Ungewoane gebeurtenissen by Kees Botman

Publisearre op 1 juli 2011

MARRIT DE SCHIFFART – (foto: Linus Harms)

Frjemde dingen binne him net frjemd. Sterker noch, Kees Botman bliuwt it leafst fier fan it bewende paad. Tegearre mei Pieter Stellingwerf is er eigener fan BUOG, Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. In teaterorganisaasje dy’t – sa’t se sels sizze – barst fan de ideeën. Ideeën dy’t liede ta ûngewoane gebeurtenissen. No’t Botman ein septimber 50 jier wurdt docht de fraach him foar wat eins de ûngewoane gebeurtenissen yn syn eigen libben binne.

‘Myn skip leit ûnder de Achmeatoer oan de Willemskade yn Ljouwert. It hjit De Bestemming, dan fynst it wol’, hie Botman sein foar de telefoan. It wenskip docht syn namme gjin ear oan, want op de ôfsprutsen tiid is De Bestemming net te finen. It plak oan de kade dêr’t it lizze moat is leech. Mar eefkes belje. ‘It skip leit yn Snits’, fertelt Botman ferûntskuldigjend, ‘ik woe der dit wykein mei fuort en tocht dan leit it dêr mar fêst. Sille wy no by kafee De Prins ôfprate? Ik kom der daalk oan.’

 

Karriêre
Botman wurket sûnt 1983 yn it Fryske teatersirkwy. Doe’t er begjin tweintich wie, krige er fia in freon wurk by Amicitia yn Snits. Hy wie dêr barman, toanielmaster en kaartsjeferkeaper tagelyk. Yn Snits realisearre er him dat de teaterwrâld by him paste, hy woe dêr fierder yn. Dy kâns krige er by Tryater. Fia Tryater koe er in oplieding Teatertechnyk folgje. In moaie oanfolling, mar Botman tinkt sels dat er syn ferfolchkarriêre as selsstannich ljochtûntwerper foaral te tankjen hat oan syn talint foar byldzjend tinken. ‘Ik tink altyd út it einresultaat wei. As ik wat betinke moat, gean ik yn de romte sitten dêr’t it plakfine moat. Wylst ik dêr sit, om my hinne sjoch en de geur opsnúf, komme de bylden fan hoe’t it wurde moat fansels yn myn holle. Ik betink it hiele plaatsje: ljocht en dekor. Dy twa dingen moatte ien wêze. Ik fyn it frjemd dat der noch hieltyd foarstellingen makke wurde mei aparte meiwurkers foar ljocht en dekor. Yn myn optyk kin dat net. Foarm, materiaal en ljocht moatte gearhingje, in totaalplaatsje foarmje en dus troch ien persoan dien wurde.’

Ungewoane gebeurtenis?
‘De kear dat ik foar Tryater it ljocht die by Richard III, in soarte fan horrorachtige foarstelling. Ik betocht doe dat der in minymûne op it poadium stean moast. Oan de wjukken moasten stroppen hingje. Ik rjochte ien felle lampe op de mûne en it poadium bleau fierder leech. Dat wie de earste kear dat ik as ljochtûntwerper ek it dekor betocht. Doe wie dat noch frjemd, no sjogge je it hieltyd mear. Ik wol yn alle gefallen noait wer oars.’

 

Thús
Thús is wêr’t it skip is. Meastentiids is dat de Ljouwerter binnenstêd. ‘Ik kin ek genietsje fan de wrâld bûten de stêd, it plattelân, de doarpen, it wetter, mar ik bin it leafst yn ’e stêd. Ik hâld fan it stedslibben, kin genietsje fan in jûnskuier lâns de grêften. Ik bin grut wurden yn Ljouwert, ken hjir in soad minsken en fiel my hjir thús.’ By heit en mem Botman wie er ek thús. Heit wie architekt en mem húsfrou. Se hawwe him leard om syn eigen idealen nei te stribjen. Botman: ‘Ik mocht dwaan wat ik woe, mar wat ik die, dat moast serieus en dêr moast ik echt foar gean. Mysels wêze mocht, ik hoegde my net te konformearjen oan de besteande systemen. Al is ús mem tagelyk ek wol wer in “keurige” frou. As ik by harren kom en ik ha my net skeard, dan seit se dêr wat fan. Us heit is romtinkender, dy seit dan dat soks kin yn de wrâld dêr’t ik my ophâld. Ik hearde lêsten immen sizzen dat er ús heit altyd troch de stêd kuierjen seach; hy hie sa’n apart loopke. Dat sizze minsken ek tsjin my, dat ik sa’n apart loopke ha. Dat ha ’k dus fan ús heit. Soks fyn ik moai om te hearren.’

Ungewoane gebeurtenis?
‘It restaurearjen fan De Bestemming. Ik kocht it skip … jier lyn. It lei yn Utert te keap. Foar’t ik it kocht, ha ik der earst in hiele middei nei sitten te sjen. Dêr oan ’e oare kant fan ’e kade foarme ik my in byld fan hoe’t it skip wurde moast. De restauraasje, de ynrjochting en de begrutting, oan de ein fan ’e middei hie ik alles yn ’e holle. Tsien jier letter seach de klipper der presys sa út as dat ik it my foarsteld hie. Dat is dochs bysûnder?’

 

As ik nei Skylge syl, lis ik hast noait oan op it eilân. De bestimming is dochs noait leuk. It giet om de reis. Dat jildt ek by myn wurk, it proses nei in foarstelling ta is it moaiste, as wy oan de premjêre ta binne, is de lol der foar my al ôf.

 

BUOG
Yn jannewaris 2001 rjochte Botman mei Pieter Stellingwerf BUOG op. Botman en Stellingwerf wurken yn dy tiid beide as selsstannige, mar kamen elkoar hieltyd faker tsjin. Nei’t se tegearre de iepening fan Simmer 2000 fersoarge hienen, fûnen se dat se in namme betinke moasten foar de kearen dat se gearwurken. Sa ûntstie BUOG. De ûndertitel hienen se al gau betocht, mar in echte namme koenen se earst net rjocht betinke en dus waard dat BUOG – de ôfkoarting fan de ûndertitel. Neist BUOG woenen se selsstannich oan it wurk bliuwe, mar BUOG krige safolle opdrachten dat se amper noch eigen projekten hawwe. Stellingwerf en Botman hâlde har benammen dwaande mei lokaasjeteater. Skiednis is faak in ynspiraasjeboarne foar de mannen. ‘As wy mei in projekt oan de slach geane, dûke wy earst de argiven fan musea of biblioteken yn. De skiednis fan in bepaald ûnderwerp bringt ús op ideeën en helpt ús fierder. Konseptueel ferdraaie wy dat faak op sa’n wize dat de skiednis op ’e achtergrûn rekket. Us ideeën binne noait konvinsjoneel. Wy wolle gjin besteande dingen betinke, mar altyd by nul begjinne. Dêrom moatte wy ús ideeën ek altyd sels útwurkje. Wy bewarje nei ôfrin faak materiaal fan de projekten, dan tinke wy dat wy dat oait wer brûke kinne, mar dat bart noait. Elk projekt stiet op himsels.’ Stellingwerf en Botman betinke de konsepten tegearre. Yn de ideeëfaze binne se lykweardich oan elkoar, mar by de útfiering fan har projekten geane se har eigen wei. Stellingwerf regissearret en Botman betinkt ljocht en dekor. Of sa’t Botman seit: ‘Pieter giet fierder mei de minsken en ik hâld my dwaande mei de dingen.’

Ungewoane gebeurtenis?
‘De farrende skoarstien, it projekt dat wy yn 2002 foar Friesland Vaart betochten. Wy setten in fabryksskoarstien fan 40 meter heech op in driuwend plein en lieten dy fan Dokkum nei De Lemmer farre. Yn alle doarpen dêr’t it plein lâns kaam, waarden kulturele aktiviteiten organisearre. De skoarstien wie like heech as de Aldehou, dus it wie net samar wat. Dat ding moast ek troch in brêge fan tolve meter heech en sân meter breed. It wie hast ûnmooglik, mar foar ús is it in útdaging om soks dan wol foarmekoar te krijen.’

 

Karakter
Botman neamt himsels in frijbûtser, mar fynt ek dat er in oare, stabilere kant hat. ‘Ik bin in typyske weachskeal, oan ’e iene kant rekalsitrant en grillich, mar oan ’e oare kant rêstich en stabyl. As ik oan myn freonen freegje soe watfoar karakter oft ik ha, soenen se sizze dat se dêr net hielendal de finger op lizze kinne. Dat seit alles neffens my. Ik fyn it lestich om my te binen en ha soms muoite mei besteande systemen.’ Botman hat noch net sa lang lyn de balâns opmakke yn syn libben. ‘In pear jier lyn ha ’k in soarte fan midlifekrisis hân. Myn wurk, myn priveesituaasje, ik wie nergens tefreden oer. En dat wylst ik alles foarelkoar hie. Myn skip wie klear, ik hie in plakje yn de maatskippij fûn en thús wie de situaasje stabyl. Dochs wie der dy ûnfrede. Ik fielde my presys sa’t de media it jo foarhâlde. Ik wist dus ûngefear wat der komme soe. Doe’t ik akseptearre hie dat ik dit dus blykber meimeitsje moast, ha ’k mysels mar foarnommen om der better út te kommen. Der is hiel wat feroare, mar neffens my te’n goede. Ik stean no makliker yn it libben, bin opportunistysker.’

Neffens Botman is it libben wol wat te fergelykjen mei in sylreis. ‘As ik nei Skylge syl, lis ik hast noait oan op it eilân. De bestimming is dochs noait leuk. It giet om de reis. Dat jildt ek by myn wurk, it proses nei in foarstelling ta is it moaiste, as wy oan de premjêre ta binne, is de lol der foar my al ôf. De reis is it doel, ek yn jins persoanlike libben. Miskien dat ik dêrom ek te meitsjen krige mei dy krisis, myn bestimming wie berikt en doe wie der neat mear oan.’

Ungewoane gebeurtenis?
‘De komst fan myn bern. Ik ha hiel lang tocht dat ik tefolle frijbûtser wie om heit te wurden. Dat is mei troch dy midlifekrisis feroare. No ha ’k twa bern, soan Oek (2) en dochter Mo-anne (1). Soms fljocht it my noch wolris oan dat ik der de kommende 18 jier foar harren wêze moat, mar ik bin tagelyk ek hiel wiis mei se.’

 

Bedriuwen hawwe jild, wy as kulturele sektor hawwe it imago. Dêr moatte je in ferbining tusken sjen te meitsjen. Troch harren namme oan kulturele festivals te ferbinen, kinne bedriuwen harren imago opkrikke.

 

Takomst
Hoe sjocht Botman nei de takomst no’t der sa beknibbele wurdt op kultuer? ‘Ik fyn dy besunigings net slim. It wie soms gewoan te maklik om oan jild te kommen, dus it mei allegearre wol wat skerper. Dochs kar ik de biezem dy’t no brûkt wurdt net hielendal goed. Der ûntstiet no in negatyf byld, it liket wol as is kultuer oerstallich en kin in maatskippij maklik sûnder kultuer. Soks moat de kulturele sektor himsels ek oanrekkenje. Blykber ha wy net genôch sjen litten. Oars hie no al lang dúdlik west dat in maatskippij net sûnder kultuer kin. It is oan ús om dat yn de takomst te bewizen. Dat kin bygelyks troch gear te wurkjen mei it bedriuwslibben. Bedriuwen hawwe jild, wy as kulturele sektor hawwe it imago. Dêr moatte je in ferbining tusken sjen te meitsjen. Troch harren namme oan kulturele festivals te ferbinen, kinne bedriuwen harren imago opkrikke. Der is in omslach nedich en ik tink dat wy dêrfoar yn dy rjochting tinke moatte.’

Ungewoane gebeurtenis?
‘Wy binne dwaande mei lokaasjeteater by de Ofslútdyk. It soe yn 2013 plakfine moatte by de Bûtenhaven. Dat is in hiel desolaat plak, ik stopje dêr altyd as ik de Ofslútdyk oerstek; eefkes oer it waad sjen. It is de bedoeling dat de besikers thús de autoradio oansette en dat de foarstelling dus al begjint as se derhinne ride. De foarstelling soe – krekt lykas de Ofslútdyk – in ferbining wêze moatte tusken Fryslân en Noard-Hollân en dus ek besikers lûke moatte út beide provinsjes. De plannen binne noch net definityf, mar wat ús oanbelanget wurdt it wer in bysûnder ûngewoane gebeurtenis!’

 

Kees Botman is ek inisjatyfnimmer en bestjoerslid fan stichting De Boadskipper. Dy stichting organisearret fan 21 oant en mei 24 july De Boat Giet Oan, in nautysk evenemint yn Drylts, Ljouwert en Snits. Twahûndert histoaryske skippen farre dy dagen de Steande Mêst-rûte en de Middelseerûte.  It evenemint is ûnderdiel fan de jierlikse byienkomst fan de Landelijke Vereniging tot Behoud van Historische Vaartuigen (LVBHV). Dy hat dit jier Fryslân útkeazen foar syn jierlikse gearkomste.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 10 (2011) 7 (july) s. 4-7.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels