Jan van der Werf
fotografy: Jan van der Werf. Flnr: Piet Zantman, CDK Arno Brok, Joël Hut, de skriuwer.

Wol of gyn tee derbee?

Presentaatsy Lemster Wurdboek, Kommissaris Brok krijt earste eksimplaar

ARJAN HUT –

Snein, 11 septimber. De sinne skynt fûl boppe de Lemmer en toeristen strune oer de promenade yn it skaad fan foarbydobberjende jachten, as yn de Tsjerke oan it Dok in selskip fan kulturele pommeranten en leafhawwers fan taal en muzyk bymekoar sitte foar de presintaasje fan it Lemster Wurdboek. Skriuwer Joël Hut (27 jier) jout oan net nerveus te wêzen, hy hoecht ommers gjin taspraak te jaan of út it boek foar te dragen. De yn Sint-Nyk berne leksikograaf sit mei syn partner Line foaroan, njonken Fred Veenstra (Boargemaster fan De Fryske Marren) en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. De presintaasje is stylfol ‘sandwiched’ tusken in optreden fan it trio Toanhûs (dat siket om in bettere namme) en in ensemble besteande út klarinet-studinten.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hâldt in prachtige taspraak, ja, mei wat algemienheden oer it belang fan taal en kultuur yn de provinsje, mar ek persoanlike noaten en anekdoaten dy’t by de oanwêzigen tige yn de smaak falle. Hy fynt it opfallend en posityf, ‘yn dizze tiid fan gender-fluidity‘ dat Hut de namme fan syn freondinne oannommen hat as skriuwersnamme. De kommissaris, de earste dy’t dizze middei yn it Frysk syn ferhaal docht, fertelt oer syn tiid yn de Ljouwerter wyk Schieringen en hoe’t er dêr it Liwwadders learde ûnder de bingo-jûnen. Hy hie ûnderoaren fernommen wat it betsjut as fan immen sein wurd ‘sy speelt de piano’, wat ferlykber is mei it Fryske ‘sy hat in winkeltsje ûnder de skurte’.  De pianiste fan it trio Toanhûs seach al even nuver.

Joël Hut begong op syn 17e yn it Súdwesthoeks Frysk te skriuwen en hat yn de rin fan de jierren in eigen stavering ûntwikkele. Hy skriuwt ‘dören’ ynstee fan ‘doarren’ en ‘skun’ ynstee fan ‘skuon’. Earder brocht er al ferskillende titels út fia syn eigen Súdjouwerij, lykas de dichtbondel Börtersgröt en de novelle Wat oerblûwt. Hy hat ek syn eigen tydskrift yn it Súdwesthoeksk. Tolef briefkes ferskynt twa kear per jier en bestiet út in slúf mei dêryn tolve briefkes mei gedichten en ferhalen. Hut wennet yn Ljouwert en studearret Toegepaste Taalwetenschappen yn Grins. 

It Lemster wurdboek set 2700 wurden oer fan it Lemsters nei it Nederlânsk en oarsom. Der steane ek tekeningen en puzels yn en in útlis oer de útspraak fan it Lemsters klanke-apparaat. It wurdboek is in útjefte fan de stichting Oud Lemmer en te keap by Focus oan de Kortestreek yn de Lemmer foar 8,95 euro. 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.