“The sparkle of your China, the shine of your Japan”

ARJAN HUT – 

 

ik bin Berlyn

ik bin in boskje reade bommen

 

Twa willekeurige rigels út in willekeurich gedicht fan Sytse Jansma, te lêzen yn syn nije bondel ‘as nomaden yn tinten te plak’. It makket diel út fan de trijedielige iepener ‘oprop oan alle friezen’. Jansma komponearret mei yndrukken fan Dútslan (Berlyn, Prussysk blau, Tagesschau), berneprogramma’s (Sesamstrasse, Bear Boeloe) en de echo fan Douwe Kalma, poëzy dy’t jin as in tsunami (“ik dompelje alle friezen ûnder yn / prusysk blau”) oer it mat komt. It is in earlike iepener, in sinjatuerfers.

 

Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

 

Yn it folgende skift ‘de dûanier útskeakelje’ falle guon bylden (grinsoergong, ynternasjonalisme, bern wêze, kapitalisme en de poezy sels) te plak of wurde fierder ferwurke. Dy ferwurking giet op basis fan yntuïsje; in byld stapt nei in folgend byld, somtiden is it ienfâldichwei de klank fan in wurd dy’t de folgende stap bepaalt. ‘fabryk fan bylden’ hjit in gedicht en yn in oar fers út dit skift, as ‘nomaden’, fine dy bylden yn (ús) eagen ûnderdak, ‘as nomaden yn tinten te plak’.

It is in twatalige bondel, Frysk – Nederlânsk. De dichter hat sels de oersettings makke. Meidat de oersettings aardich frij binne, krijt de lêzer yndrukken mei fan hoe’t Jansma te wurk giet. Somtiden sil earst de Nederlânsktalige ferzje ûntstien wêze. Ik kin my bygelyks net foarstelle dat Jansma earst ‘har skientme yn tategejammer’ (It Fenusfeest) skreaun hat en dêrnei op de oersetting ‘haar melkmuilende schoonheid’ (Het Venusfeest) kommen is. Mar wa wit?

Dat men in fers net yn al syn nuanses en assosjaasjes hoecht oer te setten, lit it slotfers ‘op ien mêst kinst gjin seeën oer sjen’. De Fryske ferzje boartet mei de klanken fan de wurden mem, heit, omke en muoike. Dy boarterijen falle yn ‘op een mast overbrug je geen zeeën’ hielendal fuort, mar it smyt likegoed in nijsgjirrich fers op, in hiel oars en nij fers hast.

De lêste trije skiften hjitte ‘Landscapes’, ‘Bodyscapes’ en ‘Seascapes’. Jansma stroffelet akrobatysk troch de taal (“hoera de sneinsfytser troch it hubba-bubbaboulân”). Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

Toponimen wurde kreatyf brûkt. Ik moast dêrby gauris tinke oan de rigel “Won’t you show me / the shine of your Japan / the sparkle of your china” út it ferske Bodhisatva fan Steely Dan:

 

macht fan myn blanke appalachen / ûntbleatet him (s. 61)

lit my gekke fratsen (…) as botswana’s brûke (s. 64)

 

Underwerpen út de aktualiteit komt op in soad plakken werom, mar de wurden binne isolearre en yn in oar ferbân plakt. Nomaden, moskeeën, taliban, Guantanamo, ‘arabysk is ús heitelân’, ‘it drama-islam fan jim gejammer’, bygelyks, soene by elke oare skriuwer warskynlik nei flechtlingen en de oarloch tsjin it terreur ferwize, by Jansma binne it gewoan boublokken fan taal dy’t passe yn in fersen dêr’t likegoed frisbees fleane, amtners slampamperje of in krekt troud stel brune bôle yt yn har wite wiken.

Guon fersen binne wûnderlik grappich (‘fallussimmernachten‘, ‘de ballen fan de bolle’) en oaren boartlik mysterieus (‘binnen de kontoeren fan it model’, ‘minne slaven’). Soms wol in wurdbouwsel net rjocht in gedicht wurde (‘de hellepoarten fan de see’ bygelyks, stoart yn fan de byldedrokte). Krekt wat krampachtiger wurdt it neffens my ek as Jansma syn fynsten en wurdbouwwurken yn fêstere foarmen trôpet. Sa binne de gedichten yn landscapes allegear opboud út fiif kear twa rigels. Rigels rinne dan yninoar oer en sa ûntsteane nije ferbannen, dat wol, mar it makket it lêzen wer wat taaier en dat liket my ûnnedich. Dêrfandinne fyn ik it te priizgjen dat er fierder de gedichten har eigen, ferrassende en fernuverjende foarmen fine lit.

 

Sytse Jansma, as nomaden yn tinten teplak. Utjouwerij Afûk, 2015. €17,50

Comments
2 reaksjes oan ““The sparkle of your China, the shine of your Japan””
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.