Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.
fotografy: Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.

Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.

It portret is hjoed troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dizze seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.

De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).

Mear ynformaasje oer Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus is te lêzen op de Fryske literatuerwebside www.sirkwy.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.