fotografy: Sanne Peper

Tamara Schoppert yn de rol fan ‘ús Greta’

MARRIT DE SCHIFFART – 

‘In keukentafelkomeedzje mei in grimmitich rantsje’, sa omskriuwt Tryater De Presidintes. It stik, in moderne klassiker út 1990, fertelt it ferhaal fan trije froulju dy’t al ratteljend en rabjend by de keukentafel it libben oertinke en allerhande ûnmooglike fantasyen by de kop hawwe. Banale ûnderwerpen – troch it ûnderliif bepaald, mar brocht op in hast poëtyske wize – komme oan bod. Tema is it rjocht op gelok. Tamara Schoppert, aktrise fan it Tryater-ensemble, spilet Greta, ien fan de trije personaazjes. Ris sjen wat in ‘echt’ keukentafelpetear mei har opleveret.

Deis nei de iepenbiere repetysje en in wike foar de offisjele premjêre fan De Presidintes docht Tamara Schoppert (30 maart 1968) har ferhaal. Nei in repetysjeperioade fan 7 wiken binne de spylsters oan publyk ta. ‘Wy kenne it stik no wol. Op in gegeven momint komst op sa’n punt datst foar de safolste kear in grap dy’tst sels al lang net mear grappich fynst, de lege seal yn slingerest. Ast dan ek noch begjinst te tinken dat dy grap miskien écht wol net grappich is, dan witst: it is tiid foar publyk.’ En gelokkich, dat publyk seach justerjûn de humor wol yn fan de keukentafelkomeedzje. Mar ek de oare kant fan De Presidintes – de hurde kant fan it libben – kaam oer. Grutte fraach nei de foarstelling wie wat no eins de moraal wie. Tamara: ‘Ferskate minsken ha my dêr nei frege. De Presidintes hat yn elk gefal net allinne mar in nihilistyske moraal. Sa fan: it libben is neat en sil ek nea wat wurde. Gelokkich net, want dat is net wat ik oerbringe wol mei teater. Eins litte wy mei De Presidintes sjen hokfoar ûnhandige streken oft dy froulju úthelje yn har striid om gelok. Mar it antwurd – it finen fan it gelok – bliuwt sykjen. Gelokkich mar, want oars soe elk tinke fan “sa moat it”. En dat is net de bedoeling.’

Werner Schwab

De Presidintes waard skreaun yn 1990 en wie it alderearste stik fan de Eastenrykske skriuwer Werner Schwab. It wie ek it earste fan de yn totaal fjouwer saneamde fekaliëndrama’s fan Schwab. Dy ‘poepdrama’s’ sloegen begjin jierren njoggentich yn as in bom. Schwab brûkte de minsklike trochgong as metafoar foar de maatskiplike bearput en joech poep dêrmei in poadium. Tamara: ‘Dat wie doe fansels skokkend. Schwab ûnthillige ek it teater. It stik hie doedestiids ek gjin ein. Neffens Schwab syn skript moasten trije nije spylsters de rollen oan ’e ein oernimme en wer gewoan by it begjin begjinne. Dy soenen dan krekt salang trochspylje oant it publyk fuortgong. Hiel eksperiminteel. Allinne net mear fan dizze tiid. Dêr kinne wy no net mear mei oankomme. Dat hawwe wy dan ek net oernommen.’

Sûnt it ferskinen yn 1990 waard De Presidintes oeral yn Europa spile. No – nei goed tweintich jier – wurdt it al in klassiker neamd. Neffens Tamara komt dat troch it ynhâldlike tema; dat is noch hieltyd aktueel. ‘Der binne hjoed-de-dei in soad minsken lilk en ûntefreden yn Nederlân. Dy lilkens fertaalt him ûnder oaren yn de polityk, yn de partijen dêr’t op stimd wurdt en de toan dy’t oanslein wurdt. De oarsaak fan dy ûntwikkelingen leit eins by it feit dat minsken fine dat se rjocht hawwe op gelok, op har part fan de koeke. Dat tema is fan alle tiden.’

Schwab wie in opmerklik persoan; hy koe de sin fan it libben net rjocht fine. Ek foar Erna, Marytsje en Greta – de trije personaazjes út De Presidintes – is it libben hurd en somtiden inketswart. Mar de hilaryske wize wêrop’t Schwab harren delset en foaral de taal dy’t er harren útkreamje lit, makket fan De Presidintes in komeedzje. ‘It is in talich stik’, fertelt Tamara. ‘Schwab leit de froulju in konstruearre taal yn ’e mûle. Sa stiet der bygelyks foar in hiel soad wurden “in”: in reusachtich gelok, in skytpapier. De teksten fan de froulju binne, neist rjocht foar de raap, heechdravend, poëtysk en bekakt. En dat wylst de ûnderwerpen ordinêr, banaal en somtiden sels ûnsmaaklik binne. Dy kombinaasje makket De Presidintes ta wat it is.’

It begryp ‘keukentafelkomeedzje’ komt fan Tryater-dramaturge Berthe Spoelstra. Jos van Kan regissearret it stik en Bouke Oldenhof fersoarge de oersetting. Net in maklike taak foar Oldenhof, om’t de taal fan Schwab knap hermetysk is yn syn foarm.  Tamara: ‘De struktuer wie sa twingend, dêr foel net mei te rommeljen. It wie in kwestje fan goede wurden fine, fierder wie der net folle frijheid. Ja, de ein, dy ha wy op ’e flier dus feroare.’

Erna, Marytsje en Greta

De fekaliëndrama’s waarden yn ’93 en ’94 alle fjouwer achterelkoar op ’e planken brocht troch toanielgroep De Trust, ûnder rezjy fan Theu Boermans. No is ien dêrfan dus wer werom. Net allinne by Tryater, mar ek by Theu Boermans. Hy regissearret it stik ditkear foar it Nationaal Toneel yn in koproduksje mei Het Derde Bedrijf. Hy frege dêrfoar deselde aktrises as tweintich jier lyn: Anneke Blok, Marisa van Eyle en Miranda Jongeling. De foarstellingen falle tafallich presys tagelyk mei de Fryske ferzje. As tarieding op har rol hie Tamara sjen kinnen nei de âlde bylden út ’93. ‘Dy mooglikheid wie der ja. Ik hie de dvd’s opfreegje kinnen, mar dat woe ik net. Ik woe der just mei in iepen blik ynstappe; Greta op myn eigen wize delsette.’

De oare rollen yn de Fryske ferzje wurde spile troch Aly Bruinsma en Alyt Damstra. De earste krûpt yn de hûd fan AOW’ster Erna, dy’t de fotolistkes foar it neiteam al klearhingjen hat, mar har soan Herman wegeret pertinint om dêroan mei te wurkjen. Alyt Damstra spilet de wc-juffer Marytsje dy’t oplibbet sadree’t se in húske mei bleate hannen ûntstopje mei, mar de stront net allinne letterlik nei boppen hellet. It personaazje Greta hâldt har eks-man de hân boppe de holle wylst hy har nei Australië emigrearre dochter misbrûkt hat. In moaie rol, sa’t Tamara sels seit. ‘Oan ’e iene kant is Greta it stereotype personaazje dat drinkt, rookt en hunkeret nei manlju. Mar oan de oare kant sit der folle mear yn. Se is gulzich, ûnferskillich, fleurich, ûnhandich en optimistysk, mar hat ek in djip fertriet, dat se trouwens leafst weiwiuwt. De útdaging is om al dy kanten sjen te litten. Net allinne dat platte personaazje, mar ek de ûnderlizzende lagen. Ik fyn it moai om Greta sa kleurryk mooglik del te setten. Ynlibje fyn ik altyd in lestich wurd. Want hoe dochst dat? Sels besykje ik altyd om út te sykjen wat de meganismen fan in personaazje binne. Hoe reagearret se yn it stik? Knalt se der bygelyks fuort op of wachtet se ôf en is se timide? Ut sokke reaksjes distillearje ik karaktereigenskippen en dy besykje ik op it poadium allegearre neistelkoar nei foaren te bringen.’

Rjocht op gelok

Reade tried yn De Presidintes is it rjocht op gelok. Hoe tinkt de aktrise dêr sels oer? Tamara: ‘Ik fyn it deaferfelend dat minsken miene dat se altyd gelokkich wêze moatte. Krekt as is gelok in gefoel datst berikke moatst. De dagen datst net gelokkich bist, binne dan op foarhân al ferlerne dagen. En dat wylst sokke dagen ek in oanfolling op it libben wêze kinne. Fansels giet alles my ek net altyd like maklik ôf; ik meitsje it libben wol mei, sis mar. Mar gelokkich bin ik by steat om negative ûnderfinings de goede kant wer op te draaien. Dat hat fansels ek mei myn karakter te krijen, ik bin in optimist. Al hat dy eigenskip wol in kear nommen yn de rin fan ’e jierren. Foarhinne wie ik nayf optimistysk, no mear realistysk optimistysk. Ik ha mear soarch, mar bin noch hieltyd net in soarchlik persoan. Ik fiel mysels in sneinsbern. Ik bin gelokkich, sawol yn myn priveelibben as yn myn wurk. Dit wurk is my min ofte mear oerkommen, dêr bin ik bliid mei. Fierder binne myn direkte neisten allegearre sûn. En ek sy hâlde har dwaande mei saken dêr’t se bliid fan wurde. Dat is belangryk.’

De Presidintes draait ek om de krêft fan de fantasij. De froulju fantasearje oer hoe’t it libben wêze kin. Dêrby litte se harsels net altyd fan de moaiste kant sjen. Dat is tagelyk de twaspjalt fan it stik, neffens Tamara. ‘Oan de iene kant prate de froulju oer freeslike saken. Mar oan de oare kant wurdt dat op sa’n wize brocht dat it hilarysk is. Dochs tink ik dat it publyk al laitsjende by harsels neigean sil oft se sels miskien ek net sa binne. Yn dy sin hâldst dyn besikers fansels altyd in spegel foar. Ik moat earlik sizze dat ik dat ek die. Sa moast ik tajaan dat ik krekt as Greta wolris in ferhaal fan in oar persoan oernim. Ut entûsjasme harkje ik dan net mear nei dy oare, mar bats ik deroerhinne mei myn ferzje fan sa’n selde soart ferhaal.’ Is dat ek it moaie fan teater? It weromkeppeljen nei de werklikheid? ‘Ja, dat fyn ik wol. By teater – en per definysje by dit stik – kinst mei in ôfstân sjen nei de ûnhandichheid, de pine en de lilkens fan in oar. It kanalisearret de werklikheid. Foardiel fan teater is dat it gjin konsekwinsjes hat. As soks dy yn it echte libben rekket, hat it gefolgen en konsekwinsjes. Yn it teater kinst dy der just dea om gnize. Teater kin dus tagelyk foar wat selsrelativearring soargje.’ Neffens Tamara is De Presidintes ek in foarstelling dêr’t de ideeën fan de Dútske teatermakker Heiner Müller oer ‘Wirkung’ en ‘Erfolg’ op ta te passen binne. ‘Dit is typysk sa’n foarstelling dy’t trochwurkje kin op ’e lange termyn (Wirkung). Op sa’n wize dat it publyk in wike letter tinkt fan “O, mar dêr gong dy foarstelling dus oer”. De ynfolling komt letter, wannear’tst deroan weromtinkst. Dat wol net sizze dat der ûnder de foarstelling neat binnenkomt (Erfolg). Ek dan wurdt it publyk wier wol fermakke. Mar ik tink dat der in hiele soad binne dy’t der letter wer ris oan weromtinke sille.’

Erkenning en weardichheid

Erna, Marytsje en Greta harren langstme nei erkenning en weardichheid is grut. Werkenber yn dizze wrâld fan zien en gezien worden? ‘Ik tink dat erkenning in basisbehoefte is. Elk wol sjoen wurde en elk wol hearre dat men derta docht. Sels de minsken dy’t sizze dat se mei rêst litten wurde wolle. Dat is fan alle tiden. Anno 2011 uteret dat him yn de sosjale media. Ik sit net op Facebook en twitterje ek net, mar dat is puer út selsbeskerming. Ik tink nammentlik dat ik it wol leuk fyn, bin sels bang dat ik der hielendal yn opgean sil. Mar ik wol dêr gjin tiid ynstekke. De sosjale media dogge in berop op it gefoel dat wy neat misse kinne. Mar de fraach is oft it slim is as wy dingen misse. Want wat moatte wy mei al dy ûnnoadige ynformaasje? Ik wol net alles fan in oar witte. En dat wylst ik wol fyn dat elk derta docht. Elk hat rjocht op zien en gezien worden. Ek Erna, Marytsje en Greta.’ Hawwe wy dan dochs in moraal te pakken? Tamara, laitsjend: ‘Dat soe spitich wêze.’

 

 

 

De Presidintes

Yn de wenkeuken fan in trochsnee hûs, yn in trochsnee doarp, sitte trije trochsnee froulju bymekoar. Se prate oer it libben, oer harren noeden en soargen en oer eangst en lilkens. It gelok wurdt harren net samar gund. Yn harren fantasy meitsje se it libben nijsgjirriger en moaier. Se dreame fan in wrâld dêr’t sy as presidintes fan in sprankeljend libben, mei genôch bier en woarst, elkenien oan harren fuotten lizzen ha.

De trije froulju rattelje en rabje en hawwe spul oer hoe’t it libben wêze kin. Se laitsje en fantasearje frijút: brutaal, wreed, hilarysk en grinsleas. Want harren langstme nei erkenning en weardichheid is grut. Oant ien fan harren te fier giet…

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.