Willem van Althuis

Publisearre op 1 november 2005

 

THOM MERCUUR –

Yn 1947, 21 jier âld, reizge Willem van Althuis ôf nei Amearika. By in boer yn New Jersey ferhierde er himsels as komelker, makke de stâlen skjin en pripte mei behelp fan in stôk mei in izeren puntop efterlitten papier. Hy waard dêr net lokkich fan en kaam yn 1950 werom nei Fryslân, dêr’t er begûn mei in oplieding ta strjitmakker. As sadanich waard er yn 1956 oansteld by de gemeente ’t Hearrenfean. Yn datselde jier learden wy inoar kennen op de postsegelclub. Willem sammele ‘Amearika’, dat lei fansels yn ’e reden, en ik ‘Nederlânsk-Indië’, ynjûn troch de boekjes Blond en Bruin dy’t ik op de legere skoalle lêzen hie.

Wy rekken mei-inoar befreone. Op ien fan ús postsegeljûnen by Willem en syn frou Anke thús, yn de Kolklaan, seach ik dat Willem goed tekenje koe. Stive tekeningen fan de Dronrypster tsjerke, hiel detailleard en perspektivysk goed.

Yn dy jierren kaam ik al geregeld by Boele Bregman en Sjoerd de Vries oer de flier, sammele keunstreproduksjes en bewûndere it wurk fan Jan Mankes. Oer postsegels gienen ús petearen al lang net mear. De keunst hie definityf syn yntree dien. Piet Mondriaan (1872-1944), Kasimir Malevitsj (1879-1935), Wassily Kandinsky (1866-1944), H.N. Werkman (1882-1945) en keunstnersgroepen as ‘Der Blaue Reiter’ (oprjochte yn 1911), ‘Die Brücke’ (oprjochte yn 1905) en it ‘Bauhaus’ (1919-1933) kamen op it aljemint, heucht my noch. It wie ek yn dy tiid dat Willem, wifkjend en ûndersykjend, begûn te skilderjen. Earst ek noch faak kopiearjend en letter alles útprobearjend, op ’e siik nei himsels.

Sjoerd de Vries hie ik al ris meinommen. Hieltyd mear rekken wy ûnder de yndruk. Willem gie syn eigen gong. Fan pigminten makke hy syn eigen ferve. Sa besiele en fol fjoer as er wie fûn er it tige dreech om him oerdeis te konsintrearjen op it strjitmeitsjen.

It wurkjen yn teamferbân foel him hieltyd swierder en konflikten en alteraasje kamen hieltyd faker foar. Letter koe syn rêch it swiere strjitmakkerswurk ek net mear oan en yn 1975 is hy dêr op ôfkard en koe er him alhiel oan it skilderjen wije.

Yn 1970 ferhuze ik nei Frjentsjer, dêr’t ik oansteld waard as konservator fan Museum ’t Coopmanshûs. Willem wie ik eefkes út it each ferlern. Yn 1967 ferhuzen Willem, Anke en de bern nei de Zestienroeden op ’t Meer, justjes ûnder ’t Hearrenfean, noch gjin 500 meter fier fan de Beneden-Knype dêr’t ienris Jan Mankes wenne. Op de Zestienroeden hat Willem syn belangrykste skilderijen makke. Syn hûs hie er ferbrede mei in prachtich atelier. Hy koe him dêr fan elkenien ôfsûnderje.

Middenyn syn atelier stie in biljert en as it skilderjen eefkes net woe, biljerte er. Dat biljert, ôfkomstich út it kafee ‘Op Hatsum’ by Dronryp, hie er kocht doe’t Jaap Wolters en ik dêr in fiskrestaurant begûnen. Yn datselde kafee hie er syn Anke troffen, dat moat him ek in goed gefoel jûn hawwe.

Yn 1972 skildere Willem it soerkoalpakhús yn ’t Hearrenfean en dêrneist in ‘abstrakte fertaling’ fan it soerkoalpakhús. Letter soe hy noch twa kear sa’n ‘twillingskilderij’ meitsje: yn 1973 fan it stasjon yn Dronryp en yn 1974 Mûntsjetille. Mûntsjetille is in brechje tusken Winsum en Lytselollum, wat hy noch koe út syn jeugd.

Op syn earste tentoanstelling yn museum ’t Coopmanshûs lutsen de ‘twillingskilderijen’ in protte belangstelling. It makke Willem bang. Der waard fan him ferwachte dat hy allinnich mar twillingskilderijen meitsje soe. ‘Se begripe leau ’k net wat ik wol,’ sei er, ‘en it moat ek gjin manierke wurde.’

Ut angst foar maniërisme wie hy wie op ’e siik nei kleuren dy’t ûnôfhinklik wienen fan wat hy bûten allegearre sjoen en yn syn holle opslein hie. It pittoreske, dêr wie er bang foar. As hy oer syn wurk prate, brûkte hy faak it wurd ‘verfschappen’: monogrome skilderijen, dy woe hy meitsje. Op syn twadde tentoanstelling yn 1975, ek yn ’t Coopmanshûs, hongen neist dy ‘twillingskilderijen’ dan ek syn ultime monogrome wurken.

