fotografy: Henk Bootsma

Kâlde kuier yn fuotstappen Tsjêbbe Hettinga

RYNK BOSMA

Burchwert ‘Gisele troch de glêzen swipen fan ‘e westewyn’, sa dichtet Tsjêbbe Hettinga healweis de jûn, wylst de minsken yn syn fuotstappen troch it doarp Burchwert kuierje. Allinne kaam dy wyn dizze kear op sneon 17 maart fan it easten en de gefoelstemperatuer, om mar ris in nijmoadrich wurd te brûken, kaam ticht yn de buert fan de min sechtjin graden.

 

En wat in klankrike teksten, foardroegen op dy typise wize fan Hettinga, it fielt as salve op in pear winterskonken. Want dêr giet it benammen om, fiele, hearre en úteinlik in bytsje sjen, sa’t Hettinga dat ek syn hiele libben hân hat, want syn eagen lieten him al betiid yn ‘e steek.

 

In kuier dy’t ûnder de namme Sjen yn it tsjuster as ‘audityf & sensityf teater ynspirearre op it gedicht Lytse jonge fan Tsjêbbe Hettinga’ omskreaun wurdt. Hettinga nimt mei Lytse jonge de minsken mei nei de jierren fyftich en sechtich, doe’t hy op in buorkerij by Burchwert opgroeide. De gedichten dêr’t it om giet, steane op it programmabledsje en dat is net oerstallich.

 

In goede tarieding soe wêze foar de besikers de gedichten fan Hettinga al efkes yn doarpshûs Doniahûs troch te nimmen, om sa taret te wêzen op de troch Hettinga foardroegen gedichten. Want ûnderweis moatte je al hiel ‘talich’ wêze om alles boppe de hurde wyn folgje te kinnen. Komt noch by dat Hettinga it syn harkers net maklik makket. Dit alles docht trouwens neat ôf oan de kuiertocht dêr’t ‘beleving’ wichtiger is, as it op de foet folgjen fan de teksten fan Hettinga.

 

En wat in klankrike teksten, foardroegen op dy typise wize fan Hettinga, it fielt as salve op in pear winterskonken. Want dêr giet it benammen om, fiele, hearre en úteinlik in bytsje sjen, sa’t Hettinga dat ek syn hiele libben hân hat, want syn eagen lieten him al betiid yn ‘e steek.

 

Earst nei it tsjerkje út de twadde helte fan de alfde iuw dêr’t Tseard Bruinja, Pieteke de Boer, Sytse Jansma, Basile Maneka en Marije Roorda foar foardrachten en muzyk soargen. Dêrnei yn groepkes lâns de smelle, blauferljochte paden troch Burchwert. Elke gekleurde groep mei in eigen gids mei sa’n karakteristike ‘Helmut Schmidt’ pet op dy’t ek it skaaimerk wie fan Hettinga. Underweis boartlike, teatrale stikjes dy’t hjoed en juster foar even mei elkoar ferbûnen.

 

De grûntoan waard fansels foarme troch Hettinga yn in tocht fan neare nacht en hurde wyn. De kuierende mins dy’t net op de eagen fertrouwe kin, mar stapke foar stapke efter de foargonger oanrint, efkes om in blau ferljochte tafel sitte om tsjûge te wêzen fan ‘De striid, Bauke syn dampende poeiermolke en Potkachel troch it iis sakke’, twa fjochtsjende mannen dy’t elkoar de winst fan de hurdriderswedstriid net gunden.

 

It wie teäter mei pinnestreken, mei in flewielen penseel  krekt in pear dingen oanstipje sûnder de grutte libbensfragen oan te reitsjen en dan wer trochreizgje op de sa klankrike  wurden fan Hettinga syn poëzij. Mei oan de ein it ûnferjitlike slotakkoard mei muzyk fan CMV Excelsior en op de eftergrûn de ferljochte buorkerij dêr’t Hettinga opgroeide. En dan lústeret de dichter yn it selskip fan in wite ingel nei syn eigen, wol hiele moaie wurden: ‘Mar it paradys fan ferwûndering/ Hold gjin ferbliuw ûnder it snietek fan ‘e tiid,/ Ek al preuvele in stim yn syn timpel wanhopich:/ Jonge, lytse jonge,/Rop my,/ Rop my werom, werom’.

 

Dat soe eins de ein wêze moatte fan de kuier, gelokkich yn ‘e lijte fan in pear beammen dat as Burchwerter Bosk troch it libben giet. Op de tocht werom stienen noch foto’s fan Peter Hein, Martina Ketelaar en Ant van der Burg. It omtinken dêr foar wie lyts, de minsken wienen troch de kjeld hast like hastich as de soldaten fan Napoleon, doe’t dy yn 1812 flechten foar de kjeld fan de Russise winter op wei nei hûs. Yn dit gefal doarpshûs Doniahûs. Miskien is it in idee dy foto’s mei kâld waar dêr op te hingjen want de keunstners fertsjinje fansels mear omtinken.

 

Wat waar oanbelanget jildt dat ek foar Sjen yn it tsjuster, de kuier en it doarp Burchwert fertsjinnet better waar. Miskien dat by de folgjende foarstelling healweis april de wurden fan Hettinga:  ‘In hoedzjend sjongen fan ljurken, skriezen, ljippen, tjirken’ net te hearren binne troch de echte lûden fan de greidefûgels. De foarstelling en it doarp soe soks fertsjinje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.