Sabeare, in finzenis

Publisearre op 2 februari 2018

PAUL VAN DIJK – 

It is stil yn ‘e smûke hûskeamer yn Winsum as Inez Timmer binnenstoot en mei in grutte beweging in stikmannich plestik bekers fan de mini-fleugel smyt. Alles falt yn diggels, wol se mar sizze. It is it begjin fan Stockholm, of in inkele reis nei sabeare, húskeamerteater fan Inez Timmer en Wiebe Kaspers. We komme der achter dat Elske (Timmer) traumatisearre is om’t se har bern oanriden hat mei de auto. Wiebe Kaspers, dizkear net allinne pianist, hat in dûbelrol as de man fan Elske, dy’t mear allimentaasje hawwe wol, en it jonkje Hans. It ferhaal rekket yn in streamfersnelling as Hans foar it ljocht komt en begjint te fertellen. Ynienen bekrûpt it publyk it gefoel dat der wat goed mis is. It docht bliken dat Elske lytse Hans meinommen hat út Stockholm, nei har hûs, nei de kelder …

It duo hat net allinnich in ‘klik’ by it spyljen, mar hja fine elkoar ek yn dy oare leafde: de muzyk.

Yngrediïnten foar yndringjend thrillerteater op in skitterjende tekst tekst fan Tjerk Kooistra. It komt jo hjir en dêr oan it moed, mar de tekst befettet ek genôch filosofyske prakkesaasjes, moaie metafoaren en grappen. Timmer hat in goeie komyske timing, dat der falt genôch te laitsjen.

It dekor is sober. In baby-fleugel en wat plestik bekerkes, mear hat dizze foarstelling net nedich. Want yn ‘e smelle húskeamer wurdt goed spile. Timmer is tige oertsjûgjend as Elske, in frou dy’t yn har eigen wrâld it iene momint alles ûnder kontrôle liket te hawwen, en it oare beseft se dat net alles bliuwe kin sa as it is.

Fan Kaspers witte we dat er prachtich piano spilet … mar akteare? Jawis, dat kin er ek. Hy is foaral yn syn elemint as er mei de fjirde wand boartet en it publyk streekrjocht tasprekt (of foar immen yn it publyk in glês wyn ynskinkt). ‘Hans’ kin hielendal begripe wêrom’t Elske him meinommen hat en is syn eigen mem eins al in bytsje ferjitten. It is in kenmerk fan it ‘Stockholm-syndroom’: de gizeler krijt sympaty foar de gizelnimmer. En Kaspers spilet dit oertsjûgjend.

As der nei ôfrin fan de foarstelling neipraten wurdt mei de akteurs, fertelt Kaspers dat der ien by de foarige foarstelling sein hie dat hy [Kaspers] in prima akteur wie … mar dat er ris wat mei dat pianospyljen dwaan moast! Der sit oars genôch muzyk yn de foarstelling, ynstrumentaal (pianomuzyk ûnder in sêne), mar der wurdt ek songen troch Timmer en Kaspers. It duo hat net allinnich in ‘klik’ by it spyljen, mar hja fine elkoar ek yn dy oare leafde: de muzyk.

It riedseleftige ferhaal hat in ûnferwacht ein yn petto. As Elske en har man inoar wer ris treffe blykt net alles te wêzen sa’t Elske it ús foarspegele hat. Sabeare kin net allinnich in nijsgjirrich plak wêze om rûn te doarmjen, it kin ek in finzenis wêze.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]