• 16 april 2018

    RYNK BOSMA - De diseldampen fan de âlde bus rûkten nei in oare tiid. In tiid dat de mins minder wist fan ‘fijnstof’ en oare giftige stoffen. It wie trouwens ek wol tapaslik, want de minsken yn dy bus reizgen ek troch in oare tiid. Op wei fan Britswert nei de prachtige Nicolaastsjerke yn Wiuwert, om tsjûge te wêzen fan it slotakkoard fan de foarstelling [...]

  • 23 maart 2018

    ELSKE SCHOTANUS - Role Model, in koproduksje fan it Uterske produksjehûs foar jong talint DOX en goreograaf/teatermakker Nicole Beutler (Nicole Beutler Projects), is in dûnskonsert rjochte op in publyk fan tolve jier en âlder. It tema is – de titel seit it al – rolmodellen en dan foaral it besykjen sels sa’n rolmodel te wêzen. Yn dyn kracht stean. Dysels wêze. Doare. Empowerment. Dát is [...]

  • 21 maart 2018

    RYNK BOSMA - Burchwert ‘Gisele troch de glêzen swipen fan ‘e westewyn’, sa dichtet Tsjêbbe Hettinga healweis de jûn, wylst de minsken yn syn fuotstappen troch it doarp Burchwert kuierje. Allinne kaam dy wyn dizze kear op sneon 17 maart fan it easten en de gefoelstemperatuer, om mar ris in nijmoadrich wurd te brûken, kaam ticht yn de buert fan de min sechtjin graden.   [...]

  • 26 februari 2018

    RYNK BOSMA - Ek yn Mantgum mochten de boaten net farre en dat wie yn de oanrin nei de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet yn de Mariatsjerke tige spitich. Want sa moasten de besikers de moaie tekst fan it Intochtslied ‘Zomaar een dak boven wat hoofden/deur die naar stilte openstaat’ fan Huub Oosterhuis misse. De ynlaste kuier gie troch in nijbouwyk fan Mantgum [...]

  • 2 februari 2018

    PAUL VAN DIJK -  It is stil yn 'e smûke hûskeamer yn Winsum as Inez Timmer binnenstoot en mei in grutte beweging in stikmannich plestik bekers fan de mini-fleugel smyt. Alles falt yn diggels, wol se mar sizze. It is it begjin fan Stockholm, of in inkele reis nei sabeare, húskeamerteater fan Inez Timmer en Wiebe Kaspers. We komme der achter dat Elske (Timmer) traumatisearre [...]

  • 29 januari 2018

    ELSKE SCHOTANUS -  Freedtejûn, 26 januari, brocht it Flaamske Musykteater Transparant yn it Posthús op It Hearrenfean it teatrale lietresital Façade: De laatste dagen van Mata Hari, ek wol oankundige as offisjeel ûnderdiel fan it haadprogramma by de iepening fan it kulturele haadstêdjier LF2018. Toch is de foarstelling, dy’t earder ûnder mear yn Antwerpen te sjen west hat, noch mar trije kear yn Nederlân te [...]

  • 15 december 2017

    RYNK BOSMA -  Yn in tiid dat elts op nasjonaal nivo mei de bûslampe op syk is nei de ‘gewone Nederlander’ slagget Sult der yn dat ferskynsel hannen en fuotten te jaan yn de foarstelling 'Hauken & hazzen'. Hazzen en hauken rinne troch elkoar hinne yn in foarstelling wêr’t ymprovisaasje foarop stiet. Dat bart yn sênes mei foar de spilers in opdracht. Jehannes Arendz is [...]

  • 4 december 2017

    RYNK BOSMA -  De harmony fan de klanken op de harp troch Marije Vijselaar dogge tinken oan it boek mei de sa moaie titel Tender is the night fan de Amearikaanske skriuwer F. Scott Fidzgerald fan 1934. Sa soe it eins wêze moatte tusken twa minsken, mar de klanken foarmje in grutte tsjinstelling mei wat der yn de foarstelling 'Gif' bart tusken twa minsken nei [...]

  • 1 december 2017

    RYNK BOSMA -  By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar, spylje harren sels en dogge [...]