Preston Losack

Understeboppe Baas

Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar waard op dichtersdei 26 jannewaris Operaesje Fers út de wintersliep helle. De opnamen foar de legindaryske dichterstillefoan binne digitalisearre en wer te beharkjen. Neffens Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, is dêrmei in belofte oan dichter (en dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf) Tsjisse Hettema (1955-2021) ynlost. Meindert Bylsma, mei-oprjochter fan Operaesje Fers yn 1968, wie ien fan de oanwêzigen. Ferskate dichters fan no droegen foar, ûnder oaren Preston Losack. Syn oarspronklik meartalich fers Zottekoning waard nei it Frysk oerset troch Joël Hut.

Understeboppe Baas

“Wie der ea in tiid dêr’tst yn
Skienst troch aldermiterlikste saken,
Inoarren oan it sykjen yn
In blauwere fûgels aken?
Figgels fielden follere guor
Goedich geilen fjouwer hich
Galske smoargen dochsen sjoch
Stoareach strune strontsiik mich!”

“De sinnen foarset – bist al trije –
Troch tippels moarns en jûns te krijen
Dit ûntwerp hjir yn ’e hannen
Noch ûnder fan ’e dichterstannen
Lit de hiele rykstaal skite
Skriuw no “toskeflokterskrite!”
Hoechd neat wurdich, hoechd noch tûk:
Wy nimme wartaal yn gebrûk!”

“Wurd foar wurd it mear der nei!
Ammers hoela amper wei
Of it friske ’t woansdeisear
Om oers te kreskjen mei dyn tongehear!
Harkje gompich! Skriem op sjid!
Lês wat sinnends oer wat heal ferstiet
En laitsje doe’t ik ûnbeliis!
Hap no nei myn letteries!
En slaan op doarren oant ’en ein
Foar nare tyfus nitelsain!”

“Is net slim, juh, ast myn taaltsje kenst.
Wurdst raar derfan? Ast mar hearst
Hoe’t ik ta de protters raas.”
Sa sei de baas ûndersteboppe baas!

Comments
2 reaksjes oan “Understeboppe Baas”
  1. Albert Schaafsma schreef:

    Pracht idee! Kin it lêzen noch hieltyd poerbêst lije.

  2. Lubbert Jan de Vries schreef:

    Wûndermoaie oersetting Joël baas !!!!!!!!!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.