Dichtersjûn mei marimbamuzyk
Dichters út allerhanne fermiddens sille foardrage op it Boskpoadium yn Obe. De Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma sil optrede en dichter Edwin de Groot fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema, Christa Nicklewicz en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht.
Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.
De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.
Programma
19.30 ynrin mei kofje en tee
20.00 wolkom
20.05 Marco Merijn Klute (2 gedichten)
20.10 Edwin de Groot (2 gedichten)
20.15 Afrida Adema (2 gedichten)
20.20 Optreden Gerben Jongsma (muzyk fan: Debussy (1862 – 1918) – Prelude no. 6: Des pas sur la ‘forêt’ en Abe (1937) – Wind Sketch
20.35 Christa Niklewicz (2 gedichten)
20.40 Jetze de Vries ( 2 gedichten) Bosklabmakker
20.45 Sigrid Kingma (2 gedichten)
20.50 Skoft
21.05 Marco Merijn (mei marimba begelieding) , Edwin, Afrida (elk 1 gedicht)
21.15 Optreden Gerben Jongsma (muzyk fan: Jongsma (2002) – Maaitiidssketsen (2022) en noch in fibrafoanstik
21.25 Christa en Jetze (elk 1 gedicht)
21.30 Sigrid Kingma, slotgedicht mei begelieding fan Gerben Jongsma
21.35: dien