Mear gif boppe as ûnder de grûn

RYNK BOSMA – 

De harmony fan de klanken op de harp troch Marije Vijselaar dogge tinken oan it boek mei de sa moaie titel Tender is the night fan de Amearikaanske skriuwer F. Scott Fidzgerald fan 1934. Sa soe it eins wêze moatte tusken twa minsken, mar de klanken foarmje in grutte tsjinstelling mei wat der yn de foarstelling ‘Gif’ bart tusken twa minsken nei it ferlies fan in bern.

 

Lytsskalich toaniel fan Teatergroep Fjoer dat in soad los meitsje kin mei sterke rollen fan Ineke Buma en Henk Kleefstra.

 

De tryste tango fan twa minsken dy’t elkoar nei tsien jier wer tsjin komme. Dêr giet it om yn de foarstelling ‘Gif’ dat fjouwer kear spile wurdt yn De Trilker yn Poppenwier. It ferhaal is fan toanielskriuwster Lot Vekemans en Baukje Stavinga hat it oerset. In ferhaal dat spile wurdt troch Henk Kleefstra en Ineke Buma. In ferhaal ek dat op in bepaalde wize útfiering jout oan dy moaie tekst oan de muorre fan de Trilker: ‘Als de drank zinkt, zwemmen de woorden’. Ferfang it wurdsje drank troch fertriet en dan ha je it hert fan de foarstelling.

Tsjin in dekor fan in tsjerkhôf wêr’t soan Jacob begroeven is, moetsje man en frou elkoar nei tsien jier wer. Der soe gif yn ‘e grûn sitte mar eins sit it gif boppe de grûn, it gif fan it ferlies hat twa minsken elk in kant opstjoerd. Of, sa’t de man seit: ‘Wy ha earst in bern ferlern, doe ússels en dêrnei elkoar’. It is net foar it earst dat man en frou elkoar de rêch takeare by sa’n grut ferlies.

De ferwidering wurdt pynlik as bliken docht dat de man de libbensmoed wer oppakt hat en troch gien is mei libjen. Sy is te folle hingjen bleaun yn de opmerking ‘Ik bin tryst en dat is myn rjocht’. Hy wol it fertriet foarm jaan mei in boek wêr’t sy neat fan begrypt. It is in oare wize fan tinken, hy seit ‘Feitlik leit Jacob dêr net mear’ wurdt net troch de frou begrepen, sy is nea út de mistige wrâld fan rou fuortgien. It waard tsien jier lyn in gefjocht om it ‘primaat’ fan it fertriet en doe is hy mei in kofferke fuortgien.

Uteinlik kuierje de twa dochs noch in bytsje hân yn hân troch de mominten fan dy dei fan tsien jier lyn. De wurden en tinzen fan man en frou swimme stadich nei elkoar ta om dochs noch, te let om wat te rêden, tegearre in momint fan ienridigens te belibjen. Dat dit it is, sa’n lêste dei op it tsjerkhôf, mominten fan doe diele mei as doel dy rêst te finen dat dit it is, mear is en wie der net.

‘It is dochs prachtich dat soks yn Fryslân kin’, sa sei Jan Arendz nei ôfrin en hy sloech de spiker op de kop. Lytsskalich toaniel fan Teatergroep Fjoer dat in soad los meitsje kin mei sterke rollen fan Ineke Buma en Henk Kleefstra. Gjin maklik tema, ek net ornearre foar in grut publyk. Mar wol in moaie jûne, ek al komme harp en houlik nea wer by elkoar.

Comments
Ien reaksje oan “Mear gif boppe as ûnder de grûn”
  1. Ik vind het een hele mooie integere recensie….
    Maar ik heb wel even een opmerking:Ik ben niet ijdel….maar ik heb hier wel met deze twee acteurs een jaar aan gewerkt…en om dan niet voor te komen in het verhaal maakt toch droef.Al 7 jaar deze producties…Fjoer opgericht door Baukje Stavinga en mezelf.Zij vertaalt …ik regisseer..
    .dat wilde ik toch even kwijt.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.