De belangstelling fan bûten de provinsje wie mei rjocht en reden grut. Edy de Wilde, de doetiidske direkteur fan it Stedelijk Museum yn Amsterdam, besocht mei syn freon en konservator Jan Loenen Martinet de tentoanstelling. Willem hie ik opbelle om ek del te kommen. De manlju binne de hiele dei bleaun en omdat se sa ûnder de yndruk wienen fan sawol it wurk as fan de persoan Van Althuis, besleaten se yn 1975 in grutte tentoanstelling oan him te wijen en wurk fan him oan te keapjen.

Yn 1979 skreau Willem oan de skriuwer-dichter K. Schippers: ‘Het is intussen wel een jaar of tien geleden dat het idee van een spanningsveld bij me opkwam, waar ik ongeveer vier jaar later schuchter aan ben begonnen. Het waarom kan ik geen volledig antwoord op geven. Het heeft te maken met een zuiver visuele benadering omdat ik een soort vrees voor fantastische verbeelding heb. Het pittoreske begon ik als een kankergezwel te voelen’.

De ynfolling fan ’e dagen doe’t er net mear strjitmakker by de gemeente wie, bestie út skilderjen en lêzen yn syn, troch himsels ynrjochte, biblioteek. Soms socht ik him op en rieden wy tegearre nei Gaasterlân. Foaral Laaksum, it lytste fiskershaventsje fan Nederlân, fassinearre him. Dy lytse fiskôfslach hat er tolve kear skildere yn de perioade 1974-1985. Tolve kear, omdat hy it altyd wer oars fûn en der ferslave oan rekke, dy ienfâldige architektuer sûnder franje. ‘Ik haw it gefoel dat ik it ek skilderje kin sûnder dy fiskôfslach, ik tink dat it my dêrom sa yn ’e besnijing hat. Ik bin der ferslave oan rekke.’ Dy filosofy oer de fiskôfslach wie hiel typearjend foar him.

Nei it Stedelijk Museum eksposearre hy ek noch yn it Fries Museum te Ljouwert, it Dordts Museum, it Institut Néerlandais yn Parys en yn it Súdfrânske plakje Cagnes-sur-Mer. De NOS makke yn 1971 fan him de byldspraakfilm Willem van Althuis en de kleur, yn 1986 waard in programma makke yn de rige Openbaar Kunstbezit ûnder de titel Het landschap in de kunst en yn 1991 makke Omrop Fryslân in programma oer him mei as titel It weilitten.

Syn lêste skilderij makke Willem yn 1995. Syn sûnens waard minder. It skilderjen foel him swier en hy hie sterk it gefoel dat er alles al sein hie. It wie ek net syn styl om himsels te werheljen.

Hoe’t Willem dat oan my fertelde, makke dúdlik dat er gjin inkel tsjinpraat ferneare soe. Hy hie der lang oer neitocht en ik fernaam dat it him ferromming joech.

Yn 1996 oppenearren har by Willem de earste tekens fan de sykte fan Parkinson. Fan en ta socht ik him noch wolris op.

Allinnich, of mei de skilders Jan Snijder, Christiaan Kuitwaard en Johan van Aken. Willem wie foar harren de ‘éminence grise’ fan de skilderkeunst. Steven Sterk helle him ek noch wolris eefkes op as der in moaie tentoanstelling wie yn it Tripgemaal yn Gersleat.

Ik seach dat it him goed die en út en troch begûn er der dochs wer oer om opnij mei skilderjen te begjinnen. Spitigernôch is dêr neat mear fan kommen.

De sykte fan Parkinson teach súntsjes fierder op. Ein septimber krige Willem syn earste hertynfarkt en waard er ferpleegd yn sikehûs De Tjongerschans yn ’t Hearrenfean. Der kaam gjin ferbettering en nei in twadde ynfarkt is hy op 9 oktober om 4 oere ferstoarn.

Yn myn libben hat Willem in grutte rol spile. It bysûndere oan him wie net allinne datjinge dat er makke hat, mar foaral ek wa’t er wie. Hiel moai wie syn swijen. As jo Willem wat fregen, koe er jo hiel lang mei grutte eagen djip oansjen foar’t er antwurde. In protte minsken begûnen har dêrtroch wat ûngemaklik te fielen en kearden de holle ôf. Ik fûn it hiel eigen oan him, foaral as er dan bytiden ek nochris sei: ‘Ik wit it net’.

Yn 1975 krige Willem foar it earst fan syn libben telefoan. Ut Frjentsjer wei belle ik him op. Anke wie te winkeljen en Willem naam de telefoan op. Alhiel ferlegen mei dy foarm fan kommunikaasje antwurde er my nei’t er syn namme sein hie:

 

‘Ik hear dy wol, mar ik sjoch dy net.’

‘Ik belje wol werom Willem, as Anke thús is.’

‘Ja, dat liket my wol it bêste.’

 

Lykas syn hiele oeuvre wie dat net spile. It wie Willem. It wie ek Willem doe’t er himsels in brief skreau:

‘Bêste Willem,

Keunst is net in kwestje fan bravoer, it is in kwestje fan ynderlike

yntinsiteit, fan meidieling fan in idee. In oanfielen, in minsklike

spanning.

Willem’.

 

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 4 (2005), 9 (novimber), s. 16-18.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels