Dûnsjend hout mei te min klean
RYNK BOSMA – Ek yn Mantgum mochten de boaten net farre en dat wie yn de oanrin nei de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet yn de Mariatsjerke tige spitich. Want sa moasten de besikers de moaie tekst fan it Intochtslied ‘Zomaar een dak boven wat hoofden/deur die naar stilte openstaat’ fan Huub Oosterhuis […]
Sabeare, in finzenis
PAUL VAN DIJK – It is stil yn ‘e smûke hûskeamer yn Winsum as Inez Timmer binnenstoot en mei in grutte beweging in stikmannich plestik bekers fan de mini-fleugel smyt. Alles falt yn diggels, wol se mar sizze. It is it begjin fan Stockholm, of in inkele reis nei sabeare, húskeamerteater fan Inez Timmer en […]
Façade: De laatste dagen van Mata Hari
ELSKE SCHOTANUS – Freedtejûn, 26 januari, brocht it Flaamske Musykteater Transparant yn it Posthús op It Hearrenfean it teatrale lietresital Façade: De laatste dagen van Mata Hari, ek wol oankundige as offisjeel ûnderdiel fan it haadprogramma by de iepening fan it kulturele haadstêdjier LF2018. Toch is de foarstelling, dy’t earder ûnder mear yn Antwerpen te […]
Fan lytse stientsjes nei ien grutte balstien
RYNK BOSMA – Yn in tiid dat elts op nasjonaal nivo mei de bûslampe op syk is nei de ‘gewone Nederlander’ slagget Sult der yn dat ferskynsel hannen en fuotten te jaan yn de foarstelling ‘Hauken & hazzen’. Hazzen en hauken rinne troch elkoar hinne yn in foarstelling wêr’t ymprovisaasje foarop stiet. Dat bart yn […]
Mear gif boppe as ûnder de grûn
RYNK BOSMA – De harmony fan de klanken op de harp troch Marije Vijselaar dogge tinken oan it boek mei de sa moaie titel Tender is the night fan de Amearikaanske skriuwer F. Scott Fidzgerald fan 1934. Sa soe it eins wêze moatte tusken twa minsken, mar de klanken foarmje in grutte tsjinstelling mei wat […]
It libben fette yn in oere
RYNK BOSMA – By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline […]
De foarmjende wearde fan it BIS
RYNK BOSMA – In fearns iuw lang stie Tseard van der Hem fan Winsum noed foar de sinten dy’t by it Berne-Iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum binnenkamen en útjûn waarden. Twa jier lyn kaam der in ein oan, mar de 76-jierrige Van der Hem mocht noch wol op 2 novimber de Pyt van der Zee priis […]
Wat Jo Wolle
ELSKE SCHOTANUS – Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld […]
Ut de tiid falle yn Bokwert
RYNK BOSMA – ‘It is myn tiid net mear’, sa sei skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde ea tsjin in buorman. De jeier hie it gefoel as hy mei it brutsen gewear troch syn doarp fytste dat hy hast in oarlochsmisdiediger wie. In korrespondint fan Starum stjoerde de sjoernalist Van der Velde fan de […]
Der binne grinzen …
ELSKE SCHOTANUS – Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje […]