Wurkpleats

HENK WOLF – 

“Wat is it Fryske wurd foar werkplaats?” frege ien my lêsten. Dat wie út de mûle fan dy persoan wat in nuvere fraach. Ommers, it wie in gewoane Frysktalige Fries, wurkpleats is in heel gebrûklik wurd en it is boppedat maklik yn de wurdboeken te finen. De fraach is tink yllustratyf foar de ûnwissichheid dy’t in protte Friezen ha as it oer har eigen taal giet.

 

Fansels is in pleats it gebou dat yn it Nederlânsk boerderij neamd wurdt. Mar dat wol net sizze dat it pleats net mear betsjuttingen ha kin.

 

“Mar moat it net wurkplak wêze?” wie de twadde fraach. “In pleats is doch in boerderij?” Dy fraach yllustrearret neffens my wer wat oars, nammentlik dat minsken altyd redenaasjes op taal loslitte wolle ynstee fan dat se op har taalgefoel fertrouwe.

Fansels is in pleats it gebou dat yn it Nederlânsk boerderij neamd wurdt. Mar dat wol net sizze dat it pleats net mear betsjuttingen ha kin. Dat sokke dûbelsinnige wurden besteane, is foar in soad minsken min te akseptearjen. De ûngemaklikens dy’t se derby fiele, wurdt wol it prinsipe fan Von Humboldt neamd.

Pleats is in lienwurd út it Frânsk. De -t- dy’t deryn sit, lit sjen dat it nei alle gedachten út Noard-Frânske dialekten liend is. It moat al heel lang lyn yn it Frysk opnaam wêze, want de âlde aa-klank is yn in ea-klank feroare en dat is al yn ‘e midsieuwen gebeurd. Yn it Frânsk koe it wurd ferwize nei allegear romten bûtendoar en binnendoar.

Dat wie yn it Frysk net oars. En yn it Nederlânsk ek net. Dat hat itselde Frânske wurd liend yn de foarm plaats. Yn it Nederlânsk hie it konkurrinsje fan plek en yn it Frysk fan plak. No waard yn it Nederlânsk plaats heel lang beskôge as in kreazere, fetsoenlikere, formelere foarm as plek.

Dat hat derfoar soarge dat Friezen it idee krigen dat pleats eins gjin goed Frysk wie en dat se altyd plak brûke moesten. Dat wurdt wol distansjearring neamd – ôfstân nimme ta it Nederlânsk. De foarm pleats krige foar Friezen in fertocht rookje, útsein fansels as se it hienen oer it hûs op in buorkerij, dêr wie pleats just it geve Fryske wurd foar.

No wie plaats yn it Nederlânsk op ferskate plakken ek yn gebrûk foar sa’n boerespul. It Afrikaansk, dat ûntstien is út West-Nederlânske dialekten, brûkt plaas no noch foar sa’n boerehuzing en der binne grif ek allegear dialekten yn Nederlân te finen dêr’t itselde dien wurdt.

Comments
Ien reaksje oan “Wurkpleats”
  1. Ed Knotter schreef:

    Bêste Henk,

    by my is it ek al safier kommen dat ik begjin te twiveljen by wurkpleats. In pleats, in boerespul om te wurkjen? Dan fielt ‘plak’ better oan. Mar fansels is wurkpleats yn oarder as it om in wurkromte, wurkhok, atelier of studio giet, al krije al dy wurden (wurkplak, wurklokaasje, faaks wol oan fte ta) in eigen spesifike betsjutting.
    De twivel by minsken is op himsels al nijsgjirrich en it sykjen om redenaasjes liket my hiel goed foar harren taalkomppetinsje. Dyn opmerking dat minsken harren taalgefoel net fertrouwe, twivelje ik dan ek oan. It sykjen om redenaasjes bart neffens my op grûn fan it taalgefoel. Der komme fertochte rookjes en de lju geane op harren noas ôf.
    De ferskowing yn it Nederlânsk fan ‘plaats’ nei ‘plek’ is ek nijsgjirrich. (Soe it Fryske ynfloed wêze?)
    Fjirtich jier ferlyn wie it in grapke om ’ter plekke’ te sizzen, mar hjoeddedei “vinden er de gekste dingen plek.”
    “Plek delict” haw ik lykwols noch net heard, mar justysje is út soarte konservatyf.

    No wol ik Henk noch wat oars freegje, mar leaver net fia dit kanaal.
    Hokfoar e-postadres kin ik brûke? Graach in reaksje nei edknotter@gmail.com

    Mei groetnisse,
    Ed

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.