fotografy: Screenshot Trailer Role Model

Ik ben ik en jij bent jij

ELSKE SCHOTANUS

Role Model, in koproduksje fan it Uterske produksjehûs foar jong talint DOX en goreograaf/teatermakker Nicole Beutler (Nicole Beutler Projects), is in dûnskonsert rjochte op in publyk fan tolve jier en âlder. It tema is – de titel seit it al – rolmodellen en dan foaral it besykjen sels sa’n rolmodel te wêzen. Yn dyn kracht stean. Dysels wêze. Doare. Empowerment. Dát is it boadskip. Folle mear as yn ‘it boadskip’ leit it geniet lykwols yn it lef fan de dûnsers.

 

As der, om de lesbrief en de mooglikheid workshops by de foarstelling ôf te nimmen, in edukatyf aspekt oan de foarstelling sit, is de fraach fansels oft it boadskip by de doelgroep oerkomt en oanslacht.

 

Omreden fan it boadskip is Role Model, neist alles wat it ék is, in edukative foarstelling. Der is in lespakket as tarieding dêr’t learlingen mei útdage wurde om nei te tinken oer wat in rolmodel eins is en hokker rolmodellen sy sels ha. Yn de lesbrief, rjochte op leararen, stiet: ‘waarschijnlijk hebben lang niet al uw leerlingen ervaring met theaterbezoek’. Dy moatte dus noch opfieden wurde: gjin petten op, gjin kaugom of oare fretterij mei, net healwei de foarstelling de seal útrinne en noch tal fan oanwizingen dy’t al grappich, mar nergens foar nedich binne.

 

Dûns is lichem, beweging, subtile gebearen mei de hannen, in net werklik yn wurden te fetsjen gehiel. Anne-Fay Kops, Debbie Ruijter, Deschny Rogers, Djinti Sullivan, Lucinda Wessels en Tamara Robledo Oud komme op, klaaid yn it griis en litte yn harren bewegingen, dy’t in soad fan in fjochtsport wei ha, harren krêft sjen. Elk mei har eigen achtergrûn stelle sy har geandewei de foarstelling foar yn koarte monologen. ‘Je ziet, ik ben zwart.’ Swart en de seal falt stil as de dûnser har hûdskleur beneamt, harsels daliks ferbetterjend: ‘Zelf noem ik het bruin.’ In oar is tin, har holle kealskeard. Se fergeliket harsels mei Barbie. En dan is der de jonge frou dy’t fan harsels wit dat se breed yn ’e heupen is. Dochs foar alle seis jildt: Ik ben ik en jij bent jij. Kleur, sekse, komôf: it docht der net ta. En dêrmei giet it oer yndividualiteit, oer grutskens en selsfertrouwen. ‘Your hair is beautiful.’ ‘Heading your own way.’ ‘Ik sta hier voor alle meisjes aan wie wordt verteld dat ze niets kunnen of niet mooi genoeg zijn.’ ‘Ik wil winnen met voetbal.’

 

 

As der, om de lesbrief en de mooglikheid workshops by de foarstelling ôf te nimmen, in edukatyf aspekt oan de foarstelling sit, is de fraach fansels oft it boadskip by de doelgroep oerkomt en oanslacht. Wa’t net ‘stjoerd’ wurdt en gewoan in kaartsje keapet, sil benammen each ha foar it opswypkjende beweech fan moaie jonge frouwen. Each foar moderne dûns, ynbegrepen hiphop en house op de beats fan dj Streamer, ear foar it rappen en sjongen fan teksten. Wow. Mar sit de krêft en it spannende en it boeiende net folle mear yn de wize wêrop’t in tekst útsprutsen wurdt – mei in enoarme gong – of prachtich song as yn de ynhâld derfan? Is it boadskip net earder geskikt as diskusjemateriaal yn it klaslokaal, thús oan tafel – of byneed by de psycholooch – as yn it teäter?

 

Golvjende liven, betiden sensueel, betiden kwetsber, betiden eksplosyf. Hieltyd stiet ien fan de dûnsers sintraal, slute de oaren oan. It wite ljocht boppe it yn ljochtgriis klaaide seistal feroaret fan kleur as fiif fan har op oantrúnjen fan sjongeres Anne Fay Kops de catwalk op gean en even letter yn ’e ûnderklean stean. Mei in klap komt in enoarme steapel klean op it spylflak del, kostúms gean oan en, dûnsjendewei, sa gau mooglik wer út om plak te meitsjen foar oare kleanstikken. Grutske slavin op in plantaazje, haremdûnseres, Michael Jackson, rapper, Heidi, cowgirl en folle, folle mear noch: kinst it allegear wêze. De apoteoaze is in kleurryk en spetterjend feest dêr’t it publyk, klappend of sels dûnsjend op it poadium part fan útmakket.

 

Role Model, 21 maart Posthûs op It Hearrenfean.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.