fotografy: Peter Bouwknegt

Fan lytse stientsjes nei ien grutte balstien

RYNK BOSMA – 

Yn in tiid dat elts op nasjonaal nivo mei de bûslampe op syk is nei de ‘gewone Nederlander’ slagget Sult der yn dat ferskynsel hannen en fuotten te jaan yn de foarstelling ‘Hauken & hazzen’. Hazzen en hauken rinne troch elkoar hinne yn in foarstelling wêr’t ymprovisaasje foarop stiet. Dat bart yn sênes mei foar de spilers in opdracht. Jehannes Arendz is de ‘quizmaster’ en stjoert idere kear wer oaren mei in pear stekwurden it toaniel op.

 

It wrakseljen fan de makkers oer foarm en ynhâld hâldt de taskôgers yn de besnijing en lit genôch romte om mei je eigen bylden wer op hûs oan te gean.

 

Mei as dekôr dy fjouwer wite auto’s en fansels de ‘donkere man’ dy’t sûnder tekst troch de foarstelling sweeft. Hy is de flechtling fan in oare wrâld, hy is de man dy’t oaren in ûngemaklik gefoel jout, hy is de man dy’t de macht fan it fertroude oantaast troch der allinne mar te wêzen.

Mei al dy losse sênes goaie de akteurs allegearre losse stientsjes yn it publyk dat har ôffreget fan wêr giet dit hinne. It iene stientsje komt hurder oan as it oare, mar der sit altiten wol ien tusken dy’t de taskôger rekket. It is de gewoane mins dy’t stâl krijt mei al syn lytse dinkjes en probleemkes. De frou dy’t mei mem op de rollator in eintsje omgiet en har parkeart foar dy lizzende donkere man. De mem hat sinten mar wol dy jaan oan dy man. De dochter wit neat fan dy man en wol dat eins ek net witte, dy sinten kinne better nei har ta want de soan hat nije fuotbalskuon nedich.

Of dy selde gewoane man as frou dy’t de grins bewake moat, rjocht of ûnrjocht telle net, wat telt is de macht dy’t de man en frou fan de oerheid krigen ha. En mei dy macht meie se oare minsken fernederje, eigen etyk telt net, it giet om de macht fan de iene mins oer de oare mei oan de ein de eigen beurs dy’t foaroprint.

De gewoane man en frou binne finzenen fan harren eigen feilige en foarsisbere wrâld en dêr litte sy gjin frjemdlingen ta dit it fersteure kinne. As de foarstelling oer de helte is wurde al dy losse stientsjes omfoarme ta ien balstien mei in boadskip. ‘Op in dei’ sa begjint it as yn in bibelske ‘klaagzang’. Op in dei ferdwynt der in geit of binne der in pear hinnen fuort en gjinien wit wêr’t dy keard binne. Lytse dûkjes yn in eigen feilige wrâld, eins te lyts om lûdop te sizzen. It is de eangst fan de mins dat op in dei alles ferdwine sil wat him of har leaf wie, hoe lyts dat dan ek wêze mei. En dan is it maklik de frjemdling oan it útein fan it doarp as skuldige oan te wizen.

As tsjinstelling wurdt oan de ein it libbensferhaal fan dy donkere man ferteld, heftich en mei in tragyk dy’t al dy oare hazzen dy’t harren bekroadzje om hinnen en geiten yn it skaad set. It echte libben om in bettere takomst tsjinoer in keunstwrâld fan feilichheid dy’t al lang fergetten binne wat it is om te fjochtsjen foar in bettere takomst. De te soere smaak fan de wyn op in terraske nei in tefreden dei op kantoar tsjinoer dat ferfelende byld fan dy lizzende man op strjitte sûnder in drip wetter. De terrassitters easkje dat dy man fuorthelle wurdt, sa’t wy easkje dat alles wat ús tefreden en ‘welvarende’ maatskippij fersteurt, bedutsen wurdt.

Hazzen en hauken is in tige moedige foarstelling dy’t de minsken in bytsje yn ferwarring bringt, wat moatte wy hjir mei wurdt ôfwiksele troch ‘au, dat stientsje die sear’. Geandewei krijt it ien gehiel mei prachtige fynsten wat ark oanbelanget. Wurkje mei wat yn in garaazje foarhannen is, op wacht mei in útlaat om ‘e nekke, wyn drinke út in blik moteroalje, de biezem as gitaar.

Hazzen en hauken rinne trochelkoar en dogge in berop op de taskôger om teatraal net de maklike wei te kiezen. En dat makket de foarstelling prachtich, want oars. It wrakseljen fan de makkers oer foarm en ynhâld hâldt de taskôgers yn de besnijing en lit genôch romte om mei je eigen bylden wer op hûs oan te gean.

Comments
Ien reaksje oan “Fan lytse stientsjes nei ien grutte balstien”
  1. Ytsje Hettinga schreef:

    Bosma hat it stik tige goed ferwurde. Wa’t dat mei eigen eagen sjen wol, kin noch terjochte by Sult.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.