It libben fette yn in oere

Publisearre op 1 december 2017

RYNK BOSMA – 

By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar, spylje harren sels en dogge dat al wrakseljend sûnder dat der passende antwurden klear lizze oan de ein fan de kimen.

 

It is in moaie, kwetsbere foarstelling fan elkoar oanreitsje, de leafde in plak jaan, tegearre yn in te lyts hûske krûpe om’t je mekoar dy beheinde romte gunne.

 

‘It libben fette yn in oere’, sa wurdt tsjin it publyk sein en dat bart op in hiel orzjinele wize. Sjoerd Blom neamt it ‘Abstrakt wêze op in hiel konkrete wize’. Allinne dat al hat in tsjinstelling, in paradoks dy’t yn de hiele foarstelling de kop opstekt. Je sille mar in takomst yn de teaterwrâld ha wolle, want de spilers spylje har eigen libben. Net de maklikste wei yn in wrâld dy’t oerhearske wurdt troch jild en strakke pakken.

By de tige grappige intro wurdt de ferbining mei de minsken al lein. It blykt al muoilik ienriedigens te finen tusken de fiif persoanen. Altiten is der wol ien dy’t seit fan ‘ik twifel’ of ‘ik net’. Nim Romke Gabe Draaier, altiten drok, drok drok en altiten ûnderweis mei syn kofferke as siet de tiid him efternei. De oaren bringe him ta stilstân en beneame de driigjende, beheinende oandwaning dy’t Romke hat: ‘Der komt in tiid datst … dit of dat net mear dwaan kinst’.

Mimerje oer it libbenspaad, oer it skouder sjen en tinke oan de mominten mei pake yn de bernetiid. Ja ek jongerein fan krapoan tritich of noch jonger ha rjocht op nostalgy, rjocht op werom sjen op it eigen libben en de moaie en minder moaie mominten. In soad minsken tinke dat dit pas mei as je trijekoart fan je libben hân ha, mar dat is net sa.

Krekt likemin wier as de stelling ‘Als je echt wilt kun je alles worden’, sa’t Sjoerd syn dream fan it winnen fan in echte oskar ferpakt. Ut Amearika oerwaaide loze kretologie soenen je sizze mar dat hinget ôf fan leauwen of twifeljen. ‘Bullshit’, seit in septikus as Raymond Muller dy’t hikke en tein is yn Ljouwert. Miskien is dat dreamen wol in foarm fan eangst dat je by je dea fergetten binne, dat gjinien mear wit wa’t je binne, lykas fuotstappen lâns de see, as je omsjogge hat it wetter fan ep en floed se al wer fuortfage.

‘It libben fette yn in oere’ hat in prachtige foarm krigen, mei elke foarstelling as in premjêre want it libben is ek net in dei gelyk. It is in moaie, kwetsbere foarstelling fan elkoar oanreitsje, de leafde in plak jaan, tegearre yn in te lyts hûske krûpe om’t je mekoar dy beheinde romte gunne. Mar ek in foarstelling fan it hast wrede tikjen fan de tapdûnsskuon om mominten oan te jaan dat je it net mear witte. In oere lang wrakselje mei dy nuvere foarmen dy’t it libben ha kin. Gelokkich in foarstelling sûnder in rol foar de mobile telefoan, teatraal soe dat in al te maklik en oerflakkich byld jaan. Nee, in orzjinele, flitsende foarstelling mei oan de ein in prachtige wiisheid: ‘Ast net witst wêrst hinne gietst, makket it ek neat út welke kant ast op gietst’.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]