De ferkearspuzzel fan Marsum

Publisearre op 4 november 2022

ERIK BETTEN –

Yn 1929 wie de Rykswei 9 in moderne ferbining, dy’t fan Harns nei Ljouwert rûn. Mar der siet noch ien knyppunt op ’e rûte: Marsum. Rykswettersteat woe ôf fan it gefaarlike trasee oer de terp hinne, en wie der al gau út. Der koe moai in nije dyk komme, dwers troch de monumintale tún fan it Poptaslot. En it skeelde net folle of dêr wie foar keazen ek.

Tresoar, Poptaslot

Tresoar, Poptaslot

It is de simmer fan 1929. De wrâld is yn rekôrtempo dwaande himsels lytser en lytser te meitsjen. De Amerikanen slagget it om in fleantúch fertrekke en weromkomme te litten op in zeppelin yn ’e loft, in Dútske oseaanstomer fart fan Bremerhaven nei New York yn noch gjin fiif dagen en it wurk oan de Ofslútdyk giet stadich troch. Underwilens sjogge fjouwer Fryske notabelen, de fâden fan it Poptaslot, ferheard op fan pealtsjes dy’t fan west nei east rinne, dwers troch de histoaryske tún yn Marsum.

Rillegau docht bliken dat dat net samar pealtsjes binne. It is it wurk fan lânmjitters fan Rykswettersteat, dy’t miene de bêste oplossing fûn te hawwen foar it knyppunt dat Marsum foarmet. Op dat momint rint de Rykswei 9 nammentlik yn ien streek fan Frjentsjer nei Ljouwert, mei mar ien obstakel: de smelle passaazje oer de terp fan Marsum, yn kombinaasje mei de gefaarlike krusing by kafee Het Grauwe Paard.

De tramline tusken Frjentsjer en Ljouwert hat earder al in oplossing fûn yn de foarm fan in omlieding, dy’t oan ’e noardkant fan de terp rint. Foar de Rykswei soe dy opsje lykwols betsjutte dat de auto’s en motoaren de tramline in pear kear kruse moatte. En de besteande dyk oer de terp breder meitsje is ek in hiele opjefte. Dat it moat de tún fan it slot mar wêze, dat skeelt in soad sloopwurk. 

In ‘vandalistisch plan’

Mar dat sjogge de fâden fan it Poptaslot, ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan wat ek wol Heringastate hjit, fansels hiel oars. De brief dy’t sy op 17 july 1929 oan de minister fan Wettersteat stjoere, is sa skerp as mar kin. Mr. W.B. Buma (dy’t sels neist it slot wennet), rjochtbankpresidint Mr. C.W. Stheeman, rjochter Mr. Ph. baron van Harinxma thoe Slooten en Mr. D. van Welderen baron Rengers sprekke har ‘grootst mogelyke verbazing’ út oer it foarnimmen fan de Fryske ôfdieling fan Rykswettersteat.

Se wize derop dat de nije dyk skean troch de tún rinne sil, oer de slotgrêft hinne, en it Popta-Gasthuis fan it slot sels skiede sil. Boppedat sil in grut part fan de grêft dimpt wurde moatte. Wat folget is in fûl betooch:

Ansichtkaart Gasthuis 1900 1925 met bewoonsters Uitgever Boekhandel van der Velde FFA

