Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga

Publisearre op 18 juli 2013

MARRIT DE SCHIFFART –

Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke – dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms is er wol lilk of fertrietlik, om wat er meimakket, mar fierder is er altyd fleurich en entûsjast. Dat fyn ik ek belangryk, Tomke is in foarbyld foar in protte pjutten.’

‘Ik hâld der net fan om yn stilte te wurkjen.’ Luuk Klazenga (1964) wiist nei de televyzje út de jierren 80 dy’t op it buro stiet en it lêste nijs de keamer yn slingeret. ‘De televyzje stiet hast altyd oan, mar ik lústerje der mear nei as dat ik der nei sjoch. Sa bliuw ik op ’e hichte fan wat der bart yn ’e wrâld. Soms sykje ik moaie muzyk út op YouTube. Stil is it yn elk gefal noait as ik oan it wurk bin, ik tink dat der dan net in yllustraasje op papier komme soe.’ Tekenje docht Klazenga yn syn wenkeamer oan de Boarn yn Aldeboarn. Noch alle dagen is er tankber foar de frijheid dy’t it him jout. ‘Ik ferpleats my wolris yn minsken dy’t fan njoggen oant fiif wurkje. It griist my oan. Nee, dit libben past better by my. Ik wurkje hurd, mar wol op eigen oere en tiid. Ik ha de frijheid heech yn it findel stean.’

Einzelgänger

Dochs hat Klazenga net altyd eigen baas west. Hy begûn syn karriêre as kok by in ynstelling foar handikapte minsken. ‘Ik kaam der al gau achter dat dat neat foar my wie, alle dagen seagen der itselde út en ik koe net goed mei kollega’s omgean. Ik bin wat in einzelgänger, mei de dingen graach allinne dwaan.’ Begjin jierren 90 naam Klazenga ûntslach. Net om’t er oar wurk krigen hie, nee, hy hie der noch hielendal gjin idee fan wat er woe. ‘Ik wist allinne dat dat it net wie.’ Sûnt 1990 makke er wolris yllustraasjes foar it MSU, de Fryske ûnderwiisbegeliedingstsjinst dy’t no ûnder Cedin falt. Dat wakkere de wil om te tekenjen yn him oan. Doe’t de Afûk in pear jier letter by him kaam mei de fraach om in beuker te tekenjen foar in nij taalbefoarderingsprojekt, helle Klazenga de opdracht binnen dêr’t er no al jierren in treddepart fan syn tiid oan besteget. ‘Dat wie de grutte opdracht dy’t ik nedich hie. Doe koe ik fierder mei it yllustrearjen. Sûnder dat ik dêr eins hiel bewust foar keazen hie. Ik leau ek dat dat de wei is yn it libben; dyn gefoel folgje. Jo moatte it libben nimme sa’t it komt, der net tsjinyn gean en ek net tefolle stjoere. As ik earne in soad muoite foar doch, wurdt it neat. Dêrom lit ik de dingen altyd mar op my ôfkomme.’

De passy foar it tekenjen siet der al betiid yn. As lyts jonkje makke Klazenga al graach tekeningen op de basisskoalle yn Drachten. ‘Ik sjoch myn klassegenoaten noch om myn taffeltsje hinne stean, se woenen in tekening fan my ha om yn te kleurjen. Op de middelbere skoalle siet ik by in jonge yn ’e klasse dy’t ek goed tekenje koe. Tegearre makken wy altyd karikatueren fan dosinten. Dy jonge gong nei it fuortset ûnderwiis nei de Keunstakadeemje. Ik net: it kaam gewoan noait by my op om myn jild te fertsjinjen mei tekenjen.’

Undertusken is in libben sûnder tekenjen ûntinkber wurden foar de yllustrator. ‘Ik fyn it hearlik om te tekenjen, ferjit dan altyd alles om my hinne. By tsjinslaggen wurket it suver terapeutysk. It hat my ek echt troch myn skieding hinne sleept. Yn dy tiid stoarte ik my op it papier; wat minder as ik my fielde, wat better myn tekeningen waarden. En as ik dan klear wie, gong it alwer stikken better mei my.’

Boekenbeer

De alderearste Tomkeboekjes waarden makke yn oparbeidzjen mei it projekt Boekenpret. In projekt dat jonge bern en harren âlders motivearje moast om te lêzen, om sa de taalûntwikkeling te stimulearjen. Tomke hie itselde doel, mar dan yn it Frysk. Boekenpret hie syn eigen personaazje yn de figuer fan Boekenbeer, in bear dy’t hieltyd wer weromkaam yn de boekjes. It Tomke-projekt moast ek in eigen gesicht ha en dus waard Klazenga frege om in bern fan in jier as fjouwer te tekenjen.

Dat wie net samar klear. ‘Ik ha wol fjouwer kear in nij figuerke ynlevere’, fertelt Klazenga. ‘It persoantsje waard hieltyd ôfkard. Ik fûn it dreech om te peilen hoe’t de Afûk it hawwe woe. De fyfde ferzje wie radikaal oars as de foargeande fjouwer: ik hie it figuerke in keale holle jûn mei trije krolhierkes. Doe wie it klear!’

Om’t it Tomkeboekje de earste jierren makke waard yn gearwurking mei Boekenpret, moast de Boekenbeer ek ferwurke wurde yn de tekeninkjes. In hiel gesoademiter, neffens Klazenga. ‘Ik mocht dy bear der net sels yn tekenje fan de yllustratrise Anjo Mutsaars. Dat snap ik wol, it wie har kreaasje. En dus fleach ik alle kearen nei Haren, dêr tekene sy de bear dan yn myn yllustraasje. Ik wie bliid dat dat nei in pear jier net mear hoegde.’

