• 3 juli 2019

    PAUL VAN DIJK -  Op in waarme moandeitemoarn folgje ik de kronkeldyk dy’t nei Atelier de Frije Wyn liedt. Dat is de namme fan de buorkerij yn Allingawier dêr’t keunstner Frâns Faber (1950) en syn frou Minke tahâlde. Njonken syn frije wurk (grafiek, skilderijen), is Frâns Faber al jierren warber op yllustratyf mêd. Hy makket karikaturen, yllustraasjes en lêstendeis presintearre er syn earste graphic novel Doarp [...]