnder tiidsdruk makke hat) en Bilker en Post ha der it bêste fan makke. Se ha de tekst fan Janssen net allinnich oerset, mar ek ferbettere dêr’t dat nedich wie. Dat Bilker en Post ek weilittingen dien ha dy’t net ynjûn lykje te wêzen troch de winsk om te ferhelderjen is grif te witen oan it feit dat sy by it oersetten troch de klok regearre waarden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.