Tomke-team

Klazenga genietet fan de aventoeren fan Tomke, syn hûnefreon Romke, de kangeroe Kornelia en it buorfamke Yana Yu. Neffens de yllustrator is mei dy fjouwer personaazjes it Tomke-team kompleet. ‘De fertellers kinne alle kanten op mei dy figuerkes. Alle fjouwer hawwe se har eigen funksje en karakter.’ Tomke is it naïve, entûsjaste mantsje, hy laket altyd. Romke is it ûndogenske hûntsje en Yana Yu it allochtoane boartersfreondintsje dat altyd ferrassende ideeën hat. Kornelia past altyd in bytsje op de trije oaren. Gjinien wit wa’t Kornelia no echt is. Klazenga: ‘Guon tinke dat sy Tomke syn mem is, oaren tinke dat it in muoike is. Ik wit ek net wa’t Kornelia is en dat hoech ik ek net te witten. Wy hawwe der bewust foar keazen om dat yn ’e midden te litten. Sa kin elk it foar himsels ynfolje.’

Hast alle Tomke-tekeningen komme ta stân nei oanlieding fan in ferhaaltsje fan de auteurs Riemkje Pitstra en Auck Peanstra. Sy ferrasse de yllustrator hieltyd op ’e nij. ‘Ik fyn dy ferhaaltsjes altyd wer in moaie fynst, fernuverje my deroer hoe’t se by de ûnderwerpen komme. It liket my ek dreech om op beukernivo te skriuwen. Mar dat dogge se goed, de ferhaaltsjes slute altyd oan by de belibbingswrâld fan bern. Tomke belibbet aventoeren dy’t trijejierrigen ek belibje kinne.’ Klazenga hellet de ynspiraasje foar syn tekeningen út de ferhaaltsjes. ‘As ik it ferhaal út ha, sjoch ik de tekening al foar my. Ik pak altyd in aksjemomint. Troch myn fotografysk geheugen wit ik altyd presys hoe’t guon foarwerpen derút sjen moatte.’

By it tekenjen rekket Klazenga net in kompjûter oan, hy yllustrearret op ‘ambachtlike’ wize. ‘Earst streekje ik de details út de sêne oan. Stiet der bygelyks yn it ferhaaltsje dat Tomke in jas oandocht en nei bûten giet, dan kin ik him net yn syn reade trui mei blauwe T tekenje. Ik skets de yllustraasje earst mei potlead. Dy tekening lis ik op in ljochtbak en dan tekenje ik de definitive yllustraasje mei in wetterfêste swarte stift. It ynkleurjen doch ik mei ekoline. Dy ferve jout de tekeningen de goede kleuraksinten, se wurde der libben fan. Soks soe op in kompjûter noait kinne. Dan is blau blau en read read. De flakken binne dan sa dea as in pier.’

Yllustrearje foar pjutten is in fak apart, neffens de yllustrator. It belangrykste is dat it gjin prigelwurk wurdt. It moat sa minimalistysk mooglik. De keunst fan it weilitten is Klazenga dan ek net frjemd. ‘Dat is altyd in útdaging, mar it hâldt it ek ynteressant.’

Taal

Hoewol’t Klazenga himsels it bêste uteret yn it Nederlânsk, stiet er fjouwerkant achter it doel fan it Tomke-projekt om de Fryske taal te stimulearjen. ‘Meartalichheid is belangryk foar jonge bern. It stimulearret de harsens en op sa’n jonge leeftiid pakke se in nije taal samar op.’ Mei in Drintske mem en in Fryske heit waard der thús yn Drachten meastentiids Nederlânsk praten. Dat is dan ek de memmetaal fan de yllustrator. Dochs praat en skriuwt er ek hiel maklik Frysk.

Tomke is behalve yn it Frysk ek yn it Biltsk, Stellingwerfsk, Papiamintsk en in oantal Dútsk-Fryske dialekten ferskynd. Neffens Klazenga soe it projekt him noch folle fierder útwreidzje kinne. ‘Oare minderheidstalen soenen it yntegraal oernimme kinne, se hoege allinne de ferskes en de ferhaaltsjes mar oer te setten. Ik assosjearje Tomke net ien op ien mei it Frysk, ik stean iepen foar oare talen, dêr bin ik prinsipeleas yn.’

 

 

De edukative boekjes, tekenfilms en apps oer Tomke wurde útjûn troch de Afûk. It Tomke-projekt is in Frysk lês- en taalstimulearringsprojekt, bedoeld om pjutten fertroud te meitsjen mei de Fryske taal. It jierlikse Tomke-temaboekje wurdt by mear as fiifhûndert pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen foarlêzen. De bern krije it boekje dêrnei mei nei hûs. Ek op konsultaasjeburo’s en yn biblioteken is it Tomke-temaboekje fergees te krijen. It boekje hat in oplage fan 32.000 eksimplaren. De Tomke-wurkgroep bestiet út de Afûk, Biblioteekservice Fryslân, Cedin, Omrop Fryslân en it Sintrum foar Frysktalige Berne-opfang.

 

Tekst by de yllustraasje:

Tomke hat sa’n tsien jier nedich hân om te wurden wa’t er no is. Krekt lykas Donald Duck hat Tomke minimale feroarings ûndergien. De Tomke fan earder hie bygelyks in gruttere noas en in wetterholle. Fierder hat de Tomke fan no altyd sûnreade wangen. Sokke details feroarje stap foar stap, fertelt de yllustrator. ‘Dat giet net bewust, it slûpt deryn.’ It popke sil yn de takomst net mear fierder feroarje. ‘Dit is de definitive Tomke.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels