Yntocht

KAREN BIES – 

Yn de buorren fyts ik troch in hynstebult hinne. O ja, de yntocht fan Sinteklaas. De sinne komt achter de wolken wei en ik wit dat der wat moais te gebeuren stiet. Op it doarpsplein stapt de Sint krekt fan it hynder en wurdt troch syn piten op it poadium holpen. O, dy gesichtjes fan de ferklaaide bern! Fol ferwachting kloppet ús hert.

‘Opsoademiterje mei dy kutmuzyk!’

Der komt in momint dat se begjinne te twifeljen. Lykas ik oait by de hillige op ‘e skurte siet, heal by syn miter yn sjen koe en tocht: wat docht al dat plakbân by Sinteklaas op’e holle?

It wûnder fan in leauwige is dat er sjocht wat er sjen wol, en dat dat de wierheid is. Oft it no giet om it leauwen yn God of Sinteklaas. In bern fynt it wol bêst dat Sinteklaas it iene momint op telefysje yn Gouda is en in oerke letter op ’e Gerdyk. En dat er ynienen in bril op hat en Frysk praat, jout neat. De leauwige hat him mei eigen eagen sjoen en boppedat sizze heit en mem ek dat it Sinteklaas is. Dus.

Itselde jildt foar de piten. Hokker kleur se ek hawwe, se gean op ‘e kop stean en diele pipernuten út. Mear freget in bern net. It fertrouwen yn in moai feest, mei moarnier in pakje yn de skoech wurdt net oars mei de kleur smink.

Hoe kinne âlders harsels dan wiismeitsje dat harren in tradysje ôfpakt wurdt? Tradysjes binne faak net ieuwenâld, mar gewoan part fan in libbene kultuer. As der yn de rin fan de tiid wat feroaret – bygelyks troch oare kultueren – en minsken mei wat oars begjinne, ûntstiet der soms in nije tradysje. Sa slim is dat net. Dingen feroarje en soms wurdtst samar wat wizer. Mar blykber is it makliker om slachtoffer te spyljen – ‘se’ pakke ús wat ôf – as om dy yn te libjen yn in oar.

Yntusken op it poadium kin Sinteklaas mei syn leave gejeuzel net mear útkomme boppe it leven fan de ynhierde discjockey. Dy draait moderne sinteklaasferskes mei de folumeknop op tsien: ‘Attentie opgelet, Sint is cool en Piet is vet. Al eeuwenlang zet Sint de trend, hij is een wereldvent.’ De bas dreunt oer it doarpsplein. It is net te hurdzjen. ‘Zie ginds komt de stoomboot’, songen troch kinderkoor de Gouden Nachtegaaltjes, wat mankearret dêr oan? Ik woe der net oer begjinne, mar ik fyn, der binne tradysjes dêr’t se net oan komme moatte. ‘Opsoademiterje mei dy kutmuzyk!’ sis ik. Mar net ien op it plein heart my. Gelokkich.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.