Werom yn de Wâlden

Publisearre op 12 oktober 2011

KAREN BIES –

Noch even, dan komt der wer in nij boek út fan Durk van der Ploeg. Foar de Moanne oanlieding om by him lâns te gean. It waard in persoanlik petear, net allinnich oer syn skriuwerskip, de kritiken en prizen, mar ek oer syn bernejierren en oer hoe’t er yn it libben stiet. Oer syn leefomjouwing, dêr’t er ‘geweldich gefoelich’ foar is. Hy is, nei in koart skoftke yn Dokkum, werom ferhuze nei de Wâlden. Hy wie ûnwennich. ‘Dy klaai is sa keal, sa neaken. Hjir is it waarm en smûk.’ Durk van der Ploeg wol de wrâld as in jas om him hinne fiele.

De wurkkeamer yn it hûs yn Noardburgum is lyts en smûk. Net waarm. ‘It is hjir 18 graden, dat is in goeie temperatuer om te wurkjen.’ Der is in hiel lyts rútsje op it suden. ‘Tefolle ljocht kin soms belemmerje.’ In lyts buro, in âlde kompjûter dernjonken. ‘Ik ha net folle nedich. Dy kompjûter brûk ik as skriuwmasine, fierders meitsje ik oantekens mei in pinne op in stikje papier.’ Wol in protte boeken. ‘Dit is net alles, ik ha achter noch in keammerke. Ik hie folle mear, mar mei de ferhuzing ha’k in antikwaar komme litten en sein, dit is it, pak mar yn en nim it mei.

Myn moaiste boeken en neislachwurken dy’t ik faak brûk, stean hjir noch. Mar jo moatte wolris ynkrimpe. It libben krimpt ek yn. Boppedat, der moat ek romte wêze om wer wat nijs del te setten.’
It is net sa dat de ferhuzing nei Dokkum syn skriuwerij yn ’e wei siet. ‘Ik hie dêr ek in wurkkeamer, en oft dy no ynspirearjend wie of net, dat docht der net ta. Skriuwe is bealgje. Ik ha yn Dokkum in boek skreaun en dat bin ik no oan it neiswyljen. It wie mear dat de stêd my te ûnpersoanlik wie. De leefomjouwing foldie my net. Ik ha der fjirtich jier wei west en fielde my dêr net mear thús.’

Ealsum
Durk van der Ploeg is grut wurden yn Ealsum boppe Dokkum, yn 1930 berne yn Hoogkarspel, mar op syn tredde weromgongen mei heit en mem nei Fryslân. ‘Yn de krisisjierren wie hjir net folle wurk, dus rekke ús heit nei Hollân.’ Mar se ha der mar in jier of fjouwer wenne. ‘It kaam goed út dat heit yn Dokkum wer wurk krije koe. Mem hat it dêr yn Hollân krap han, siet hiele dagen thús. Se wie ûnwennich.’

Heit van der Ploeg wie hússkilder, letter yn tsjinst fan it suvelfabryk. Der wiene fjouwer bern en Durk wie de op-ien-nei âldste. ‘Wy wennen yn Ealsum yn ’e helte fan in dûbel hûs. Op it doarp wie gjin skoalle mear. Wy gongen nei Dokkum nei de kristlik-nasjonale skoalle ta. Op ’e Fetze. Dy wie wat ‘breder’ as de skoalle mei de bibel. By ús sieten ek bern dy’t net nei tsjerke gongen. Dat fûn ik moai. Ik hâld net fan dat smelle.’

‘Sa’n tweintich bern rûnen alle dagen nei Dokkum. Fjouwer kilometer, op klompen de lange drekkige reden del, yn waar en wyn, dat wy kamen faak wiet en beslingere op skoalle oan. Net altyd op syn fraaist. De bern út de stêd wiene kreas yn ’e klean, sels mei in parapluke. Wy wiene de boerkes fan bûten, waarden mei de nekke oansjoen. Ik ha dat wol field, mar it koe my net safolle skele. Ik wie wol tefreden mei it predikaat ‘boerkes’, in oar mocht sizze wat er woe. As se ús besochten te pleagjen diene wy de klompe út.’

De ferhâlding mei Ealsum hat net de oangenaamste west. ‘Ik hie leaver op in wat grutter doarp wenne. Ealsum hie neat, allinnich in tsjerke. Dat wie de herfoarme tsjerke, mar wy gongen nei de grifformearde yn Dokkum. Wy hiene net wat fan ússels en dat hie ik graach wollen. Wy wiene fan in oar. Foar alles moasten wy nei Dokkum. Foar skoalle, it wurk, om te boadskipjen, de tsjerke. Myn kammeraat en ik woene wolris nei de herfoarme tsjerke yn it doarp, mar dat fûn ús heit net goed. Der stie in dûmny dy’t by Karl Barth studearre hie, de bekende Switserske teolooch. Barth moast neat ha fan de ferpyldering binnen de tsjerke, hy woe dat minsken in ienheid foarmen en dêryn har eigen fisy joegen. Mar heit woe dat iene, wiere leauwe. Dat joech my in beklemmend gefoel. Ik fyn de tsjerke bêst, mar as se net iepen steane foar de wrâld, dan hoecht it foar my net.

Doe’t ik in jier of tolve wie, krige ik der wolris konflikten oer mei heit. Ik stelde fragen, luts de dingen yn twifel. Heit joech gjin miening, wie fundamintalistysk: ‘Sa’t it der stiet, sa is it.’ Dat jout in bepaalde wriuwing, jo binne net mear de trouwe folgeling. Ik makke der trouwens fierder gjin spul om, hoech gjin oaren op ’e kast te jeien mei myn miening. Ik hie dêr myn eigen ideeën oer en luts my werom.’

 

Oarlochsjierren
Nei de legere skoalle gong Durk by in drukkerij yn Dokkum oan ’e slach en krige in grafyske oplieding. Fierder leare yn it fuortset ûnderwiis wie der net by. ‘Dat fûn ik wol spitich mar it skip wie no ienkear sa fearn. Op jins fjirtjinde en flak nei de oarloch wie der net folle te kiezen. It ûnderwiis wie trouwens yn ’e oarloch ek in behyplike boel. De Dútsers hiene de iepenbiere skoalle foardere, dat dy learlingen krigen by ús les. Sy gongen moarns, wy middeis, of oarsom.’

De oarlochsjierren ha in swier stimpel drukt op Durk syn jeugd. ‘It earste healjier fûn ik it wol ynteressant, dy marsjearjende Dútsers, sjongend troch ús doarp. Wy rûnen der wol achteroan. Der stie in hûs oan de Stasjonswei, dêr sieten se yn. As jonkje ha’k der wol west, in kear holpen mei fytspoetsen en doe krigen we wat lekkers. Wy waarden as bern wat troaid dêr. Mar letter hie ’k troch dat de saken oars leine, en doe waard dy ferhâlding foar my hiel fijannich. Ik wie as de dea foar dat folk. Wie doe amper mear yn ’e stêd te finen, want koest net in strjitte ynrinne of do kaamst se tsjin.
De oarloch hat my wol nekt. Der barden dingen dy’t djippe yndruk op my makken. Wy hiene in omke ûnderdûkt yn ’e hûs, dy’t op in moarn ophelle waard en tewurksteld.

Yn Ealsum waarden yn it lêste oarlochsjier in protte wapens dropt, ferstoppe yn heabulten, ierappelbulten, of op it tsjerkhôf. By ús oer de dyk wie in boerepleats dêr’t wapens wiene. In kammeraat fan my fan 16 jier kaam dêr op it hiem en is troch de Dútsers meinommen. Hy hat yn it konsintraasjekamp Wilhelmshaven sitten en kaam werom as in lyk. Foar it libben skeind. De feint fan dy pleats, Geale Postma, 22 jier, dy ha se meinommen en yn jannewaris 1945 fusillearre yn Dokkum, mei 20 oare jonges. In joadske dûmny fan de herfoarme tsjerke yn Dokkum is ophelle en yn Dachau fermoarde. Ik koe J. W. B. Cohen as sa’n rabby dy’t mei hoed, swarte jas en in grut swart burd foar de skoalle lâns rûn. Dat dy man oppakt en deamakke is, hat my bot oangrepen.

De oarloch hat my ferfoarme. As bern wurdt jo leard altyd earlik te wêzen. Fan myn njoggende ôf learden wy te ligen. Neat wie mear wier. De ûnderdûkers, of wêr’t wy de ierappels wei hiene of de weet, alles moast ferswijd of ferliigd wurde. De wierheid bestie net mear. Ik fûn it in freeslik betiizjende wrâld. In wrâld dy’t my frustrearre. Dat hat my ek fan it fuortset underwiis ôfholden. Ik wie yn ’e war. It fertrouwen yn’e wrâld wie knoeid. As bern kin jo der net de wurden foar fine, mar it wie wol sa. It is de reden dat ik letter oer de oarloch skreau, yn De Jacht (1988) en It wrede foarjier (1994). Ik moast it foarmjaan. Alles wat my bybleaun wie fan dy oarloch, ha’k fan my ôfskreaun. De literatuer wie in middel om my te uterjen, ik hoegde it net op te fretten.’


Skriuwe en lêze
De drukkerij dêr’t Durk it grafyske fak learde, Schaafsma & Brouwer, joech wetboeken út en ûnderwiisboeken foar de plysje. ‘Ik siet faak yn dy wetsteksten en sa. Mar ik woe net allinnich teksten opmeitsje en foarmje, ik woe sels skriuwe. Fansels begûn ik mei gedichten, lykas elkenien. Sa’t Douwe Kalma sein hat: ‘Yn elke jongfeint ûnder de 18 skûlet in dichter.’

Ik siet jûns te skriuwen. Begûn hieltyd mear te lêzen. Utjouwerij D.J. Kamminga yn Dokkum joech it tydskrift De Holder út en wurk fan Fedde Schurer en Douwe Kalma. De ‘happy few’ fan de Fryske literatuer siet dêr doedestiids. Ik kaam dêr gauris en Kamminga naam my dan mei nei de kelder, der’t de útjeften stiene: ‘Foar in pear gûne kinst dat spul wol fan my krije.’ Ik lies en bestudearre de Fryske en Nederlânske literatuer. It wurk fan Gerrit Achterberg en Martinus Nijhoff spruts my oan. Yn it Frysk makke Obe Postma grutte yndruk. Begjin jierren ’60 kaam ik yn de redaksje fan De Tsjerne. Dêr seagen de mannen Tamminga, Schurer en Folkertsma net sa heech by Postma op.

Ik ha meimakke dat Postma in gedicht nei De Tsjerne stjoerde – hy wie al yn de njoggentich –  en dat Schurer sei: ‘Der ha wy ek wer wat gejeuzel fan Postma.’ Ik fûn it goed en dat sei ik ek wol, mar ik krige net altyd byfal. It wie sa: Wy kinne dy man net foar de holle stjitte, dus wy nimme it op. Se begriepen neat fan de filosofyske achtergrûn fan Obe Postma. It spruts my oan fanwege de leafde foar it lân. Hy joech it in deminsje mear. Foar myn skriuwen wie er wichtich: hy hat my de wrâld oars sjen litten as dat ik him koe.’

Durk van der Ploeg hat tritich jier lang buroredakteur en boekbesprekker foar de Ljouwerter Krante west. ‘Gjin ferslachjouwer, dat soe my fierstefolle enerzjy koste ha, dan soe ik jûns ôfmêde thúskommen wêze en hie dan net mear skriuwe kind. Ik die de einredaksje fan de bylagen. Sa koe ’k sels myn tiid yndiele. Sûnt ik net mear foar de krante wurkje kin ik fulltime skriuwe. Moarns om njoggen oere gean ik oan it wurk. It komt foar dat ik hjir njoggen oere jûns noch sit, mar dan ha’k tuskentroch in flinke loop kuiere, iten en kofjedronken. Skriuwe is dissipline en transpiraasje, mear as ynspiraasje. Se bringe my net gau fan de wiis, hear! Ik wit presys wêr’t ik bin en wat ik wol. In ‘writer’s block’ kin ik net. It iennichste is dat ik soms wat nijs begjinne wol en net wit hoe. Dan rin ik as in aaisiik hin troch it hûs, mar langer as in wike duorret dat net.

Myn frou is werklik wier de grutste segen dy’t my oerkaam is: myn frou is in lêzer. Dus wy hoege inoar net te steuren. Se lêst hiele oare skriuwers as ik, boeken mei in sterk froulik elemint, dêr sil ik net in bek op sette. Jeuzelboeken. Se eamelje mar troch en ik kom net fierder as side 50. Der binne mar inkele froulike skriuwers dy’t my oansprekke.’ Van der Ploeg wiist op in rychje fan de Amerikaanske Annie Proulx. ‘Mar dy skriuwt ek as in keardel, hin? Har taal, har ynstelling is net froulik. It binne meast manlju dêr’t se oer skriuwt, dy persoansbeskriuwings, se hat se hielendal troch. Oer dy twa cowboys yn Wyoming, dat is geweldich. Har masterwurk is Scheepsberichten, in floed fan wurden mar se wit krekt wêr’t se it oer hat. En dit boek: Hels stof. Hels stof, sa is har hiele taal. It binne keardels of kloaten, ien fan beide.’

 

Rely
Durk van der Ploeg hat tusken 1957 en 1987 mar leafst 21 kear de Rely Jorritsmapriis wûn foar gedichten en ferhalen en is dêrmei rekordhâlder. ‘Achternei besjoen ha’k te faak meidien en wûn, mar ik hie it doe net sa yn ’e gaten. Ik bin opholden doe’t ik it idee hie, as ik ynstjoer ha ’k ek in priis. It wie fansels ek wol in moaie ynstruier. Ik bin wolris mei 500 gûne thúskaam, wêr krigen jo dat oars? Mei tsien siden yn De Tsjerne hiene jo dat noch net. Ik ha ek wolris tocht, as ik net ynstjoer en der bin mear dy’t sa tinke, dan kin der miskien takom jier hielendal gjin prizen útrikt wurde. In bytsje dat bewegingsidee dat Rely ek hie, troch de literatuer te stimulearjen. Boppedat woe Rely himsels ferivigje. In foarm fan idelens. Syn namme is no foar altyd oan de Fryske literatuer ferbûn. Ik tink dat der yn de jierren ‘60 en ‘70 net méar oer in skriuwer eamele en krimmenearre is as oer Rely Jorritsma.’

 

Gysbert
Foar de Gysbert Japicxpriis is Durk van der Ploeg faak neamd. ‘Te faak!’ Mar hy hat him nea krigen. ‘It hat my net sear dien. It skriuwt sûnder priis likegoed as dermei. Yn it begjin wie it oars, doe die it my wol wat. By De Jacht waard ek al sein dat ik ’m ha moatten hie, dat is no tweintich jier ferlyn. Wat my wol de kiel út begûn te hingjen wie dat Omrop Fryslân en de Ljouwerter en elkenien belle mei de fraach: ‘Jo ha ’m net wûn, meie wy kommentaar?’ De priiswinner waard net belle, se bellen my! Troch dat gedonder yn it ferline is de kâns lyts dat ik him oait krije sil. Mei literêre prizen giet it altyd om de ferrassing. Ik bin no ek safier, it hoecht net mear. It soe bêst kinne dat ik it ûnderfyn as in treastpriis, sa fan, no moat Durk him dochs noch mar ris ha. Foar my is de priis ek yn wearde ferlege. In sjuery foarmje by in wittenskiplike ynstelling is ferkeard. Ien dy’t wittenskiplik mei literatuer dwaande is, ferliest syn artistisiteit. Boppedat sitte der soms minsken yn de sjuery dy’t amper Frysk lêze kinne.

Ik moat jo sizze: ik bin net mear sa Gysbert Japicx-achtich. Ik gong altyd nei de útrikkings ta mar de lêste kear wie mei Tiny Mulder yn 1986. Net omdat ik altyd bûten de boat fal, it is omdat it my faak net nei ’t sin giet. Soms komt der in winner út, dêr begjin ik dan wat op om te studearjen en dan tink ik: moat dat it no wêze?’

 

Krityk
‘Ik ha wol hân dat ik resinsjes net iens lies. Myn frou lies se, mar ik sei: ‘Bergje se mar op.’ My falt de lêste tiid op dat de kritiken yn Fryslân gjin hout snije, gjin Schwung hawwe. Jetske Bilker is wittenskipper mar se skriuwt sa droech as de Sahara, net artistyk. We sitte hjir mei minsken dy’t frege wurde, omdat der oars net ien is. De literêre krityk is yn Fryslan sa smel. Der wurdt noait oer gearhing tusken de skriuwer as persoan en syn wurk skreaun. Wêrom kiest in skriuwer foar bepaalde ûnderwerpen? Froeger wie dat better. Hiest Anne Wadman, Jo Smit, Lolle Nauta, Fokke Sierksma, dy’t skôgings skriuwe koene mei literêre kwaliteit. Mannen mei in fin mear as in bears. Dy kamen los fan dat Fryske. Goffe Jensma is eins de iennichste fyn ik, dy’t ferstân fan literatuer hat as wittenskipper en ek noch goed skriuwe kin. Hy stelde yn in ynterview yn de Moanne ek, dat der in fernijend literatuerbelied komme moat yn Fryslân. Dat bin ik mei him iens. En dan stel ik de fraach: Hoe moatte wy de literatuer foarmjaan? Essayistyk wurdt hjir amper oan dien, yn de Moanne lês ik hast noait in essay oer literatuer. Jabik Veenbaas hat him de lêste jierren frijwat útsloofd, Abe de Vries as er sels in blomlêzing publisearret, mar oars. . .

As ik miljarden hie dan wist ik it wol. Dan soe ik in krante of in bled útjaan fan hege kwaliteit, yn it Frysk. Dêr ha ’k nachts wolris fan dreamd. Ik soe de alderbêste sjoernalisten freegje dy’t Frysk skriuwe koene, oer alle mooglike ûnderwerpen, en se goed beleanje, 1000 euro foar in artikel. Want dat is it probleem hjir ek, de beleanning, de provinsje hat der te min foar oer. Allerhande plannen mar te min jild foar kwaliteit.’

‘Ik lit krityk maklik by my delglydzje. Mar as ien my earne op wiist en hy hat gelyk, dan bin ik dêr wol gefoelich foar en sil ik der tenei om tinke. As ik dwaande bin mei in nij boek, twifelje ik oan mysels oan it lêste momint ta. It is iensum wurk en der sjocht net ien mei oer it skouder. Myn frou ek net.Want as ik ûnder it skriuwen al stjoerd wurde moat, dan wit ik net mear wêr’t ik bedarje. De redakteur en de lêskommisje fan de útjouwer binne de earsten dy’t it lêze. Se meie har miening jaan, mar ik bin úteinlik de baas. Der is wolris sein, dit mei der wol út. Dan sis ik: ‘Wolle jim it ha of net? Oars nim ik it wer mei.’ Ik beoardielje oft en hoe’t it ferbettere wurdt. Fansels ha se gelyk as ik bygelyks fiif sinnen mei ‘doe’ begjin, dat kin net. Dy lêskommisje hat wol ynfloed, mar yn de regel is dat detailkrityk. It gehiel fan it boek ha’k sels al goed bestudearre.’

‘Myn nij boek spilet yn it gebiet dat my op’e hûd skreaun is. It Lauwersseegebiet, by de see. Omdat ik de omkriten goed kin, de sfear en de minsken, hoe’t se reagearje. In nije geografy betinke, ik kin my dat besparje. Ik kin al dy paden en reden en hikken.’

It manuskript stiet noch op floppy. ‘Ik ha gjin ynternet en e-mail. Ik bin bang dat ik der dan firussen yn krij, ynfloeden fan bûtenôf. Myn kompjûter is allinnich in typemasine en ik sykje yn ensyklopedyen. Ik soe wol ynternet ha wolle mar dan op in laptop dernjonken, net troch myn wurk hinne. Jo sille in hânskrift fierhinne klearhawwe en dan in pear fan dy jonges dy’t der trochhinne fytse. . . Ik moat der net oan tinke. Gûchelje moat ik dan ek leare. Ja, ‘hisgis’ by Tresoar wit ik wol te finen. En as ik myn eigen namme yntik kin ik sjen wat se oer my skriuwe, en fansels wat se nét oer my skriuwe. It ynteressearret my net sa bot. Der wie ris ien dy’t my sa’n útdraai tastjoerde. . .’ Durk van der Ploeg laket. ‘Ha ha, dy tocht my dêr in tsjinst mei te bewizen!’

 

Thús
‘Us mem is jong stoarn, op har 61e en ús heit doe’t er 74 wie. Se ha myn literêre karriêre wol meimakke. Heit koe net altyd goed wurdearje wat ik skreau. Yn In man en in minske (1968) siet wat seksualiteit, dêr koe er hielendal net oer. Ik tocht folslein oars as hy. Wy koene der net oer prate, wy gongen it beide út ’e wei.  Us mem wie lankmoedich. Yn dat stik fan tinken lykje ik op har. En dat ik gau ûnwennich bin, lykas ús mem.

Ik fiel my yn in lânskip thús of net.We ha in skoft yn Feanwâlden wenne, tsjin it Bûtenfjild oan. Dat heart by de Wâlden, mar in beamleaze Wâlden. As it hurd waaide gong ik de beammen yn, as it net waaide de romte op. Ik wie in klaaiker, bin dêr grut wurden. Mar sûnt 1966 wenje wy yn de Wâlden – Oentsjerk, earder ek al Noardburgum, Feanwâlden –  en ik kin my der net mear los fan meitsje. Dy klaai is sa keal, sa neaken, ik moat wat smûks om my hinne ha. As ik hjir te kuierjen gean, kom ik mei skjinne skuon thús. By Dokkum hiest altyd de klaai oan ’e fuotten te hingjen. En ja, ik bin mear in man fan in doarp as fan de stêd. Heech wenje, stien en beton, ik koe der net oer. Ik mei graach mei de fuotten yn it gers stean, even in slach om it hûs hinne.

De wrâld moat as in jas om my hinne passe. En dan wol ik dy jas sels útsykje. Ik bin geweldich gefoelich foar de omjouwing. De omjouwing is ek gefoelich foar my, it is krekt as uteret dizze wrâld him tsjin my as freonlik. Ik wenje no in healjier yn Noardburgum en it is krekt of ha ’k hjir noait wei west. Ik kin de minsken noch, ik fyn it fijn as se sizze: “Ha, jim bin wer werom.” Se belje my op om in moarn meiinoar te praten oer it doarp, hoe’t it hjir giet, oft der wat feroare wurde moat. “Der komme ek in pear fan de gemeente, komme jo ek?” Dat sille se my yn in stêd noait freegje. Ik fiel my ferbûn. De ienheid en de ynhâld fan sa’n doarp. Dat is dy jas. Dan mei ’k ek graach ris even yn dy bûsen fiele.’

 

Dit ynterview mei Durk van der Ploeg is earder publisearre yn de Moanne nr. 10 fan 2008

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels