Vine, make a scene
Publisearre op 13 februari 2013
SITO WIJNGAARDEN –
Sûnt koart is Vine, in gratis app om koarte filmkes te meitsjen en te dielen fia Twitter ien fan de meast populêre app’s dy’tst op dit stuit op dyn smartphone brûke kinst.
Vine is in app wêrmei’t de brûker koarte filmkes fan maksimaal 6 sekonden meitsje kin. De app komt fan de makkers fan Twitter, mar liket kwa byldferhâlding mear op Instagram. Op dit stuit binne der lykas op Instagram in protte kreativelingen dy’t de meast ûnmooglike en moaie dingen yn 6 sekonden sjen litte.
It meitsjen fan in filmke is heel simpel want de app begjint mei filmjen sadra’tst in finger op it skerm drukst en stoppet ast it skerm loslitst. Dêrmei kinst dus ferskate bylden opnimme en ferskate perspektiven oannimme. As it filmke klear is, wurket it uploaden eins krekt sa as by Instagram. Typ in byskrift en kies fia hokker media asto dyn filmke diele wolst, bygelyks fia Twitter of Facebook.
Ofrûne wykein binne der allinnich al 100.000 Vine-filmkes fia Twitter dield. Probearje it ris en download de app. de Moanne is benijd nei dyn filmkes!
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Essay,Nije media,Opiny
HUUB MOUS - Stel dat de Leeuwarder Courant ophoudt te bestaan. Hoe zou het leven in Friesland er dan uit gaan zien? Dit gedachte-experiment bracht [...]
Kategory: Essay,Nije media,Opiny
HUUB MOUS - Op donderdag 22 april om 16.37 uur belde ik aan bij het kantoor van de Raad voor de Journalistiek in de Johannes [...]
Kategory: Nije media,Reaksje
KARIN DE MIK - Huub Mous vindt je de machtigste man van Friesland. ‘Tot meerdere glorie van God in Friesland’, is de titel van zijn [...]