Tresoar, ansichtkaart Gasthuis 1900 – 1925

‘Het Popta-slot, dateerende van het begin der 16e eeuw, is van hooge architectonische waarde en is een unicum in de Provincie Friesland. De tuin verhoogt, naar zich gemakkelyk laat denken, zyne artistieke schoonheid ten zeerste en de aanleg van een verkeersweg, midden door dien tuin, zou aan het aspect van het geheel een buitengewoon groote en onherstelbare schade toebrengen. (…) Binnen de te onteigenen strook van den buitentuin valt een gedeelte van de buitengewoon fraaie notenlaan, die in de oorlogsjaren door het Departement van Oorlog werd gespaard. Het is met den meesten aandrang dat Voogden van genoemd Gasthuis Uwer Excellentie verzoeken aan den Rykswaterstaat in Friesland te doen weten, dat dit ongetwyfeld ook naar de meening van Uwe Excellentie vandalistische plan tot schennis van een der schoonste kunsthistorische monumenten in deze Provincie, met zyne gracht, zyn tuin en het Gasthuis één onverbrekelyk geheel vormend, dat jaarlyks door tal van vreemdelingen wordt bezocht, in geen geval zal worden uitgevoerd.’

De fâden spylje it tûk, en jouwe de minister de kâns om de ferantwurdlikheid del te lizzen by in wat al te warbere provinsjale ôfdieling. En it bliuwt net by in pittige brief út Fryslân wei.

Bond Heemschut

De Bond Heemschut komt ek mei de driging foar it histoaryske slot yn ’e kunde en de siktaris fan de organisaasje, de arsjitekt A.A. Kok, skriuwt in tal stikken om it skansearjen fan it Popta-kompleks foar te kommen, bygelyks yn it moanneblêd fan de Bond sels, dat yn oktober 1929 iepenet mei in ferslach fan it krewearjen fan de Bond om alternativen oan te wizen foar in dyk dwers troch ‘een der merkwaardigste bezienswaardigheden van Nederland’. Dêrta is Kok sels ôfreizge nei Marsum ‘om oude herinneringen op te frisschen en te zien welk ontstellend verkeer daar wel in Marssum zoude zijn, noodig makende de verwoesting van een der lieflijkste dorpen, noodig makende de scheiding van Popta-Gasthuis en Heringa-State, sedert eeuwen door oprechte trouw verbonden.’

By it stik stiet in kaartsje mei de fjouwer opsjes dy’t Rykswettersteat op dat stuit noch oerwaget. Opsje 3 is noch hieltyd it trochsnijen fan de Popta-tún. ‘We verslinden niet wat bestemd is onzen kinderen na te laten. Wat zouden ze zeggen. Vader waar is de schoonheid gebleven welke gij onder uw beheer hebt gehad om ze voor ons te behouden en te bewaren? Daar praten we dus niet verder over; dat gebeurt niet, kort en goed.’

Opsje 1 is it ferbreedzjen fan de Buorren. Kok stelt him op yn de strjitte en hie ‘kostelijk tijd de dorpsarchitectuur te bezichtigen, want er kwam geen kip aan. Wat een vredige rust.’ Dan sjocht er ris by it krúspunt by Het Grauwe Paard. ‘Foei wat stond dat witte kroeghuis op den hoek daar leelijk; alle zicht weg.’ Kok moat tajaan dat dêr wol wat te ferbetterjen is, mar it ferbreedzjen fan de Buorren lost dat net op. ‘Moet er ruimte komen, dan is ’t oog gericht op den Zuidkant. Daar staan gerijd de groepen woninkjes van ’t Popta-Gasthuis, een oudere groep, een latere, een gloednieuwe, ’n fraai oud Poortje, bij elkaar iets zoodanig eigendommelijk Friesch dat men plots beseft de dwaasheid.’

Opsje 2 (it folgjen fan it trasee fan de tram) en 4 (fierder nei it suden, ûnder it slot del) fynt Kok ek niks. Benammen it lêste, wêrby’t in tal huzen en in pleats ferdwine moatte foar ‘het wereldgenotbrengende asphalt’ stiet him tsjin. ‘Zoo dicht bij Heringa-State dat de gracht, de omloopweg, de sfeer bedorven wordt. (…) Hoe kan ’s menschen geest zooiets bedenken!’

Kok slút ôf mei in eigen opsje: it slopen fan de gebouwen op de hoeken fan it krúspunt, leafst ek de kroech. Sa komt der genôch sicht en hoecht der fierders net in soad te feroarjen.

Yn de parse

Ek de Fryske kranten folje kolommen mei de kwestje yn it neijier fan 1929. It Leeuwarder Nieuwsblad ferbaast him deroer dat Rykswettersteat by it úteinsetten gjin kontakt socht hat mei de fâden fan it slot, en oer it hiele plan sels. ‘Men vraagt zich af: waartoe dienen schoonheidscommissies, van overheidswege aangesteld, die (en terecht) in actie komen als een boer een nieuwe stookhut op z’n erf wil bouwen, als zulk een vandalisme door den Staat zelf gepleegd kan worden?’

Op 4 novimber 1929 komt de krante mei in nij stik oer ‘De verkeerspuzzle van Marsum’. Dat der in ferbettering nedich is fan de ferkearssituaasje yn Marsum, stiet foar de krante fêst. En dat de tsjinst by de oanlis fan moderne diken net mei alle partikuliere belangen rekken hâlde kin, fynt de krante ek fanselssprekkend. It wurdt oars as in gebou as algemien besit beskôge wurde kin. ‘Dat is b.v. het geval met de Popta-stichting, die wegens haar eigenaardig karakter, als een algemeen Friesch cultuurbezit kan worden aangemerkt. Behoud van dit zeldzame complex gebouwen en aaneengesloten omgeving is een algemeen belang. Bezien we nu uit dat oogpunt de vier geprojecteerde verbeteringsplannen, dan is het derde, dwars door den slottuin, natuurlijk zonder meer verwerpelijk.’

De krante komt sels mei in fiifde plan: ‘n.l. door nog verder Zuidelijk uit te wijken, dan volgens het vierde plan. Men zou dan weliswaar een groote bocht Zuidelijk om het dorp maken, doch deze kan daardoor ook zo flauw genomen worden, dat het snelverkeer in onverminderd tempo kan[YS1]  doorgaan.’ 

It lange wachtsjen

Tresoar, Leeuwarder Nieuwsblad

It is dat fiifde plan dat úteinlik ek oppakt wurdt troch Rykswettersteat. Dat it Poptaslot, it Gasthuis en de slottún feilich binne, is ein 1929 wol dúdlik. Mar foar Marsum sil de ûnwissens oer de ferkearssituaasje noch jierren duorje. Yn 1936 kin de Leeuwarder Courant skriuwe dat de plannen fan Rykswettersteat ‘ernstige stagnatie ondervonden’. Foar de omlieding oan de súdkant fan it doarp rint de tsjinst op tsjin wjerstân fan de gemeente Menaldumadeel en it suvelfabryk. Neffens de krante wurdt úteinlik in oplossing fûn mei de oanlis fan in daam yn de de doetiiidske Marsumer Feart en it graven fan in nij kanaal tusken de haven en de Ingelumer Feart. Dêrmei is it paad frijmakke foar de nije dyk.

Oktober 1938 is it dan safier dat de earste auto’s oer de brede, nije Rykswei ûnder Marsum troch sjitte. De fâden fan it Poptaslot sille op in kuier troch de histoaryske tún it ferkearslûd grif heard hawwe, mar oan it byld fan slot-mei-gasthûs-en-tún is neat feroare. En no’t de Heak om Ljouwert in hiel nij trasee folget tusken de stêd en Ljouwert, hast in iuw nei alle opskuor, jildt dat gelokkich noch altyd.

Erik Betten is histoarikus, skriuwer en sjoernalist

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Skjirpapier

Dit artikel is part fan de rige Skjirpapier, dy’t yn gearwurking mei Tresoar in jier lang dy argyfstikken nei foaren hellet dy’t net passe by hoe’t wy de wrâld no it leafste besjen wolle. Dêr’t oare opfettingen oer minderheden, it lânskip of de moraal út sprekke. Of dy’t te pynlik binne om mei de krekte distânsje te beskôgjen.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels