Tsjoene mei inket

Publisearre op 3 juli 2019

PAUL VAN DIJK – 

Op in waarme moandeitemoarn folgje ik de kronkeldyk dy’t nei Atelier de Frije Wyn liedt. Dat is de namme fan de buorkerij yn Allingawier dêr’t keunstner Frâns Faber (1950) en syn frou Minke tahâlde. Njonken syn frije wurk (grafiek, skilderijen), is Frâns Faber al jierren warber op yllustratyf mêd. Hy makket karikaturen, yllustraasjes en lêstendeis presintearre er syn earste graphic novel Doarp oan see yn Makkum. Wy rinne nei de tafel yn ‘e keuken. ‘Earst mar in bakje tink?’. Faber is op ‘e tried en lardearret syn ferhalen mei allerhanne anekdotes oer bekende Makkumers. In dikke twa jier hat er oan dit boek wurke. In ‘ferstripping’ fan it boek Doarp oan see skreaun troch de omke fan Frâns: Hein F. Faber.

 

‘It wie prachtich om it doarp oan see dat ik sa goed ken, wer even werom te heljen út de tiid en opnij libben yn te blazen.’

 

‘Us mem wie krekt stoarn en ik kaam de boeken fan omke Hein tsjin doe’t ik har boekekast oan it útromjen wie,’ fertelt Frâns. ‘Ik hie al ferskate ferhalen fan ús omke lêzen. Dat wienen meast losse, koarte ferhalen. Dit boek wie oars, der siet in reade tried yn en dat fûn ik nijsgjirrich. Boppedat binne de ferhalen fan ús omke basearre op wiere dingen. Juster noch kaam der ien by my dy’t sei: dat stikje mei dat gewear, witst wol wa’t dat wie? Wylde Sytse! Omke Hein hat dat yn syn ferhaal ferwurke, dat is dochs prachtich!’


Proses

Faber sjocht foldien werom op it meitsjen fan it boek. Ek op de presintaasje fan it boek yn ‘de Prins’ in bekende kroech yn Makkum. ‘Fansels moatst de presintaasje dêr plakfine. Dy kroech spilet in grutte rol yn it boek. Yn dy seal haw ik myn earste film sjoen. Tryater en Rients Gratama spilen dêr. It is in nostalgysk plak foar my.’

Doarp oan see spilet begjin tritiger jierren, flak foardat de ôfslutdyk der kaam. De Toonderiaanske yndieling, plaatsjes mei de tekst derûnder, komt út de tiid dat it boek skreaun waard. ‘Ik haw it earst ek mei balloons besocht, mar dat wurke net. Fierstente folle tekst en ik woe net yn de tekst snoeie om’t it sa filmysk skreaun is. Yn 1960, de tiid dat it boek skreaun is, wie Erik de Noorman fan Hans Kresse in bekende strip. Dy strips wurken mei stroken. Hal Foster, fan Prince Valiant, die dat ek. Oan har bin ik besibbe, dêrom haw ik it ek op dizze wize dien. It tekenwurk doch ik krekt as dizze mannen mei pensiel en wetterfêste inket. Om de teksten keurich ûnder de plaatsjes te krijen wie trouwens noch in hiel gegriem. ’ Gert Jan Slagter hat der uteinlik foar soarge dat de teksten hielendal goed teplak kommen binne.

De tekenstyl fan Frâns Faber is krêftich, realistysk en mei in protte oandacht foar detail. De plaatsjes dêr’t er it sinken fan in ‘blazer’ ferbyldet is in bewiis fan syn fenomenale fakmanskip. De weagen dy’t tsjin de blazer oan kletse, it eazjen fan it reinwetter, de berûne loften, de panyk yn ‘e eagen fan de minsken: Faber tsjoenet mei inket. ‘It is mar goed dat ik it no ynlevere haw,’ seit er. ‘Oars hie ik einleas trochgien mei ferbetterjen.’


De see

‘Op fakânsje sykje wy altyd de see op. Ik kin net sûnder de see. Eartiids, nei it húswurk meitsjen, fleach ik altyd de seedyk op. Wat yn ‘e fierte stoarje. As jonkje miende ik dat ik nei see woe. Foaral mei stoarmwaar soe ik noch wolris yn in boat farre wolle. Dat haw ik fan ús heit. Dy wie fisker. Hy is úteinlik op in fabryk bedarre om’t er mei fiskjen net rûnkomme koe.’


Hertaling

Martsje de Jong hat foar de hertaling fan it ferhaal soarge. Hein Faber liet minsken in soad yn ‘e doe-tiid sizze. De Jong hat in protte tekst yn de no-tiid setten. Dêr wurdt it wat moderner fan. Faber is der hiel wiis mei. Opfallend is it Makkumers dat hjir en dêr yn it ferhaal opdûkt.

‘Ja jong, de Makkumers hienen in eigen taaltsje. In foarbyld dêrfan is bygelyks: ‘Moai waar, mi!’. Dat ‘mi’ stiet foar ‘migen’, ‘famylje’ yn it Makkumers. In bytsje sa’t se it yn Harns oer ‘seun’ hawwe. Makkumers praten staccato, rimpen. It Makkumers is spitigernôch hielendal ferlern gien.’

Faber genietet earst noch even nei fan de feestlike presintaasje fan it boek yn Makkum. Der wie in protte folk en de muzyk fan Wiltsje fan Peazens soarge foar in feestje. Foarearst sil Faber him op de ferkeap fan it boek rjochtsje, dêrnei wol er wer wat frij wurk meitsje. Lykas de skilderijen dy’t op it stuit by Museum Møhlmann yn Appingedam hingje. Mar it meitsjen fan noch in graphic novel slút er net út.
‘It wie prachtich om it doarp oan see dat ik sa goed ken, wer even werom te heljen út de tiid en opnij libben yn te blazen.’

 

Doarp oan see, Hein F. Faber en Frâns Faber. Bornmeer, 184 blz. 24,90 euro

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels