Weromfalle

Publisearre op 10 februari 2014

Achte frou Kramers,

In dosint, in horekaman, in boer, in ûndernimmer, in akkountant en ik. Mei syn seizen stean we alle wiken tusken de linen. En it giet echt net allinnich om it bier en bitterballen nei ôfrin. Wy binne bloedfanatyk; flokke, switte, laitsje omraak. Njonken technyk en spulynsjoch is it geheim fan volleybal om goed mei inoar te kommunisearjen. Tenminsten, dat seit ús trainer altyd. Yn in pear heldere wurden elkoar oanwizings jaan, der giet it neffens him om.

Dat slagget ús aardich, ek omdat wy elkoar nei al dy jierren goed kinne. Twa fan ús binne Frysktalich, ien is stedsfries, dan ha we noch in Grinzer, in Tukker en in wrâldreizger. De fiertaal is meast Nederlânsk, da’s wol sa handich. Dêr binne wy it allegear oer iens, ha wy nea in diskusje oer hân. We binne ommers gjin Afûk United. Elk hâldt him hjir ek kreas oan, pas du problème.

Mar yn it fjoer fan de striid wolle we allegear wolris weromfalle op ús eigen taal. Sadree’t de behearsking fuortfalt en wy op ús refleksen funksjonearje, klinke de gjalpen gauris yn it Frysk of yn in oare tongfal. Jout neat, want wy begripe elkoar.

Taalkundige bin ‘k net en allikemin sosjolooch, mar ik fyn it moai te sjen hoe’t soks wurket. As it der echt op oankomt, skeakelet elk blykber oer op syn memmetaal. En gjinien fynt dat slim. Ik ha der noch noait in klacht oer heard. En wittenskippers witte fansels allang dat it sa wurket, der is neat nuvers oan.

Dêrom wurd ik hielendal net goed fan dy meldkeamer-diskusje fan fannewike. Net allinnich jim beslút om meiwurkers gjin ferplichting op te lizzen Frysk te leren fyn’k ûnbegryplik, mar ek alle reaksjes op dit beslút. Les dit stikje marris, en ik bedoel dan foaral de kommintaren ûnder it stikje. Dy minsken begripe der echt niks fan. Dit hat nammentlik hielendal neat te krijen mei taalfanatisme of djipfriezerij. Dit giet oer automatysk weromfallen op jo memmetaal as jo yn need sitte.

Mar jo begripe der ek niks fan, en dy boargemasters ek net dy’t hjir akkoart mei binne. Dit probleem spilet nammentlik likegoed yn oare streken fan it noarden. Ha jo wolris by in pear âlde krinkjespuiers op it leugenbankje fan Beerta sitten en besocht it gesprek te folgjen? My koste it in kertier ear’t ik wist wêr’t de mânlju it ek mar oer hienen. En yn de kroech yn Veenoord hie’k likehurd hâlden en kearen. In petear tusken jonge minsken wie dat sels. Hindert neat, dat is moai.

No snap ik bêst dat it foar jim praktysk allegear wat ûnhandich is mei al dy dialekten, mar lit ús net ferjitte: it wie jim eigen kar om ien grutte noardlike meldkeamer yn te rjochtsjen. En ik kin mis wêze, mar neffens my binne wy der net om jim bedriuw yn stân te hâlden, mar binne jim der om ús yn libben te hâlden. Jim wurde nammers net belle troch minsken dy’t reservearje wolle foar it Rotary-diner, mar troch minsken yn panyk. En dy falle dus werom op har memmetaal.

En dús moatte jim dêr Frysk ferstean, en plat-Grinzers en Drints. Allegear. Net seure. Moat. En lit ús earlik weze: fierder kin it dochs noait sa yngewikkeld wêze om in telefoantsje oan te nimmen en in helpferliener nei it goeie plak ta te stjoeren? Dan moat feilleaze taalbehearsking fan alles dat yn it noarden sprutsen wurdt toch júst in teken fan fakmanskip wêze?

En as dat allegear net kin, dan is dy noardlike meldkeamer ien grut wanskepsel en moatte jim as de bliksem downsize nei lytse streekmeldkeamers. Want ik bin wier altyd ree om Nederlânsk te praten, of wat foar taal ek mar, mar ik kin echt net belove dat ik net op myn memmespraak weromfal as myn hûs yn de brân stiet of myn leafsten mei witikwatfoarslims op de grûn lizze.

Kom oars marris sjen op ús volleybaljûn. Dan wik ik jo dat jo it samar begripe. Noch foar ’t it oan bier en bitterballen ta is.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]